Posts

Posts uit november, 2013 tonen

Top safolle?

Afbeelding
Tsja. In opropke op Facebook kin samar ta in soad reaksjes liede. Sa wie der in skoftsje lyn ris in post oer in sutelaksje, de rest soe skiednis wêze kinne. Juster wer sa'n opstiging. It wie in oere as njoggen jûns of sa. Ik siet wat te pingeljen op de gitaar, dat doch ik wol faker, it tredde akkoard sit der no hast yn nei fjouwer jier oefenjen. As ik 85 bin, soe it wolris wat wurde kinne... Goed, ik ferfeelde my en dan wurde je klierich. Wat is Facebook  dan ín útkomst. It prachtige nûmer Niemand In De Stad fan De Dijk sette my oan it tinken oer Nederlânsktalige popnûmers. En dan leafst net de meideiners, elts syn ding, mar dat is neat foar my. Dus, de folgjende tekst op Feestboek setten: Noch efkes in koarte fraach: wat fine jim de moaiste Nederlânsktalige popsong? Wy binne hast in dei fierder en der binne sa'n 85 reaksjes binnen. Machtich moaie nûmers sitte der tusken! De fraach kaam wat ik der no mei dwaan soe. Dat wit ik eins net. Mar ik sil alle nûmers mar ris op i

Tradysje

Leeuwarder Courant 26 november 2031 Hardnekkige traditie bruut kop ingedrukt Zwarte Piet en Sint aangehouden   Van onze binnenlandredactie Leeuwarden- In het uiterste oosten van de provincie heeft de politie gisteravond hard ingegrepen bij wat door omstanders als een kinderfeest werd omschreven. Een negroïde opgemaakte man met een jutezak vol calorierijk snoepgoed liep naast een wit paard, waar een man in kolderieke kledij op zat. Volgens politiewoordvoerder Anne Nauta boog de rug van het op deze manier mishandelde dier vervaarlijk door. ‘De man wie wol 85 kilo, dat kin sa’n hynder fansels hjoed-de-dei kwa ARBO easken net mear ferneare,’ aldus een zichtbaar emotionele Nauta, die geen goed woord over had voor het schouwspel. ‘De dieders woenen in foute tradysje, nammentlik dy fan Sinteklaas en Swarte Piet, nij libben ynblaze.’ Dat vanwege racisme en obesitas reeds lang verboden ‘kinderfeest’, waarbij een dubieuze weldoener en een hem vergezellende zwart gekleur

Roadtrip

It bloch fan hjoed stiet hjir

KH2018 en de Stellingwerven

Juster wie yn de biblioteek fan Easterwâlde de feestlike útrikking fan de Stellingwarver Schrieveri'jpries 2013. Ik wie frege om yn de sjuery plak te nimmen, mei Abel Darwinkel en Peter Riksma. Dy lêste wie foarsitter en lies in moai rapport foar oer it winnende ferhaal fan Sjoukje Oosterloo-Tiesinga. Carolien Hunneman wie spesjaal út Finlân oerkaam, dêr't se wennet, om muzikaal de jûn oan te klaaien, in taak dêr't se mei har moaie harksankjes tige yn slagge. Jelke Nijboer, foarsitter fan de H.J. Bergveldpries prate de jûn oanelkoar en dat is by him wol yn goede hannen. Al mei al in moai stikje reklame foar de Stellingwerver taal. Wethâlder Sierd de Boer mocht de priis útrikke, en fansels, sa as dat by in wethâlder heart, hie er dêr in taspraak by skreaun. Ik mei wol sizze dat dêr in boadskip yn siet. De Boer fage om koart te kriemen de flier oan mei it bidboek fan KH2018, omdat dêr mei gjin wurd oer de taal en kulturele rykdom fan de Stellingwerven rept wurdt. 'Da

Sutelaksje evaluaasje

Yn in foar my foar de rest folslein oerstallige bylage fan de LC stiet altyd in stikje oer in pear redakteuren dy't in útspanning besykje en harren dêr foar in rûchwei in bankje oan iten foarsette litte. Wol nijsgjirrige matearje, foaral foar de eigner fan de tinte, want komme jo der wat knap foarwei of baarne se jo ta de grûn ôf? Dat deskundige team eamelt dan oer liflafjes dy't wol of krekt net op de ( foar harren) ideale smaak wêze soenen. Jo binne dus oerlevere oan de grillen fan dy minsken. Stel ien hat in gypke ûnder de lea, de smaakpapillen binne oantaaste en troch de barstende pine yn de kop hat de man/frou hielendal gjin sin oan iten. Mar ja, der moat in stikje komme, dus stoef trochfrette en mei it smoar yn in stikje skriuwe. Jo sille dy útbater mar wêze. Neat mis mei it iten, mar wol mei de iter. Swier de pineut. Wy ha juster ek út iten west. Net nei in hippe tinte yn De Hoofdplaats, mar nei in gewoane doarpskroech. Se hienen der al 4G, dat is it fermelden wurdi

Ferwizing

It bloch fan hjoed stiet hjir en hjir .

Siik fan de Libor

Afbeelding
Op it plaatsje hjirûnder sjogge jim hokker finansjele konsekwinsjes der tsjinoer de neamde oertredings steane. Yn Dútslân is alles better, mar der binne ek mear Dútsers dy't belesting betelje kinne om dyselden dy't ditsoarte saken betinke, te beteljen. Hoe dan ek, it oersjoach is helder. Ik ha it fan Martsje de Jong har facebook ôf kopiearre. Dizze bekeurings falt yn 'e regel net oer te diskusearjen. Se steane fêst. Earlik sein meitsje ik my oan njoggen fan de tsien oertredings wolris skuldich. Dat doar ik bêst ta te jaan. Jim sille der raar guod oer spuie en stikem itselde tinke en dwaan as wat ik skriuw. Want as je wat hastich binne wurdt alles floeiber. Neat minsliks is my frjemd. As ik dêr in bekeuring foar krij flok ik miskien al in kear, omdat ik it der net mei iens bin, mar wit eins wol dat ik de bekeuring betelje moat. Sa wurket it no ien kear. No, nee dus. Ik ha it ferkearde berop. Better hie ik my dwaande hâlde kinnen mei de Libor rinte. Gjin flau idee wat i

Waarsiik

Afbeelding
Ik wol graach myn ergernis útsprekke oer in fenomeen dat him de lêste jierren foardocht. Nee, gjin swarte piet gedoch. Ek neat oer kiezersbedroch of lekkerij, sels net oer dwaze plannen oer in tocht op keunstiis. Is my de muoite net wurdich. Ik ha wol wat oars om my drok oer te meitsjen. It sit sa, ik soe eins nei it arkje ta. Sterker, dêr hie ik al wêze sillen. Troch in nuveraardich barren yn Bitgum, Bitgummole en Ingelum is ien en oar wat ferskood. Mar dat kaam net sa beroerd út, want dan wie ik yn elts gefal klear mei it hjerstwurk. Miende ik. It is hjoed 16-11-2013 en ik wit net, mar as ik sa nei de beammen sjoch, liket it wol septimber. Dy sneue âldman op syn skimmel mei syn optarre slaven ride troch de fallende blêden hinne. Dat is dochs in drama. Aanst komt it noch safier dat wy op nijjiersdei noch fluch efkes it paad blêdfrij meitsje moatte. En ik ha dizze wike noch oan it meanen west, hjir en dêr rint noch in beslach fee yn it lân. Gers by de rûs. 6 oktober wie de ro

F-kes

It bloch fan hjoed stiet hjir

It bloch fan hjoed

Afbeelding
Pompidom, pompidom...

Stront, diel trije

Afbeelding
Ik tink net dat jim witte wat op dizze foto stiet. It is ek net strikt needsaaklik dat jim it witte, mar no't jimme dochs oan it lêzen binne it folgjende. Wy hienen de lêste tiid wat gemiter mei de ondergrondse transportbuis, dy't fan de pot nei de dyk rint. It is wat in fiis praatsje, mar se sizze altyd dat stront skjinner as jild is, omdat der noch nea immen mei de hannen oan sitten hat. No hoecht dat fan my ek net perfoarst, brulloftsje dogge wy net mear. Soks begjint yn 'e regel op freed, as der nimmen mear nochteren is en it wykein as in tornado oer it lân raast. Dan ha jo sa yts fan: 'Ferhip, dat wetter yn de pot sakket mar min.' Ek steane jo dan yn de dûs oant de ankels ta yn lij wetter. Op himsels net slim, mar net de bedoeling. Jo kinne jo eigen resten oangeande earte en wat dan ek mar kopketûmeljend yn de pot werom sjen, as wie it in sirkus. Treflik, mar opnij net de bedoeling. No wie dizze ellinde alris earder oan de oarder, de gemeente hat my d

It M. wurd

Afbeelding
It ferskil tusken in slagge aksje bûtendoar yn novimber en in tige slagge aksje bûtendoar yn novimber lit him riede. It waar. Ik hie jûns tusken fiif en seis oere de rutewiskers op standje hûnehokken doe't ik de boeken wer nei Ljouwert brocht en ik hie der net oan tinke moatten dat we dat waar de hiele dei hân hienen. Hulde oan alle frijwilligers, guon dy't oan de ein ta bleaun binne om te helpen, de minsken fan Ons Huis, de sponsors fan kroaden, snert, kratten en wit ik wat mear. Wy woenen boeken sjen litte oan de minsken en dat is tige slagge. De reaksjes kamen yn boskjes binnen. Fannemoarn giet dat yn rap tempo troch. Oant no ta gjin wanklanken, alhoewol der grif saken oars kind en moatten hienen. Alles sil neibesprutsen wurde troch Rommert, Hilda, Martsje, Jacob, Daam, Willem en my. Foar no: in pear oerkes sutelje en dan melde kinne dat der foar 4500 euro skreaun Frysk oan de man/frou/bern brocht is liket my moai nijs om de snein mei yn te gean en in bytsje nei te g

Moarn sutelje

Moarn is it safier. Nei minder as in moanne tarieding sille in soad Fryske skriuwers en frijwilligers mei Fryske boeken by de doarren lâns yn Bitgum, Bitgummole en Ingelum. It hat my fernuvere hoefolle minsken yn it spier kaam binne om belangeleas harren meiwurking oan de aksje te jaan. 'It komt wol goed,' hearden wy geregeld op de fergaderingen.  Doarpsminsken dy't de karre lûke. 'Ach, as ik dy en dy efkes freegje, dy ha ek noch wol...' Sa sawat. En it kaam foarinoar. As it no om kroaden, winkelkarren, snert of it meitsjen fan flyers, listen en in hiele soad oare saken giet: 'It komt wol goed.'  De wâldpiken steane bekend om 'Wy rêde dermei,' no, it hat bliken dien dat se dêr op de klaai ek wol wat fan kinne. Hulde. No noch wat moai waar, it liket neffens buienradar moarnier aardich droech. Mochten der minsken wêze dy't in slach op de fyts om wolle, der is yn Ons Huis noch in lytse foarried oan boeken. Dêr sit in bekende Fries dy't se jim

Kykjeflap en The Man In Black

Och heden, wat in aardichheid. Jo feroarje in foto en de reaksjes streame binnen. Foar guon dy't net begripe wêr't ik it oer ha: Op Twitter en Facebook ha jo in saneamde profylfoto. Kinne de minsken sjen hokker omkoal der efter al dy flauwe berjochten sit. Oant hjoed ta hie ik der ien foar brûkt dêr't ik in Simmer yn Fryslân bril fan de Omrop op de kop hie. No is it mei de simmer hast dien, hoewol, froast ha wy noch net. Mar de dagen wurde al koarter, dus tiid foar in nije foto. It komt net sa faak foar dat ik op de foto kom. Dizze wike al. Ik krige in pear foarbylden tastjoerd en dêr ha ik dyselde útsocht dêr't ik frijwat swart op sjoch. Mei tastimming fan de fotograaf, lit ik dat der by sizze. No, dan komme se hear, de reaksjes. Elts hat der in miening oer. Se wolle dat ik laitsje op dy foto. Mark Rutte is yn Fryslân, Diederik Samsom hat der west of komt hast wer, in stream lanlike hotemetoten besiket te rêden wat der te rêden falt oangeande de gemeenteferkiezin

In mearke

It mearke fan de hazze en it wykbehear. Der wie ris in hazze. Ek wie der it wykbehear en twa kuierders. Dy belibben in spannend aventoer. De kuierders wienen fan doel en gean nei iten in slach om. In kilometer as fiif, om it iten wat sakje te litten. Dat hie op harren leeftyd noch in twadde doel, mar om dat út te lizzen soe yn dit ferhaal oerstallich wêze. It hie wat mei kilo’s te krijen. It wie net alhiel droech, in sêfte storein mei droege buien, krekt genôch of temin om net wiet te wurden en/of thús te bliuwen. Sa sawat. Se besleaten om ien fan harren fêste rûtes te nimmen. Koe krekt binnen it oere, wisten se út ûnderfining. Doe’t se it doarp út rûnen, kaam harren in buske fan it wykbehear efterop. Mei yn de laadbak wat sammele guod dat minsken grif op de dyk smiten hienen. De iene kuierder woe ha dat se dat yn de bak lizze lieten om oan elts de yndruk te jaan dat se tige harren bêst dienen. Wy skriuwe de fiifde minút fan de kuier. Soks is wichtich, mar dêr komm

Ferkearshufters

De oerheid docht flink syn bêst om Nederlân te feroarjen yn in lân dêr't allinnich noch mar berjochten út de risikoleaze mienskip ferskine. Juster ha wy in slach troch de bosk west. Dêr stiet neffens de trouwe gezagsdragers hast de deastraf op. Der soe wolris in takke falle kinne. No, it foel my op dat de measte beammen noch oerein stienen. En in takke kin altyd falle. Hjoed wie yn it nijs dat de ferkearsboetes omheech moatte om de ferkearshufters oan te pakken. Ik ha it wolris earder sein, meie de boetes dan ek omheech foar lju dy't oeral 15 kilometer te stadich ride en de oare ferkearsdielnimmers dêrmei it bloed ûnder de neilen weihelje? En mei de boete dan ek omheech foar de lju dy't net mear witte dat der in spegel yn harren auto sit? Dy't allinnich mar mei it swit yn de hannen stiif foar harren út sjogge? Dy lju moatte jo dan ek oanpakke, want dy binne ek in gefaar op de dyk. Grutte kâns dat krekt dat folk dizze regels betinkt om harren eigen ûnfermogen om fatso

Suitelen doet men met boeken in den kruiwagen, menschen.

Afbeelding