In mearke
It
mearke fan de hazze en it wykbehear.
Der wie ris in hazze. Ek wie der it wykbehear en twa
kuierders. Dy belibben in spannend aventoer.
De kuierders wienen fan doel en gean nei iten in slach om.
In kilometer as fiif, om it iten wat sakje te litten. Dat hie op harren leeftyd
noch in twadde doel, mar om dat út te lizzen soe yn dit ferhaal oerstallich
wêze. It hie wat mei kilo’s te krijen.
It wie net alhiel droech, in sêfte storein mei droege
buien, krekt genôch of temin om net wiet te wurden en/of thús te bliuwen. Sa
sawat.
Se besleaten om ien fan harren fêste rûtes te nimmen. Koe
krekt binnen it oere, wisten se út ûnderfining. Doe’t se it doarp út rûnen,
kaam harren in buske fan it wykbehear efterop. Mei yn de laadbak wat sammele
guod dat minsken grif op de dyk smiten hienen. De iene kuierder woe ha dat se
dat yn de bak lizze lieten om oan elts de yndruk te jaan dat se tige harren
bêst dienen.
Wy skriuwe de fiifde minút fan de kuier. Soks is
wichtich, mar dêr komme jim letter pas efter. Om de spanning beet te hâlden sis
ik it no mar fêst.
It buske fan it wykbehear wie rap út it sicht. De rein
wiksele yn rap tempo fan hast droech nei aardich wiet en wer werom. De
kuierders kamen by in pear beammen del dy’t in dei as wat earder omwaaid
wienen. De leidings fan in ferskaat oan nutsbedriuwen rûnen troch de woartels
hinne, de iene kuierder tocht dat it noch wol in skoft duorje koe foardat al dy
nutsbedriuwen op ien line sieten en aksje ûndernimme soenen de beammen op te
rêden. It stekje dat it plak fan de gefaarlike situaasje markearre, wie
omriden. Tryst lei it yn de berm. Funksjeleas.
De kuierders setten de stap der mar flink yn, de tee dy’t
thús wachte yn de efterholle. Se kamen troch it buordoarpke, hjir en dêr in
bytsje takkeboel yn de berm as stille tsjûgen fan de stoarm. Healwei it doarp
sloegen se it bekende paad yn dat harren rjochting harren eigen doarp bringe
soe. Doe’t se in bocht omsloegen seagen se yn de fierte it buske fan it
wykbehear stean. De iene kuierder seach op syn klokje.
Wy skriuwe de 45e minút fan de kuier. Fan belang is om te
melden dat de ôfstân tusken de earste kear dat se it buske seagen en de twadde
kear foar it buske omtrint 2 minuten riden wie. Dêr sitte 43 tusken. Komt
daliks. No wurdt it spannend, minsken.
De iene kuierder miende dat er wat bewegen seach. Nee,
net yn it buske, dat wie te fier fuort. Yn de sleat, sawat healwei harren en it
buske. Doe’t se der hast oan ta wienen, beweegde it wer. ‘Ik miende al dat ik
wat seach,’ sei de oare kuierder.
‘Ik ek, mar it woe my net oan,’ sei de oare. ‘Mar wat is
it?’
It wie in hazze dy’t rûntsjes draaide yn de hast droege
sleat. In klassyk gefal fan in hazze mei harsensbeskeadiging. Demint of in
slach mei de moalpûde hân, sa gedroech it dier him. Hy bleau ûnderyn de sleat
sitten en like net by machte om der út te klimmen. De kuierders stienen der nei
te sjen.
Al dy tiid gjin beweech yn en om it buske fan it
wykbehear.
De iene kuierder krige in stok en besocht de sneue hazze
út de sleat te helpen. It bist wie hast oan boppen ta doe’t er wer werom foel.
Dit werhelle him in kear as wat. It wie foar de iene kuierder reden om it bist
dan mar yn it nekfel te pakken en nei it tichtstby lizzende stik greide te
bringen.
Mei de hazze yn it nekfel rûn hy by it buske fan it
wykbehear del. Hy wrotte wat oan de hikke om, dy’t kreas it lân fan it paad
ôffrede. Dat wrotten joech wat leven. De hazze joech gjin leven doe’t de kuierder
him del sette. Hy seach om him hinne mei in gesicht fan: ‘Hie my de genedeklap
mar jûn, dit wurdt dochs neat mear mei my.’
De kuierder hearde in doar...
Der stie ien yn in oranje overal mei de mûle in ein iepen
nei it tafriel te sjen. Hy like krekt wekker. De kuierder die de hikke wer
ticht en stapte fierder, tegearre mei de oare kuierder.
Wy skriuwe de 55e minút fan de tocht.
‘Wat no as wy gjin hazze troch de hikke setten hienen?’
‘Dan hienen se beide noch djip yn sliep west...’
En sa eindige dizze spannende tocht. Soe de gemeentelike
belesting dit jier ek omheech gean?
En se libben noch lang en lokkich...
Reacties
Een reactie posten