Posts

Posts uit oktober, 2011 tonen

Teunis Piersma

It wurdt al mar drokker op de wrâld. Neffens berekkeningen sil de populaasje fan de meast ferachtlike soart dy't hjir omstapt, de minsk, yn 2050 op syn of har hichtepunt wêze. Op himsels ha'k net safolle op de measte minsken tsjin, hear, mar se meitsje der sa'n potsje fan. Oant 2050 komme der dus miljarden by. As alles goed giet, lis ik om dy tiid hinne de holle sawat del, of hy leit al. Ik sil de delgong yn oantallen dus net meimeitsje. Wy libje yn de opgeande weach, om samar te sizzen. Dat is ferhipte relatyf, want mei dat it sa drok wurdt, rinne we elkoar ek mear foar de fuotten, en komme der dus spannings. Op alderhande mêd. Iten bygelyks. Dat is no al in drama, lit stean mei noch in miljard as wat opfretters der by. It sil dus wol wer oarloch wurde. Miskien net ferkeard, as der dan mar in moaie soad opromme wurde. Dêr hat Oppenheimer in goed middel foar betocht. Hawar, sa moatte we net. No wie Teunis Piersma hjoed op de radio. En dy hie in nijsgjirrich ferhaal oe

Ik bin earst!!!

Afbeelding
Dit jier ha'k my foarnaam de earste te wêzen. Dus sla ik dy hiele sinterklazeboel oer, en ha Rudolf fan de souder helle. Moarn set ik him op it sket, en bin oant nijjier klear mei alle kommersjêle rotsoai. Lang libje Rudolf!!!

Wintertiid

De hjerst en de betide winter is de tiid fan wyld en nuten. Dat sizze se. En de tiid dat de klok in oere efterút moat. Wêrom is folslein de fraach, de ljochtfersmoarging sil der neffens my net minder fan wurde. Dus yn april mar gjin keunsten wer, en moai op dizze tiid stean litte. Juster, of eins fannemoarn, kaam ik der achter dat dy klokweromsetterij noch in neidiel hat. It Feen wûn mei 4-0, en dus sitte jo dan noflik. Foaral omdat de klok in oere stilstean moat. Myn sweager hat in poerbêste tsiiswinkel yn de Hoofdplaats, en hy ferkeapet ek nuten. Dêr bin ik sljocht op. Wâlnuten, wol te ferstean. Pinda's, tamme kastanjes en wâlnuten, dêr meie se my wol foar wekker meitsje. Fannacht makken de wâlnuten my dus wekker. In stik kramp yn de bealch, net bêst. Mar, it lei noflik, dat lizzen bliuwe fansels. De snein sette yn mei trije besites oan de húskepot. De details sil ik jim besparje, mar in soad tarieding om ta de saak te kommen wie net nedich. Dêr woe ik it mar by litte. O

Halloween

Afbeelding
Efkes koart krieme, ik ha it drok. Sit midden yn de tarieding fan it Halloween feest fan junior. It spinreach en de swarte flearmûzen hingje hjir en dêr, en de keardel dy't hjir earder wenne sil jûn wer troch it hok spoekje. Dat it in wite sanegeit fan sawat 20 jier is, och, dat ha se dochs net yn de gaten. Super Sytske, altyd yn foar in geintsje. De tocht troch Het Buitenste Buitenbos stiet ek op it program, no mar hoopje dat Bor de Wolf lûd jout. Ik tink dat it wol goed komt. Mocht it net spannend genôch wêze, ha ik ek in plan B. As se weromkomme út de bosk, lit ik in team hinnen fladderje. Dy sjogge gjin miter yn it tsjuster. Garandearre spektakel. In dei as wat gjin aaien ha'k der wol foar oer. Taheakke: Super Sytske. The ghost in the shed.

Kadootsje foar mysels

Wêr sille we it ris oer ha. De repetearjende Euro krisis? Nee. Bert werom nei de roots Middel? Nee. Robert gokferslaafd Veenstra? No, dêr wol ik it noch wolris oer ha. Mar hjoed? Nee. Pieter lekker by mem op de bank Spinder? Nee. Lit ik no ris wat oer hjoed fertelle. En it kadootsje dat ik oan mysels jûn ha. Dat is in saak dy't net faak foarkomt. Ik bin net sa fan de gadgets yn de foarm fan klean of sa. Mar hjoed bin ik mysels raar te bûten gien. Sûnt junior op de pony sit, ha ik nea oanstriid hân om ek sa'n apparaat oan te skaffen. Hoe oars is dat mei har oare hobby. Gitaarles. Oei, dat is eltse kear wer binnenkomme yn in snobbersguodwinkel. Ik ha in geweldige gitaar. In elektryske. As je goed oan de hals skuorre, giet it lûd mei in oktaaf omheech. Pure kwaliteit dus. Mar net echt. Sjoch, ik bin fansels yn de moanne fan it Fryske boek folslein binnenrûn, dat ha jim wol yn de gaten. Hoech nea wer in slach te dwaan, en dan ha'k it noch net iens oer de royalty'

Jild fertsjinje

Michael Jackson docht it mar goed. Hy fertsjinne, nee, hy krige ferline jier noch in knappe 120 miljoen byskreaun. Elvis, wêrfan't se al jierren sizze dat er dea is, pakte dochs noch in skamper fan 55 miljoen mei. Der binne dagen dat ik minder ha. Rembrandt syn wurk is no net te beteljen, wylst er frijwat earm syn lêste asem útblaasde. Nuver dat it wurk fan keunstners faaks pas wurdearre en op wearde skatten wurdt as se der net mear binne. Wat dat oanbelanget is der foar de hjoeddeistige wrotters en wramers dus hoop. Allinnich ha je der sa'n ferhipt lyts bytsje oan...

Klupliet

Afbeelding
It wie it doel om hjoed it klupliet fan Sc-Hearrenfean op myn bloch te setten. Ik ha it efkes opsocht op YouTube, en bin der foar omlizzen gien. It nammentlik net om oan te hearren. Freeslik. Echt wier. Dat nei al dy jierren noch gjin fatsoenlik fers produsearre is, seit wat. Wy ha echt wol in klupliet, en dat is dit:

De Andries Knevel fraach

Foar de fêste folgers is it gjin geheim. Op freed gean ik nei de pony ta. Foar de goede oarder en om dat no ien kear de wrâld út te krijen: Ik sit der net op. Junior wol. Myn jeugdtrauma mei in Shetlanner dy't op 'e rin gie en my fan de rêch mitere wie reden genôch om nea wer op sa'n meunster te stappen. Soks is 20.30 dien. En dan wol ik graach nei hûs. Dus hurry-up yn de auto en gas. Dat foel in nét neutrale plysje yn in wól neutrale plysjeauto op. Net dat it drok wie, miskien júst dêrom wol, mar hy sette my en junior oan de kant. Ik hie him al in skoft yn de peiling, hear. Se bliuwe in pear hûndert meter efter jo riden, mar krekt wat te opfallend. Dus hie ik yn in bocht de riem al fêst omdien, dat is better foar it saldo, mocht it al op skriuwen oankomme. O, sa fatstoenlik, dit hearskap. Frege netsjes om it rydbewiis, en dat hie ik ek noch by my. Wer minder jild kwyt. En dan komt de Andries Knevelfraach: 'Witte jo wol wêrom ik jo oan de kant set ha?' Freesl

MijnAgnes.nl

Je ha websides yn soarten. En mei de meast nuvere nammen. In tal foarbylden? Hoedoeik.nl Watmoetikdoen.nl Watmoetikleren.nl Kanikeenkortebroekaan.nl Gekkermoethetnietworden.nl Der sille grif noch in berch aparte nammen wêze. Der wurdt op dit stuit in soad reklame makke foar in side mei in wol yn it each springende titel. Stel jo ha pine yn de holle, in lamme poat, sommige minsken ha yn beide fuotten in kûgel, guon miene dat se lêst fan de fallende blêden ha, ergenis oer motorseagjende buorlju, tinteljende winterteannen, kryststress, in ûnbetwingber lângstme nei lawinepylken, of sterk it idee dat jo deskundich binne op in mêd dat yn de waan fan de dei net fan de TV te slaan is. Dan leit it foar de hân dat jo dêr in piltsje foar krije. Wol of net foarskreaun troch in dokter, of troch in kwakzalver. Grutte kâns dat je fan it ynnimmen fan dy pil, wol of net feroarsake tusken de earen, wat oerhâlde, of ekstra op ta krije. Ha dan gjin noed. Agnes Kant is jo ferlosser yn dizze

Goed nijs út Grins!

Ja, dat soenen je net daliks fan Stikelstekker ferwachtsje, mar as it der is, moat it ek opskreaun wurde. It grutte nijs giet hjoed net oer in deade diktator, mar komt dochs echt út Grins. Imperial Tobacco skrast in oantal banen, mar ta myn grutte blidens bliuwt de produksje fan it lekkerste merk tabak yn Grins. Se kinne dêr net safolle, mar goede tabak meitsje is de útsûndering op de regel. Dat suertsjeguod fan de Jouwer is neat by de Javaanske Jonges, hear. Hoe't se it dogge, dogge se it. Niemeyer Tembaco, trijekwart mei reade Rizla. En it komt út: Grins. Net te leauwen.

Sûpkeet

De sûpkeet by Koudum mei iepen bliuwe. De gemeente hat belies jaan moatten. Daliks in warskôging foar dy jongerein: Foar no. Want nei de nedige fergaderingen sil der fêst opnij besocht wurde dit stikje ferdjêr de nekke om te draaien. Apart. Dy bestjoerders binne nea lyts en ûndogensk west, sa't it liket. Ha nea earne op in plak dêr't dat net mei, in pilske snapt. Ha nea in joint smookt, ek net doe't se studint wienen. Ha, en dat is dan wol wer wierskynlik, nea mei in ploech maten in lekker feestje fierd. Se binne sa blank as in leelje. En och sa ferstannich. Miskien sels koartlyn wol op flirtkursus west. Dus moatte se de jongerein op it goede paad sjen te bringen, krekt sa saai as sy dat dien ha. No, it leit wol efkes oars. Ik woe se net graach de kost jaan, dyselde bestjoerders dy't wike op wike lamlazerus earne yn in studintestêd fan de brêge pissen. Dy't, as se de moed opbringe koenen, mei in pak spikers yn de kop de kolleezjebanken ynskoden, mei in glês bie

Fryslân opheffe

De PVV yn de Steaten wol net dat Fryslân opgiet yn in grut Grins. Om de eigen kultuer, taal ensafh. Krekt. Doe bleau it aaklik stil. Neat gjin diskusje op ynternet. De gewoane jittikmigers dy't hjir wol wenje, mar foar it oare ta har libbensdoel makke ha om Friezen yn de bleate kont te setten, sille wol fyntsjes gnize. As no de PVDA, de VVD of it CDA mei dit boadskip kaam wie, soe dat ferskil makke ha? Ik tink it wol. Boaze dream: De PVV hie better ien fan de oare partijen anonym ynflústerje kinnen dat se hjir mei komme moasten. Want no't de PVV it dien hat, kin it polityk korrekte oare part fan de Steaten net oars as ynstimme mei dy fúzje. En litte se mei krokodilletriennen yn de eagen Fryslân en de Fryske taal nei gychem gean. Moaie goedkeape oplossing foar al dy seurpotten en taalpuristen. Minder boaze dream: De Steatefraksjes fan it kolleezje ferjitte efkes dat se mei it gat op it plús sitte, en arbeidzje ienriedich nei it behâld fan de moaiste provinsje fan Ne

In tút fan Mineke

Sneon op de boekemerk stien. No ja, foar in part. Ik miende dat ik kreas op tiid wie. Op it fytske fan Boarnburgum nei Drachten is te dwaan, junior docht it teminsten eltse dei. En it wie prachtich waar, no? Kom ik dêr, blykt dat it al om âlve oere los gien wie. En ik ha it neisocht, der stie dochs echt dat it ien oere begjinne soe. Dat sparre it jûnsmiel út. De reden dêrfoar ha'k mar net iens nei frege. 'Wat bist let,' sei Johan Veenstra tsjin my. (Yn it Stellingwerfs fansels, mar dêr weagje ik my net oan) En der kamen mear fan datsoarte opmerkings. Dus: mea culpa, I did not know. Foar de rest wie it gesellich. Bekroaning fan de dei: Ik sis it mei de hân op it hert dat ik der net op út bin om respektabele froulju op leeftyd oan te fleanen. Mar doe't ik nei hûs soe, krige ik in dikke tút fan Mineke. Myn dei wie goed.

Wykein

It wie my it wykein wol wer. In pear berjochten: Skûtsje (!) stellen yn De Hommerts. (Hoe dogge je dat?) Foekje Dillema hat no in eigen strjitte yn Amsterdam (Wat in ein fuort!) Der komt miskien in film oer de Sterke Yerke (Bonifatius is de folgjende) In Italjaanske (!) lisboksstâl yn Drachtsterkompenije (Minder heech en minder lang, dus gewoan werom yn de tiid) Cambuur en It Feen beide striemin (Gjin nijs) Epke..., och Epke Boekemerk yn Drachten (sjoch  http://www.johan-veenstra.nl/  foar aksjefoto's) En sa kin ik noch wol efkes trochgean. Topper yn it nijsoersjoch: De Keale Dunen bliuwe net keal. No, witte we dat ek mar. Sil wol wer in bak jild kostje om se keal te skearen.

Sibon

Hearrenfeanspits Gerald Sibon net yn de wedstriidseleksje fan moarn. Omdat er de ûntwikkeling fan 'toptalinten' yn de wei sit. No, dat freget om wat nuanse. Sibon is weromhelle om de oanfallers fan It Feen op gleed te helpen. Mar sa as ik earder al sein ha,  http://www.blogger.com/blogger.g?blogID=5698814771774291547#editor/target=post;postID=4472159781436673447 kin en wol Jans neat mei dizze Drint. Yn de lêste thúswedstriid hat er Sibon hast in Drintske oere waarmrinne litten. In skandalige fertoaning. Sibon waard sa lilk dat er syn hesje yn de dug-out smiet en mei de fuotten oerelkoar sitten gie. Doe hat master Jans him nochris in pear loaze eintsjes drave litten. Mar ynfalle? Nee dus. Wylst ús superspits Dost ek doe wer gjin knikker rekke. Wa waard ynbrocht: Breuer. Echt in oanfallende wiksel. Sa geane je net mei Sibon om. De man dy't der mei de lêste pingel foar soarge dat Hearrenfean de beker wûn, is gjin pupil mear. It foel my op dat der neat oer de troebele f

Hahahahahahaha!!!!!

Afbeelding
Wie de schoen past... Al falt soks net ta mei sokke lange teannen.

Asbest

De sloop fan âlde winkelgebouwen oan it Riedhúsplein yn Drachten rint seis wike fertraging op. Yn de gebouwen sit folle mear asbest as tocht. (OF) Ja, ja. Dit stjonkt fansels oan alle kanten. Boppedat komt it my bekend foar. Wie it mei de sloop fan de parkeargaraazje op it Saailân ek net sa dat der 'samar' folle mear asbest yn siet as 'tocht'? Tocht? Wat no tocht. Der binne minsken mei in soad ferstân fan saken troch dy gebouwen west, en dy ha it saakje oannaam. Dy minsken ha sa'n ferstân fan saken dat se gemakshalve mar efkes in flut asbest oer de kop sjogge, dy post kin aanst moai ûnder 'ekstra' ynboekt wurde. Sa tinke se. As we de klus earst mar binnen ha, de gemeente past wol by, ju. Neat te rêden, it wie och sa gesellich op de nijjiersbuorrel.  Ien fan de oarsaken fan de oerskriedings by grutte bouprojekten: hebbe hebbe hebbe. En wa mei foar dy 'ekstra'  asbestkosten opdraaie? Bonnema syn foai is allang 'verdampt', en sa sil it yn Dr

Gysbert 2011

Alles wat oer de Gysbert sein wurdt docht neat ôf oan it feit dat Durk van der Ploeg de terjochte winner is. Dus, fan herte lokwinske.

Dartpylkje kwyt, in trauma

Saken kwytreitsje past net by my. Ik ha der freeslik de pest en in hekel oan. Sa ha ik in bûsknyft, hast oan de ein, trochdat er sa faak slipe is. Dat jout my in goed gefoel. In oankeap dy't lang en goed brûkt is. Dit sit yn de famylje. Djip, mei ik wol sizze. It ferhaal oer in wetterpomptange, of kombinaasjetange dy't noch earne yn in stik lân lizze moat, sil faak fertelt wêze, en noch ha je it smoar der oer yn. Want dy tange wie noch net ôf, dy hie noch jierren tsjinst dwaan kinnen, hie de baas mar net sa dom west om... No, ja, jim snappe it wol. Eltse kear as je yn de buert fan sa'n plak binne wêrfan't je witte dat er dêr lizze moat, ha je oanstriid om dochs noch in kear te sjen oft er net foar it ljocht komt. Ien fan de trauma's dy't ik ha, giet oer in dartpylkje. In jier as wat lyn op in bernefeestje hat ien fan dy domme jonkjes (froulju smite net safier) in pylk sa ûnderhelle dat er net mear te trasearjen wie. Ik bin der wis fan dat er op in oerflak f

Aapkes sjen

Afbeelding
DEN HAAG - Noord-Holland, Utrecht en Flevoland moeten samengaan in één provincie. Amsterdam, Almere en Utrecht kunnen nog veel meer gaan samenwerken. Foto:  ANP Dat heeft minister Piet Hein Donner (Binnenlandse Zaken) vrijdag duidelijk gemaakt na afloop van de ministerraad. Zuid-Holland kan buiten de fusie blijven omdat Den Haag en Rotterdam al verregaand met elkaar samenwerken. Maar de samenwerking tussen steden in de noordelijke Randstad kan nog wel een extra impuls gebruiken, zei Donner. Oeps. As it sa rea ynkleure wurdt, sjogge je pas hoe ticht it Rânestêdmeunster by ús komt. By de Lemmer begjint de ellinde al. Dy polderbewenners moatte aanst op in kursus Goaise RRRRRRR. Wylst guon ynwenners fan ús haadstêd mient dat Fryslân yn Amsterdam-Noard leit.  Dit is fansels it begjin fan in soad reboelje. De mannen mei de strikken en Euro-eagen sjogge allinnich nei de foardielen fan in grut noardlik lânsdiel. En sille dêr iensidich promoasje foar meitsje.  It hat foar

Grinskorreksje Boarnburgum en De Wylgen

Ha, altyd aardich, in berjocht fan de gemeente Smellingerlân (sis mar net Drachten). Op in reinige tongersdei kom ik yn de beslutelist dit stikje tsjin: Grenswijziging Boornbergum-De Wilgen Probleemstelling: In Boornbergum ligt het uitbreidingsplan Middelgeasten. Fase 3 ligt voor een klein deel in De Wilgen. Dit zou betekenen dat de toekomstige bewoners van het plan in twee woonplaatsen wonen. Dit is niet gewenst. Daarom verdient het de aanbeveling om de dorpsgrens van Boornbergum – De Wilgen aan te passen. Besluit: Ingestemd wordt met de nieuwe dorpsgrens Boornbergum - De Wilgen. Soenen dy Wylgsters dat wol witte? Dat harren doarp in stik kwyt rekket oan it dochs almar grutter waaksende Boarnburgum? En binne se der nei frege wat se dêr no fan fine? En dy pear minsken dy't earne yn 2025 in hûs op dat stikje De Wylgen sette sille, want earder is dat mânske stik útwreiding net fol, soenen dy der muoite mei ha dat se net yn Boarnburgum, mar yn De Wylgen komme te wenjen?

Boekfersnipperje?

'We zien natuurlijk allemaal dat er bezuinigingen nodig zijn.' O. Is dat sa? Dizze deadwaner hearre je in soad de lêste tiid. Wa hat der sa'n potsje fan makke dat 'we' troch de beliedsmakkers sa'n brainwash oer ús hinne krije dat we it ek noch leauwe? Soe Jan, Piet of Klaas, dy't gewoan moarns om sân oere it hûs út stappe en in foech njoggen oeren letter wer binnenkomme dat op har gewisse ha? Ik dacht het niet. Dy merkbite it oars net as troch de hegere prizen dy't se foar in pakje tabak en de oare boadskippen betelje moatte. Foar it oare binne se oan it wurk, as dat harren troch it regear noch gund wurdt. As dat net sa is, komme se yn de WW, of slimmer, yn de bystân. No, dan binne je mei de VVD yn de prizen. Of krekt net, dus. De partij fan ús frijfeint Mark hat neat mei dizze stumperts. No't foar it earst yn lange tiid dizze strikkenklup mei in kikkert yn de hals de grutste partij is, komt it wiere hufterige aard fan de hearen en dames oan it

Soan dolt heit op

No, no, no. Wat in mediaspektakel. Hast it hiele lân hat it der oer. Soan dolt heit op. Yn it fiere Wolvegea, nota bene. As deagraver moat ik hjir fansels wol efkes op reagearje. Earst mar de technyske kant fan it ferhaal. Want sa maklik as it no brocht wurdt, is it net. Soan dolt heit op. No, dêr hat soan wol efkes mei dwaande west. En nimmen hat wat sjoen. Is mooglik, mar net foar de hân lizzend. Goed, en no ta de saak. Gejeuzel ha'k de hiele dei al oanhearre moatten. Dizze man fan goed fyftich jier is slim yn de war. Hy is geastlik sa op 'e doele dat er syn ferstoarne heit út de grûn helje wol. Al dy geile media soenen har deaskamje moatte. En ik fyn it ek net te begripen dat der in parsegearsit organisearre wurdt om út te lizzen wat der oan de hân is. Dit is in yntryst ferhaal, dat justysje gewoan ûnder de pet hâlde moatten hie. Guon yn de neiste omjouwing mei fragen, hienen troch de plysje ynljochte wurde kinnen. Wat is yn de frede de mearwaarde fan it lânlik beken

Kanada

As jo blogge mei Blogspot.com, binne yn de statistiken de lannen te sjen dêr't jo lêzen wurde. Freegje my net hoe't soks wurket, mar ik fyn it in wûnder. No ha ik in kear in test dien, om te sjen oft der yn de USA ek guon foar myn Stikelstekkerskerm te krijen wienen. Ik smiet in pear rare wurden op it net, Obama, bom, Osama Bin Laden (dy wie der doe noch) en noch in pear loaze wurden. De oare deis hie ik folgers yn de USA. Dus ik tink dat der servers fan de ynljochtingstsjinsten sykje op datsoarte wurden. Mei bêst, ik ha neat te ferbergjen. Boppedat witte se alles al. Kanada wie altyd yn grut, wyt flak. Wylst dêr in soad Friezen om útens wenje, dy't mei de triennen yn de eagen  It wrede paradys lêzen ha. Mar sûnt in oantal dagen is it lân grien kleure! Dat betsjut dat der immen yn Kanada myn bloch folget. As it no net de Kanadeeske CIA is, wol ik dyselde wolkom hjitte. En hoopje dat hy of sy wat reklame makket, sadat der oer de grutte plasse mear folgers  komme. Noch mo