Posts

Posts uit oktober, 2014 tonen

Mein Friesland

Justermiddei seach ik him noch sitten yn in tsjerke. It skynt dat er jûns DKV wer yn in tsjerke wie. Lokkich wie ik dêr net, mar doe't ik fannemoarn de earste digitale side fan it klupblêd fan Ljouwert en omkriten omsloech, foel my it each op in krantekop. En ja hear, dêr wie it wer ris safier, De syktocht nei de echte Fries hie it safolste ferfolch krigen yn Huzum, Leeuwarden. No net echt it plak dat him de lêste tiid as briedplak foar... Ach lit mar. Aans wurdt Cornelis van der Wal lilk en dat moatte wy net ha. In oantal saken yn it artikel binne eins te banaal om te neamen, mar neffens in tige ferneamd dichter liftet Stikelstekker allinnich mei as der in rel is, dus toe mar. Sjoch, dat je miene de Friezen ûnderskiede te kinnen tusken guon dy't wol as net baltsjeferdriuwe, seit al wat oer it nivo fan de jûn yn de tsjerke yn de Hoofdplaats. Dyselde tsjerke dêr't se ek al miene om Rink ûntearje te moatten troch in Bokwerder yts te organisearjen, It nivo is dus dramatysk

Uit de Leeuwarder Courantapp van januari 2020

Afbeelding
LEEUWARDER COURANTAPP 21 JANUARI 2020 Tientallen Friese schaatsers beboet Politieactie handhaving helmplicht Politie in het uitgestorven Bartlehiem Leeuwarden/Bartlehiem-   Bij e en grootscheepse controle van politie Noord Nederland op het CDA kunstijs tussen het verlaten Noord Nederlandse gehucht Bartlehiem en de voormalige Friese stad Dokkum heeft de politie tientallen boetes uitgedeeld. Tijdens een persconferentie in de Noord Nederlandse hoofdstad Groningen gaf politiewoordvoerder Haiko van Hogeland aan dat de handhaving in het westelijke deel van landsdeel Noord Nederland de hoogste prioriteit blijft houden. 'Het verplicht een helm dragen blijft nog steeds een hardnekkig probleem onder de voormalige Friese bevolking,' aldus Hogeland. Hij had geen goed woord over voor de massale burgerlijke ongehoorzaamheid. 'We hebben de laatste jaren grote stappen gezet om vanuit het Groningse de juiste mores in onze provincie te pompen, maar de westkant van het Noord

It ferhaal fan de klompen

Afbeelding
Niis seach ik op facebook in plaatsje fan in pear skuon. Dy wienen te lyts en no yn de oanbieding. Foar wa't se ha wol, efkes maile, dan soarget de redaksje fan Stikelstekker foar de kontakten. It binne kreaze brune healhege learskes. Lelly Kelly. Maat 35. Oant safier de reklame. No efkes in nuveraardich barren. As it kin, rin ik op klompen. Swarte of giele. Houten. Dy dingen sitte lekker en jo ha nea kâlde of waarme fuotten. Ideaal oan de fuotten. Mar se ha wol de gewoante dat se slite. Op in gegeven momint begjint de soal te bewegen en dan witte jo wol hoefier't it is. Tiid foar in pear nije. Ik gean dan nei Nij Beets en helje dêr moaie glimmende nije klompen. Bin der de earste dagen sunich op, want se binne sa moai dat je der sneins wol mei nei de preek kinne. Nei in dei as wat is dat oer, dan binne se wer foar it brûken. Klear. Oant safier gjin nijs. Ik hie op twitter frege hokker kleur ik dizze kear keapje soe, it waarden swarte. Foto der by en myn folgers wer blii

De zon heeft het zwaar, nu nu...

Bêste minsken. Wy krije stoarm. It liket wreed. O, de wynfjilden lykje alwer wat minder swier as dat ynearsten soe, mar dochs. Dit is foar alle buroredakteuren reden om jim mei giele, reade en oranje koades en ek mei oerstallige reportaazjes dwers te sitten. Der wie sels in boskwachter op dy't sei dat der wolris in takke út in beam waaie koe. Dat wist de sjoernalist grif net, want op de klaai ha ze gjin bosk.   Hoe dan ek, it is oppassen. De berjochten út de risikoleaze MIENSKIP. Ik wit net hoe't it mei jim is, mar ik bin der sa freeslik strontsiik fan. Al dy berjochten. Al dy overkill. Dat we in swiere spits ha. Dat we winterbannen regelje moatte. Dat it hurd waaie sil en dat we dan mar net yn de bosk komme moatte. De brainwash fan oerheden oer dit en sus en sa. Wy ferwurde ta in folk dat nei Amerikaansk foarbyld net mear neitinke hoecht, inkel claime mei as se mient dat immen har warskôgje moatten hie foar in ôfwaaide takke. En noch ien kear, Piet Paulusma, de si

14 jier hockey in twa foto's

Afbeelding
Op twitter kaam ik in foto tsjin fan twa broers. De foto is makke yn it jier 2000. Op de foto dêrûnder is te sjen hoe't de mannen der no útsjogge. Klupmannen Henrik en Daniel Sedin. Vancouver Canucks. Dit is 14 jier hockey op it heechste nivo yn twa foto's. Wa't se útelkoar kin, wint de feestsigaar.  

'De helaasheid der stumpers 2.0'

Afbeelding
Efkes in bloch ûnder it kopke: 'De helaasheid 2.0' Foarôf twa ta de saak dwaande saken: 1: It is oktober en der moat noch meand wurde. 2: It is moarns wiet en dan wol der wolris wat ûnder de meanmasine hingjen bliuwe. Goed. Oant safier de inleidende beschietingen. De sutelaksjes fan Stifting Tsjil binne foar 2014 skiednis. Tank oan alle minsken dy't it mei mooglik makke ha, it is geweldich. Dit hat op it earste gesicht net folle mei it boppesteande te krijen, mar skyn bedriget. As jo sutelje en mei wat gelok in soad boeken ferkeapje, komt der ûnûntkomber jild binnen. Dat is in fêststeand feit. Dat jild sil op in net neier te neamen stuit nei de bank moatte. Dêr ha se yn it mondaine Drachten in pear fan. Rabobanken, bedoel ik. Op in ûnlijich yndustriepark oan de Grinzer kant fan Drachten, net in plak dêr't jo je daliks thúsfiele, stiet it haadkantoar. Yn dat kantoar stiet in ultra modern ding dat automatysk jild telle kin. Papier en munten. Treflik. Samar kle

Jeen

Der hat in tiid west dat ik kondysje hie en aardich reedride koe. Dat is lang lyn. As je de maratonmannen fan no fleanen sjogge is 1985 in ein werom. Want dy tiid ha ik it oer. Wy wennen yn Oranjewâld, mar pake Jan wenne oan de igge fan it Haskerwide. (Het Nannewijd voor de importfriezen) Hie it nachts in dei as wat knap ferzen, namen wy efkes kontakt op mei pake om te hearren oft der al guon op it Wide wienen. En dan skeaten wy dy kant ek út. Oer de Vogelzang, as it noch net oan it Feen trochbryfke wie dat se 'schaatsen konden op het Nannewijd bij Oudehaske', riden je hast oan it iis ta. Der wie altyd in ploech fêste riders. Dy koenen hurd. Maratonfolk, ik koe se fan de krante en sa no en dan TV bylden. My is it measte bybleaun dat je harren hast net hearre koenen. Se streken technysk sa goed, dat it hast gjin lûd joech. Dêr ha ik in soad op oefene, mar dochs kraste it by my altyd. No noch. Wy riden in pear rûntsjes en waarden kear op kear ynhelle troch dy flugge mannen. H

Heit en mem beskuldige

Arbeidsynspeksje Mei út namme fan myn broer en sus wol ik hjirby ús heit en mem yn steat fan beskuldiging stelle. It spyt my dat it hast 35 jier duorret hat foardat ik ta dit ynsjoch kaam bin, mar hjoed binne my de eagen iepen gien. Wy binne as bern freeslik brûkt, ha ik hjoed leard. In jonge fan tsien jier âld rûn mei in helm op de holle op in bouplak om en, net bêst, hy hie ek noch wat yn de hannen. En syn broek wie fiis, stel je foar! Lokkich wie it syn heit syn bouplak, sadat de kordate ynspekteurs de dieder gau in fikse boete oplizze koenen. Lokkich mar. No, dan no de oanklacht. Dy is lang. 1: Doe't ik 6 of 7 wie, ik wit it net krekt mear, is myn wurksume libben begûn. Keallen boarne, kij ophelje, sturten fêst meitsje, sturtwaskje, biks yn de goate dwaan en noch 1000 oare dingen. Ek moast ik op de trekker tusken de heapakjes trochride. Doe sil ik 8 west ha. In folslein drama. En nei yngreven stúdzje bin ik der efter kaam dat dizze misstannen al gener

Nije eftergrûn buroblêd

Afbeelding
Myn nije Acer docht it prima. Mar it is hjerst en dan krije jo wat nostalgyske gedachten, dus ha ik dizze print as buroblêd eftergrûn keazen. Guon dy't it witte kinne sil dit bekend foarkomme. De oaren ha pech.

Dommer as fee, in het Nederlands natuurlijk

It is hjoed freed 3 oktober. Foar de feroaring wurdt it wer ris mear dan 20 graden. Yn Alaska is gjin iis mear foar de walrussen, sadat se har taflecht socht ha op in eilân. In minske is in raar ding. Wy ha oeral in miening oer. Jammerje en eamelje wat ôf. Mar ien ding kin de minsken blykber net reitsje, dat is it miljeu. Wat? Dêr binne wy altyd mei dwaande, kampanje nei kampanje, wittenskippers en sjoernalisten jogge mei in kamera op de nekke oer it lêste stikje poaliis om sjen te litten hoe't dat foar ivich en altyd yn de opwaarmjende oseaan falt. Freeslik allegearre. In meagere iisbear as skrikfoarbyld. It bist kin ek al gjin iis mear fine om in seehûn te fangen. Rint wat ferdwaze op in fiis strân om, earne oan de noardkant fan Ruslân. Wy knoopje stjoerders op skriezen, winne dêr sels prizen mei! Wat wolst no, De Jong? Wy witte wol hoe slim it is. Echt wol. Rekket it jim ek? Fine al my krityske lêzers it normaal dat we dit jier yn febrewaris op de sitmeaner sieten omd

Nea wer online

Dit is in bloch oer ôfskie. Sân jier lyn kaam ik mei him yn de kunde. Frijwat swijsum typ. Swart fan kleur. Joech eins nea lûd, mar die wat er dwaan moast. Tegearre ha wy de meast moaie aventoeren meimakke. Wy klommen bergen op, besochten úthoeken yn Ruslân, learden elkoar sa tige goed kennen. Ek seagen wy in soad foto's. Boppedat holp er my mei it bewarjen fan teksten. Dêr fertroude ik him 100% mei, der soe him nea wat ûntgean. Wy brochten oeren meielkoar troch, seagen nei sport, sochten akkoarden by muzyk en spilen skaakspultsjes tsjin elkoar. Meastal wûn er fan my, mar op ien as oare wize koe ik dat fan him ha. De lêste tiid is ús ferhâlding der net better op wurden. It kaam in kear as wat foar dat er wurk wegere, dat foel my bot fan him ôf. Jammer. En sa no en dan wie ik lilk op him, wylst dat net myn gewoante is. Ik ha him noch besocht op oare gedachten te bringen, mar nei ampele oerwagings moat ik jim it folgjende berjocht takomme litte. Ik, Acer Aspire M3201, lis myn h