Posts

Posts uit maart, 2015 tonen

Doping yn wielrensport

Afbeelding
Neffens in rapport fan in kommisje dy't wurke yn opdracht fan de UCI, it ynternasjonale hurdfytsbûn, bestiet yn hurdfytslân noch altyd in dopingkultuer. Ik nim oan dat dy lju dat net fergees dien ha, sa'n ûndersyk. Mar de sinten dy't se dêroan bestege ha hienen se better oan ien as oar goed doel jaan kinnen. De wielersport is in ferrotte wrâld. Yn 1978 besocht Michel Pollentier in dopingskommisje te ferrifeljen mei in kondoom trúk. Hy wist wol dat er fout siet, mar betocht dat er wol in rubberke fol suvere miich ûnder syn earmtakke meininne koe. In slange der yn om it testfleske fol te jitten en de kontroleurs bedonderje. De wielerleafhawwers sille dit grif as grutte jonges fuortlaitsje, sa as se alles fuortlaitsje as it oer harren sport giet. De heroyk boppe alles. De leafde foar in fout feestje dript der fan ôf. Ik sil jim in stikje lêze litte oer hoe't se dat ek wol dienen, mei dy kondooms. Lees en huiver.   ‘Michel haalde het EHBO-kistje boven. Dat was n

Heart Dog And Butterfly

Afbeelding
Mei in djippe bûging foar de dames Wilson. Dit is live opnaam.

Solomon Burke - Down in the Valley

Afbeelding

Superheffing

Ien april 1984. In datum dy't ik net gau ferjitte sil. Sterker, ik sil him nea ferjitte. It is de datum dy't de takomst foar my feroare hat. It wie it jier 1983 dat wy op it prachtige stee Pauwenburg yn Oranjewâld te krijen hienen mei sykte yn it fee. Doe't lânbouminister Gerrit Braks bekend makke dat krekt dat jier as graadmjitter fungearje soe foar de yn te fieren superheffing, hie ik der noch betrouwen yn dat de oerheid wol nei de situaasje fan heit syn fee sjen soe en dêr dan romhertich mei omgean. Neat wie minder wier. Der wie gjin ferwin op mooglik, de molkplasse út 1983 min noch in fiks oantal liters mocht heit produsearje. Ik siet op de lânbouskoalle, folslein tsjin it sin fan myn haadmaster, mar dat koe my neat ferhippe. Ik wie fan doel om it Frysk readbûnte beslach fee fan heit oer te nimmen en dêr op dy moaie Fryske stâl te melken. Dat koe ik mei de sifers oer 1983 wol ferjitte. Der siet gjin droech brea yn. Boppedat wie it kwotum sa leech dat liene

Dit ferhaal is net betocht, mar hat him ôfspile op 12 maart 2015.

It leavehearsbistke De tsjinst wie noch mar krekt begûn, doe foel it each my der al op. In lyts warber bist dat oer de swarte moarmeren fliertegels hinne-en-wer skarrele. Ik seach oerside en fernaam dat de frou him ek yn de peiling hie. It wie in leavehearsbistke. Wy sieten as hûshâlding op de earste rige, flak by it ferhege poadium. It each op de kiste en de dûmny, mar lokkich ek op it lytse, moaie en drokke dierke. Dat joech wolkomme ôflieding. De sinne skynde troch de ruten fan de Skoattertsjerke, it waar wie eins te moai om in begraffenis te hâlden, mar soks kinne jo net altyd foar wêze. Dizze kear al hielendal net, want wy wienen mei mem, broer, sus, oanhang, pakesizzers en in hiele soad oaren dwaande om heit nei syn lêste rêstplak te bringen. It leavehearsbistke hie dêr grif gjin noasje fan, tocht ik. Nochris, de sinne skynde fûl en foarme in skerpe skieding tusken ljocht en skaad op de kâlde swarte tegels. Begjin maart al in leavehearsbistke yn in tsjerke. Ik to

Mûzen dy't net omlyk wolle

Nee, dit giet net oer de mûzen dy't it boerelân ferniele, mar oer myn mûs fan de kompjûter. Sjoch, nei krapoan in heajier al begjinne mei keunsten te fertoanen is freegje om problemen. Wat wie it gefal? Myn nije Acer Aspire mei alle toeters en bellen is in prachtich apparaat. Hy streamt live hockey- en fuotbalwedstriden, hy slacht kollums op as ik se skreaun ha en hy lit my de meast prachtige bluesrock hearre. Jo meie wol sizze dat wy maten binne, myn Acer en ik. No sit der oan in eintsje koarde in mûs oan it ding, want dat betsjinnet wat makliker. En dy mûs krige kuren. Ferhipte rare kuren. Hy hipte as in echte mûs oer it skerm, soarge der foar dat de muzyk ûnderbrutsen waard en de kompjûter hast net te betsjinjen wie. Daliks fansels op Facebook in fraach oer skreaun, mar dêr kaam inkel it bekende ôfwaaide praat op. Wat dat oanbelanget foldocht Facebook altyd oan de ferwachtings. Myn mûs net. Om de 15 minuten moast de USB der út en der wer yn, dan die er it wer in k

Ferwizing

Afbeelding
It bloch fan hjoed fine jim  hjir . It giet oer heit. 

Bokwerder Onbelang en de eeuwige jeugd

Afbeelding
Het Bokwerder Onbelang? Nu nu, het moet niet maller worden. Deze wonderlijke opstijging van een (1) vijftal oudere jongeren zal zijn gerak krijgen in het hoofdplaatselijke muziektheater Iduna. Iduna, is dat niet geheel toevallig de Godin van de eeuwige jeugd? Hier moet u natuurlijk een (1) grap van hebben. de heren Kiekje, Bambam, Eddy Efkes Werom, Mister Akkerman en Stijkelsteker op de planken. Wees daar of wees dwars. En wat speule die dan? No, dit dus.   

De Noaren komme, mar net nei Thialf

Afbeelding
Bislett stadion, Oslo Jan Egil Storholt, Kay Arne Stenshjemmet, Sten Stensen, Amund Sjøbrend. Kenne jim se noch? It gouden tiidrek fan de Noarske 4 S'en? Se wienen de skrik foar alle Nederlânske reedriders. Doe wie reedriden noch in sport dêr't moandeis oer praten waard. De bylden út Oslo dêr't it Bislett stadion ôfladen fol siet.  Hiel wat oars as de treasteleaze TV dy't it ôfrûne wykein út Astana te sjen wie. Lokkich koenen je ek nei de Six Nations rugby skeakelje, dêr't wol passy en belibbing fan de tribunes rôle. Ik seach folle leaver nei in wedstriid dêr't de manlju mei muoite ûnder de 40 tellen bleaunen, mar dêr't it HEIJA, HEIJA!!! skandearre waard as nei in superflugge Rus mei in net út te sprekken namme dy't foar gjin publyk in toptiid del set. Boeiend, hear... It sil wol.  Mar hoe dan ek, de tiid fan de Noaren brekt wer oan, want se komme dizze kant wer út. Wy binne hjir yn Nederlân sa braaf as it mar kin, wy betelje sleatten belesting