Posts

Posts uit september, 2012 tonen

Ik ha in fan!!!

Prachtige dagen hân. Foar alle minsken dy't nei it lêzen fan myn webloch-adres foar it earst op dizze side sjogge: Wolkom. Wat is dan sa prachtich? No, net dat we op it fuottenein sieten. Net dat it sneon tongere as twa oaren, en in bak wetter der op ta. Net dat de standhâlders jammeren oer dat de loop der net yn siet. Nee, dat wie net prachtich. Wat dan wol? No, dat ik mei myn sus in pear moaie dagen hân ha, sûnderdat we elkoar de kop ynslein ha. Wa kin dat no sizze? En dan ha je noch de lytse peareltsjes. In frou dy't sei dat se De Lêste Trúk kocht hie op de jûn fan de Ljouwerter krante. Mar noch moaier: in man dy't stikem gnizend nei myn boeken stie te sjen. As goed ferkeaper sprekke jo him oan mei: 'Jo laitsje, wêrom is dat as ik freegje mei?' 'Ik ha se allegearre al út. Komst hast mei in nij boek?' En dat syn frou dan seit: 'Ja, jo ha in fan, de Jong!' Ik kin net hekse, minsken, mar soks is fansels wol reden om troch te skriuwen yn de

Smarjild

Dit is in  betiid blochje, as ik dit skriuw is it noch tsjuster, der is gjin minske op 'e lappen en eins woe ik ek noch wol in oerke plat. Mei oare wurden: jo moatte der wat foar oer ha om in pear boeken te ferkeapjen. Want dat is hjoed, lykas juster, it gefal. Neffens de fêste standhâlders op de Nazomerfair yn Oentsjerk sil hjoed goedmeitsje wat juster bedoarn hat. No, dan mei der wol aardich ferkocht wurde, kin ik jim melde. It folk om ús hinne hat de kosten der juster lang net út krigen, wy ek net. It is ek wol skande, de útgong, dy't flak by ús kreamen like te wêzen, ha se tichtspikere mei dranghekken. Dus de loop is de oare kant út. Hawar, net oer eamelje, wy sille der wer foar. Juster noch twa skriuwers yn it wyld sjoen, wêrûnder de geastlik heit fan it kadoboek, Bak. En Boeken fan Fryslân stie der ek. Moai plakje, flak tsjin Stania State oan. Sil wol knap smarjild betelle wêze, haha!!! Ik sil in pear bakken kofje nei binnen wrotte, suske stiet aanst wer op 'e s

Tabloid

Ut de LC fan kommende moandei Friese schrijver opgepakt met snoepgoed. Quatrebras. Zaterdagochtend ging het opnieuw mis met de redelijk onbekende Friese schrijver Ferdinand de J. Hij werd samen met een handlanger aangehouden op het kruispunt Quatrebras. Politiewoordvoerder Ferdinand van der Meer sprak van een bizarre zaak. ‘De kollega’s folgen him al in skoft, en it foel harren op dat de auto frijwat djip yn ’e fearren hong.’ Na de aanhouding bleek dat de bus van De J. naast een schamel aantal doosjes boeken, propvol snoepgoed zat. Van der Meer: ‘It is fansels in bekende fan ús, en ek dizze kear koe er net dúdlik meitsje wêr’t er it guod wei hie. Wy ha al hast skjin ús nocht fan dizze draaidoarkrimineel. No ferklearre er wer dat er nei ien as oare fair woe.’ De politie heeft De J. kort meegenomen voor verhoor. De handlanger, die beweerde de zus van De J. te zijn, mocht, nadat bleek dat ze over de juiste papieren beschikte, haar weg vervolgen. Uit onderzoek van éé

Ut de rige kassettebandsjes: John Matthews Black dagger brotherhood

Afbeelding
Filmmuzyk. Mar wol aardich.

Weduwe Joustra

Afbeelding
Nei it trochslaande sukses fan de Pompeblêdfair yn restaurant De Koningshof yn It Feen, ha de De Jongkjes besletten in ferfolch oan harren gearwurking te jaan. Kommend wykein is yn Oentsjerk nammentlik de LC Nazomerfair. Jim sille der grif al wat fan heard ha. Sels P. Paulusma is omkocht, hy foarseit oars hast alle oeren it waar op in oare wize, mar de loft boppe Stania State sil dit hiele wykein droech bliuwe. Neat stiet ús dus yn 'e wei om dêr ris in berch boeken en snobbersguod oan de man/frou te bringen. Wat no iepening fan it Saailân? Wat no âlde muffe boeken yn Ljouwert? Oentsjerk is the place to be. 120 eksposanten, De Kast live en in springkessen foar pake en beppe, wat wolle je noch mear. Op dizze link kinne jo klikke en sjen wat der allegearre noch mear te dwaan is. http://www.lcnazomerfair.nl/ De K-rûte komt ek, want der is in workshop keramyk, en der binne Alpaca's, en dy kinne jo dan aaie.Wol efkes der om tinke, se spuie jo grouwe klodders flak yn it gesicht

Rocksjongers

Afbeelding
De tiid fan de listjes komt der wer oan. Fryske top 100, Top 2000 en mear fan soks. En alle oersjoggen der op ta. No ja, it sil wol. Ik wie oan it wurk, ja, dat moat wolris, en hie myn earwaarmers mei ynboude radio oan. Meastal op de Omrop, mar ek wolris op Arrow Classic Rock. Dan meant it as in tierelier. Samar kaam Journey foarby. Lights, hjit it nûmer. Ik sette dat efkes op twitter, en der blike mear minsken te wêzen dy't dat wol noflike muzyk fine. It album Infinity wie altyd al ien fan myn moaiste swarte draaiskiven, mar as je it dan op de radio hearre, pikefel. Goed. Listjes. De sjonger fan Journey, Steve Perry, soe altyd yn myn top fiif fan rocksjongers stean. John Waite ek. Paul Rogers ek. Mar dan, ja, ik sit wat mei in probleem. Past dêr wol in dame tusken? Of eins twa? Kin my ek neat ferhippe. Ann en Nancy Wilson binne myn favourite rocksjongers. Sa.  

Eutenasy

Dit wurdt wat in yngewikkeld blochje. Stel jo ha in boskmeaner. It ding docht it prima, mar is op jierren. Dan komt der in tiid dat er wat mankeminten krijt. Dêr ha jo alle begryp foar. Jo besykje him sa lang mooglik fêst te hâlden, hy hat jo nea yn 'e steek litten. Dus de monteurs sjogge al mei dollartekens yn de eagen as jo it ding wer ris bringe. Soms moatte jo ôfskie nimme. Hjoed wie dy dei. It ferstân moat foarop. Dus hienen jo stikem al in ferfanger klear lizzen. Mar in nije leafde moatte jo oan wenne. Sa bot, dat je eins beide masines tagelyk wol yn de âld izerbak soademiterje wolle. En dan komt de sinne troch de wolken. Jo sjogge it ljocht. De meankop fan de âlde masine is fan in net te oertreffen kwaliteit. De meankop fan de nije masine is op in moandei mei in soad pine yn 'e holle betocht. In werklik waardeloas ding. Jo steane der nei te sjen en tinke dan: Soe dy âlde kop net op dy nije masine kinne? Dan treft it dat jo twa rjochter hannen ha, mei in soad keun

Begraffenis

Afbeelding
Krekt efkes op begraffenis west. It wie in koarte plechtichheid. It kaam der op del dat ik de doar fan it hinnehok iependie, de deade hoanne by de sturt pakte en him yn de kliko smiten ha. Kompostearje mar. It is alle kearen wer spannend oft se de rui trochkomme. Dy Fryske hinnen binne frijwat trochfokt, en dus net sa sterk. De wytweiten giet noch wol, mar de gielwytweiten binne samar dea. No ja, wat sille wy der fierder oer sizze? De iene syn dea is de oare syn brea. Oepke moat der no mar mei rêde. It soe samar kinne dat dit net it lêste slachtoffer wie. It is op 't stuit mar in earmoedich protsje guod, dy hinnen. Krekt as it waar. As it aanst winter is, sitte se wer kreas yn 'e fearren, de hjerst is gjin tiid foar hinnen. En ek net foar harren baaske. Je soenen der mankelyk fan wurde. Lokkich is it de Moanne fan it Fryske boek, dat skuort jo der troch, no? UPDEET Sa sjocht ús skutting der út.

Ut de rige kassettebandsjes: Kentucky Headhunters - Dumas Walker

Afbeelding

E-book berteberjocht

Freed stie yn de Freed fan de Ljouwerter krante in stikje oer nij te ferskinen Fryske E-books. Der waarden in oantal titels neamd, mar eins miste ik der ien. Gjin need, in mail nei it senuwsintrum der Friesche Persch Schrijvertsch, en dan komt der altyd in antwurd op. Dêrom dit bertebejocht: Tankber en bliid binne wy mei de berte fan ús jongste E-book . Wy neame him as har, dat is noch net rjocht dúdlik: IT DAK FAN DE WRÂLD.  Jo kinne it ynkoarten delhelje.  Romte nimt it net yn, it is net swier en der komt gjin stof op, boppedat wurdt it net giel nei in oantal jierren.  Dat jim it efkes witte. En de druven binne yn de oanbieding, ik ha al in tros op. Hearlik.  

Ut de rige kassettebandsjes: The Kinsey Report - Full Moon On Main Street

Afbeelding

Prostaatklachten

In Veghel is een man overleden nadat een ram hem op de horens had genomen. De man van 78 werd vanochtend zwaargewond op zijn erf in de buurtschap De Ham gevonden. Hij werd ter plekke gereanimeerd en daarna naar het ziekenhuis gebracht. Daar overleed hij aan zijn verwondingen. Over wat zich precies op het boerenerf heeft afgespeeld, kan de politie nog niet zeggen. (NOS) Undersyk ter plaatse smiet it folgjende op: 'Kunt u mij vertellen waarom u tot deze daad bent gekomen?' 'Bèè!' 'Heeft de boer u slecht behandeld?' 'Bèhè!!!' 'Kunt u zeggen wat er precies is gebeurt?' 'Bèèèèhèè!!!'  It is septimber. In skiep draacht omtrint fiif moanne en fiif dagen.Wannear komme de lytse lamkes ek wer op de wrâld? Krekt. Yn de maitiid. Dus dy raam wol nei in keppel skiep. Dekblok om en hupsakee. It sille miskien syn lêste aksjes wêze foardat er yn de shoarma komt. Dus is it bist grimmitich, en sjocht sa'n âld boerke as in konkurint. Wi

Ut de rige kassettebandsjes: Poi Dog Pondering - Fruitless

Afbeelding

Oprop

Neffens my hat 90% fan de minsken dy't de Ljouwerter krante lêze, noch nea yn it gebou fan dy krante west. Juster sieten der in 200 man/frou yn it atrium, en dêrmei wie it útferkocht. Allegearre minsken dy't wolris in Frysk boek lêze. Allegearre minsken dy't dat foar ûntspanning dogge, wol ik leauwe. Allegearre minsken dy't dêr aardichheid oan ha. Dat moat wol in apart slach folk wêze. Soks is not done, in Frysk boek foar ûntspanning lêze. No binne der aardich wat minsken dy't dizze bloch folgje, en ik tink dat it gros dêrfan Frysk lêze kin, oars binne it teminsten echte masogisten. Wat soe it moai wêze as jim op hokker wize dan ek, kenber meitsje dat jim in Frysk boek lêzen ha. Jawis, ik krij fan jimme geregeld reaksjes, mar dat komt net fierder as myn mailbox. Skriuw in stikje. Mei ek yn it Nederlânsk, hear. Doch in yn in slúf en stjoer it op nei de krante. Hoecht mar in pear rigels te wêzen. 'Ja, ook ik heb een Fries boek gelezen, en wel voor ontspann

K-rûte

Drokke dei hjoed. Bin ek noch nei Grins west. Jo dogge wat. Stie ik foar de brêge foar it Van Starkenborg knoal yn de file, omdat der sa nedich sân en grint nei de Ommelanden moast. Tsja. In akwadukt, bêste buorlju, wolris fan heard? Soks helpt tsjin files. Hawar, myn bydrage oan de (Grinzer) ekonomy is hjoed wer levere, ja. Foar de boeren: de baitenkampanje is los en yn Sebaldaburen wienen se yn 'e mais. Oant safier it nijs út de libbene natuer. Ik bin der hast wis fan dat guon hjir hjoed in bloch oer de K-rûte ferwachte hienen. Ha ik jim wer moai by de poat, no? Jûn nei de Hoofdplaats. Preekje foar krantelêzers. Nocht oan. Doei!!!

Vrede op aarde

Sina en Japan fjochtsje elkoar de tinte út om in pear eilannen dêr't se earder net iens fan wisten dat se der wienen. Lekker belangryk. Moslims roppe en raze oer in filmke dat it besjen echt net wurdich is. Negearje is in bettere opsje. Sa as elts jier nei Prinsjesdag komme der kommintaren oer de bydrage oan Beatrix. Op Facebook nei te lêzen, it is in repetearjend ferhaal. Nei de fakânsje miene in soad minsken dat se earne in proefballon oer oplitte moatte, omdat se wer hielendal fit binne. Get a life. It hoarekabûn makket melding fan it feit dat der in soad minsken harren snije yn dat wurk. No, je. Plestik romers en glêzen dan mar? Wêr giet it oer. De Frânske regearing docht in stikmannich ambassades ticht. Ien kear riede wêrom? Krekt. Cartoons mei de profeet. En nimmen wit hoe't de man der útsjoen hat, de drokte oer soks is net te begripen. It mei dúdlik wêze, de simmer is oer en de hjerst is in tuskenstasjon dêr't ik sa gau as mooglik trochhinne wol. Wat in geseur

Spannende filmkes

Op de side fan de Moanne fan it Fryske boek binne no de ynstjoerings fan de spannende filmkes te sjen. Ynstjoerde filmkes op it snijflak fan spanning en literatuer, stiet der by. It binne der mar fiif, en se duorje mar in pear minuten, dus aardich om ris nei te sjen. Linkje: http://www.moannefanitfryskeboek.nl/index.php/moanne-fan-it-fryske-boek-2012 Efkes nei ûnderen scrolle en jo sjogge it daliks.

En stampe maaarrrr!!!

Afbeelding
As je sa wy hjoed let ite, is dit in probaat middel om te tiid troch te kommen. En nee, der stiet gjin maat op de Quo, hoe faak se it ek besocht ha.

Twichtwedstriid

It is wat. Myn bydrage oan de twichtstriid fan de Moanne fan it Fryske boek komt net oan, omdat ik in ôfskerme twitteraccount ha. It is net oars. Mar omdat ik de beroerdste net bin sil ik oan alle minsken dy't my net folgje op twitter, lêze litte hokker flauwekul ik dêr op setten ha.  De fiter fan myn boskmeaner is in grutte klier, hy slacht gauris troch de kattestront, dat ha ik dan yn 't hier. #twicht In Bokwerd zijn wij van denken dat een twicht grote overeenkomsten heeft met een gedicht. #twicht Ik ha der hjoed gjin nocht oan sei de swimmer, en hy fersûpte. #twicht No, dan binne jim mar wer op 'e hichte. Se dogge dus net mei, mar dichtsje is dochs al net myn 'ding'. Noch ien foar it ôfwennen. Dizze útspraak is al âld, wy brûkten him thús wolris. Ik sil der nochris oer gear wêr't er weikomt. It soe in priiswinnerke wêze kinne, haha!  It is mei it leauwen krekt as mei weake stront, it moat jo wat temjitte driuwe. #twicht

Guilty Pleasure diskusje

Afbeelding
Juster hienen twa skriuwers op facebook in petearke oer muzyk. Yn it blêd De Moanne ha je alle kearen de rubryk Guilty Pleasure, oer in nûmer dat eins net kin, mar dochs wol hiel aardich is, en dat je stikem dus moai fine. Neffens skriuwer ien woe er alle kearen wol sa'n stikje skriuwe, omdat er genôch moaie muzyk makke is dat (hast) ferjitten is, mar net ferjitten wurde mei. Skriuwer twa wie it dêr mei iens. En doe kamen der fansels in tal foarbylden. Ik sil se net allegearre neame, mar ien sprong der dochs wol út. ABBA. De hitmasine UIT ZWEDEN!!! As ik de berjochten leauwe mei is de muzyk fan ABBA favoryt om mei te blêren yn de auto. Mar dan dogge je de komponisten dochs wol tekoart. It sit sa knap ynelkoar, dat it jierren letter noch it beharkjen wurdich is. Al dy fuck en shit roppende rappers fan hjoed-de-dei binne we oer in jier ferjitten. ABBA net. Eagle is foar my de topper, mar ek dizze is prachtich. Sjoch, de manlju en froulju ha it ien en oar meimakke. En ellinde br

Ut de rige kassettebandsjes: Gazebo I like Chopin

Afbeelding
O, wat freeslik...

Reklame

Van uw spindokter. Hooggeeerd publiek! Op donderdag 20 septuari zullen, DV uiteraard, den grondvesten beneden het zenuwcentrum der jounalistiek Fryslân, schudden op zijn of haar grondvesten. Op deze nu al gedenkwaardige dag, zijn een aantal diepe denkers voornemens u als lezer van de papieren of digitale, binnenkort op tabloid formaat verschijnende, sinds 1752 u van het nieuws, zowel lokaal als op globaal niveau, verstrekkende onvolprezen Leeuwarder Courant, een avond mee te nemen in de krochten van alles dat op één of ander raakvlak een vage connectie maakt, of daar althans een poging toe doet, eh... Als uw nederig dienaar deze letters op het bureaublad tikt gaat de mare reeds van huis tot huis. Als de klok op deze donderdag acht uur heeft geslagen wordt u meegenomen in een tombola, een wervelwind, een niet na te vertellen apocaplyptisch epos over alles dat u nog niet wist over de diepere gedachtenwereld van een aantal bijzonder tot den verbeelding sprekende, en daarmede onvermi

In stikje Oranjewâld yn Boarnburgum

Afbeelding
In jier as acht lyn ha ik in pear tamme kastanjes út de bosk fan It Wâld meinaam. Omdat se lekker binne. Hjir yn de buert ha we se net, en yn de bosk efter Brongergea ken ik alle beammen noch wol. Dus ek dy iene tamme kastanjebeam, flak njonken de rododendronpôle, midden yn de bosk. Doe't der in pear net mear te iten wienen, ha we se yn in pot treaun. Se kamen boppe de grûn, en ik ha se yn de tún setten. Trije beamkes. Al dy jierren gjin kastanje der yn, mar hjoed seach ik ta myn blidens in bolster! De earste. No mar hoopje dat oar jier de boel noch wat better oanslacht, miskien ha we dan hjir ek it genoegen fan tamme kastanjes út eigen tún. In stikje Oranjewâld yn Boarnburgum. A sort of homecoming.

Linkje

Efkes trochskowe nei tsien foar achten. De Omrop oer de Moanne fan it Fryske boek, op lokaasje. http://www.omropfryslan.nl/radioargyf/14-september-0700-0800

Michelle Martin

Afbeelding
  Je ha soms fan dy frjemde gedachtekronkels. Sa tufte ik niis oer It Súd yn Drachten. Oan de rjochterkant stiet dan it Karmelkleaster, teminsten as je rjochting de Sweach ride. En doe moast ik tinke oan de nonnen yn it kleaster fan de Arme Klaren yn Malonne. Jim sille miskien net daliks witte wêr't dat is, mar as ik sis dat de eks frou fan Marc Dutroux dêr no sit, witte jim it grif wol. Michelle Martin is, neidat se frijlitten is, dêr ûnderbrocht. Oer wat se dien hat sil ik it hjir net ha, dat is wol bekend. Ik freegje my ôf wêr't dy nonnen it mei dat minske oer ha. It binne allegearre froulju op hegere leeftiid. Wat is der mei sa'n frou te bepraten? Ha se it oer har ferline? Of sizze se dat se de húskepot skjinmeitsje moat? Der hearsket yn 'e regel in serene stilte yn sa'n kleaster. Mar dy nonnen sille dochs kommunisearje mei harren nije klant. It liket my in freeslike situaasje. En wat no as dy nonnen aanst ien foar ien de holle dellizze? Hoe komt it dan

In moai ferhaal.

Afbeelding
Sil ik jim ris in moai ferhaal fertelle? Der wie ris in jonkje dat op de legere lânbouskoalle siet. En dat jonkje wie gek op muzyk. Hy sil in jier as 14 west ha, doe hie er genôch sparre. Fyftich gûne hie er yn 'e beurs. Hy op 'e fyts nei de muzykwinkel. En dêr skrok er aardich fan de prizen dy't op it guod stienen. De man fan de winkel kaam op him ta en frege wat er moast. It jonkje sei dat er in gitaar ha woe, mar dat er mar fyftich gûne útjaan koe. De keardel seach aardich sunich. Der wie eins neat dat er yn dy priisklasse te keap hie. It jonkje liet de skouders al wat sakje en rûn teloarsteld nei de doar, doe't de man him werom rôp. 'Ik ha in dei as wat lyn noch wat ynruile,' sei er. Hy rûn nei in foech âld hok en klaude wat yn de rotsoai om. 'Sjoch, dizze meist foar 25 gûne wol ha.' Hy joech it jonkje in elektrise gitaar oer. Under it stof en de smoargens. De snaren brutsen en sa fiis as de pest. 'Mar hjir komt sa gjin lûd út,' sei it j

De Moanne fan it Fryske boek op de Omrop

Afbeelding
  Prachtige útslach. It folk hat sprutsen. In frijwat rjochtse VVD en in aardich loftse PvdA. Hoesa middenpartijen. Wat bin ik bliid dat ik net yn dy formaasjepetearen sit. Bin der fansels ek totaal net geskikt foar, nei in kertierke soe ik sizze: 'No, binne wy der út?' Dat, en in feit dat je in skoft tsjin de útstrutsen kop fan Stef Blok oansjen moatte soe foar my te bot op 'e senuwen oankomme. Elts syn fak, sille wy mar sizze. Se sille elkoar de tinte wol útfjochtsje en ik ha no al it fermoeden dat se de rit net útsitte sille. Wy sille sjen. Wat oars: Freed giet yn Fryslân de flagge út. De Moanne fan it Fryske boek begjint mei in feest yn Tresoar. Dêrnei in wike as fjouwer aktiviteiten rûnom yn de moaiste provinsje fan Nederlân. Dy't fansels bestean bliuwe moat, mar dat is dan wer polityk, en dêr ha we wol genôch fan hân de lêste tiid. No krige ik dizze wike tillefoan út de Hoofdplaats. De Omrop, ja, echt wier. En ik bin yn de babbeltrúk trape, mei as gefolch

Ut de rige kassettebandsjes Judge - Give it Up (aardich hurd, hear.)

Afbeelding

Wêr binne se, de Boer Koekoeken?

Afbeelding
No, hjoed is it dan einliks safier. Wy meie nei it doarpshûs. Dêr sitte in oantal minsken dy't ik ken, en sy my. Gjin inkele reden om der oan te twiveljen oft ik bin wa't ik sis dat ik bin. Dochs moat ik myn ID-kaart sjen litte. Eins ha ik dan myn nocht al, mar toe mar. It is oars mar in saaie boel, dy hiele polityk, fine jim ek net? Der is eins gjin donder oan, om it mar wat sterker te sizzen. Okee, se ha Pim en Theo omlein. Dat binne eksessen dy't je leaver net ha. Mar foar it oare? Saai. Wêr binne de minsken dy't echt earne foar stean? Dy't it folk oan harren bine kinne? Rutte is frijfeint, no, dêr kin ik my wol wat by foarstelle. Wat in saaie Piet. Samsom en Buma? It binne trochsnee politike passanten. Wilders is in oar ferhaal, mar dat ferhaal doocht net. Eartiids wie alles better. Doe wienen der echt moaie figueren. Ien fan myn favouriten wie fansels Boer Koekoek. Den Uyl is in den olie. Humor. Mear as in pear sitten krige er net, mar it wie in aparte f

Wiegel en sinteklaas

Jakkes. Ik wie fan doel en lit de ferkiezings my dit kear mar by de rêch del gliere, mar it hat je dochs wer (tefolle) yn de besnijing. Dat kin ek hast net oars, want op hokker tiid fan de dei je ek nei de media sjogge of harkje, der is altyd wer in nije peiling of der sit ien as oare hotemetoot yn ien as oare studio. De minsken wurde gek makke. Witte jo al yn hokker partij jo it measte sjogge? It is hjoed op twitter al sein, se meitsje it ús net maklik. Europa, de Euro, de soarch om de soarch, en de kompetysje polityk korrekt wêze troch safolle mooglik minsken efter de traaljes te setten. It binne yn 'e regel iepen doarren, en jo wurde der net waarm as kâld fan. En dan ha we Geert noch. Och, Geert. Net in wurd mear oan smoarch meitsje. Ien ding is my wol helder wurden. De bekendste útspraak fan de âlde Wiegel, (VVD, net myn klup) oer dat sinteklaas bestiet en doe wiisde er nei Joop, jildt net foar ZZPers. No meie jo riede op hokker partij ik myn stim net útbringe sil.

De Dompelaar. Romantitel?

Afbeelding
Sjoen it oantal reaksjes op facebook en twitter binne der noch altyd in soad minsken dy't witte wat in dompelaar is. In prachtich stikje ark. Ik wit net iens oft se hjoed-de-dei noch te krijen binne. Dit is in eksimplaar dat heit en mem altyd brûkten om de molkersdoekjes út te kôkjen. Siede is in wurd dat wy nea brûkten. Kôkje. Dat sil wol troch de Gaasterlânske roots komme. Neffens my kôkje se dêr mear as dat se siede.  Juster ha wy de tinte oprêden. En doe wachte ús in goare ferrassing. De katten hienen de binnentinte ek ûntdutsen, en as kattebak yn gebrûk naam. Soks freget om drastyske maatregels. De brot yn in grutte bak dy't oars mei in wetterleelje der yn op it terras stiet, en de dompelaar yn de stroom. Utkôkje, mei Biotex. Tsjin âlven sea de boel, doe in nacht stean litten en niis op 'e line. Soe in moaie titel foar in roman wêze, betink ik no samar. De Dompelaar. Gjin idee hokker stoarje dêr by passe soe, mar de titel is pakkend.   

Seks resinsje. Altyd leuk.

Hjoed krige ik in resinsje fan De Lêste Trúk yn de mailbox. Mei tastimming fan de skriuwer mocht ik in stikje op myn bloch sette. It giet fansels oer myn sterke punt: de sekssêne. Ahum... Lees en huiver. In prachtich boek, goed fan opset, spannend, en foaral de humor (dyn humor!) foelen der by my geweldich yn. Wol nuver: tidens it lêzen hie ik hieltyd dyn persoan mei de krullekop foar my en dêr kaam ik ek mar net fan ôf. Ik wie ek benijd nei de sekssênes dêr’t de resinsjes it hielyd mar oer hienen. No, wat my oanbelanget bisto dêr foar 200 %   “met vlag en wimpel” yn slagge! Niks gjin oerswylsk gedoch, mar moai ynhâlden, suver, op it poëtyske ôf. Knap wurk!!! Lêzers dy 't fan wat dúdliker beskreaune seksuele aktiviteiten hâlde kinne altyd noch harren taflecht sykje by de Bouquetreeks. (ek wol BouKUTreeks neamd) (amen) Oant safier. 

Boeken ferkeapje, wa kin it noch?

Ha, it is septimber, de blêden falle hast wer fan de beammen en hupsakee, de Fryske skriuwers en tinkers wurde wekker út de simmersliep. Dat stiet garant foar diskusje. Op Facebook, blogs en op strjitte, as guon fan dat eigenaardige slach folk elkoar moetet. Moai foar it Frysk yn it algemien. Hoe’t je it ek besjogge, negative reklame is ek reklame, no? It sil wêze omdat ik út in keapmansfamylje kom, myn pake stie te boek as paardenhandelaar, mar op bepaalde punten kin ik wol wat meigean yn de krityk. It liket wol oft moat elts hjir yn Fryslân opnij leare hoe’t se in boek oan de man/frou bringe moatte. It moat dochs net gekker. Ja, Abe de Vries, we stienen yn Stiens njonken in bak muzikaal lawaai. Ja, yn de Prinsetún wie dat net oars. Ut de gek sei ik tsjin Ate Grijpstra, dy’t njonken my siet: ‘Se wolle graach dat it Frysk wer hip wurdt. As we no net hip binne, wit ik it ek net mear.’ Dit alles ûnder funkmuzyk. En net fan de minste soarte. Mar myn punt is dat we der s