Posts

Posts uit maart, 2014 tonen

SC Heerenveen en SC Cambuur samen verder

Afbeelding
SC Cambuur en SC Heerenveen fuseren! Geheime plannen CH2018 uitgelekt Van onze sportedactie Artist impression van het nieuwe onderkomen, met losse noordtribune Leeuwarden/Heerenveen In 2018 zal in Fryslân nog maar één betaald voetbalorganisatie bestaan. Sportclub Heerenveen en Sportclub Cambuur voeren onder regie van de provincie al geruime tijd uiterst geheime onderhandelingen. Doel: in het jaar waarin Leeuwarden en de hele provincie culturele hoofdstad is, te komen tot een fusieclub met de gedroomde naam FC Friesland. Het nieuwe onderkomen van de club zal aan de A32 verschijnen, 15 kilometer ten zuiden van Leeuwarden en 15 kilometer ten noorden van Heerenveen. Het wordt een revolutionair stadion, met een noordtribune die voor ongeveer 10.000 supporters uit Leeuwarden en omgeving bestemd is, de zuidtribune zal voor inwoners van Heerenveen en de rest van de provincie beschikbaar komen. Uit de stukken waar deze krant inzage in had, blijkt dat dit als een ‘tijdelijke

Reedriden yn 2018

Afbeelding
It skynt de minsken yn Nederlân mar net yn it ferstân te wollen. Heal oranje hoste wer mei yn de winterpolonêze om ús reedriders. Ireen en Sven en alle oaren hellen wer karrenfol goud, sulver en brûns op. Der moast in ekstra fleantúch út Sotsji wei komme om alle blikjes hjirhinne te tôgjen. 'Wy binne de bêste, wy winne histoarysk folle, wa makket ús noch wat? Nederlân mei syn superteams is wrâldlieder yn it reedriden.' Tsja. Binne wy ris earne de bêste yn, ha we net troch dat we drok dwaande binne ús eigen grêf te dollen. Wy ha rjochtsaken en koartpleiten oer de bou fan iistimpels, wy ha aanst op de postsegel Fryslân twa 400 meter banen. Treflik, goed foar it riden. Mar wat is der oan de hân? Sjoch, dat we yn Nederlân al oer elkoar hinne donderje as it om de riderij giet is wat, mar net it wichtichste. Tinke jim no werklik dat de rest fan de wrâld him dêr ek mar in tel drok oer makket? Dat in sigerige baan yn Grins troch de KNSB oanwiist wurdt as opliedingsplak oar it noard

Guilty pleasure: Status Quo

Afbeelding
Omdat de krante it blykber net wichtich genôch fûn, kinne jo op Stikelstekker it ferslach lêze fan grif ien fan de lêste kearen dat ien fan de grutste rock 'n roll bands yn ús lân wie. Status Quo joech juster in daverjend konsert yn Swol. Wy wienen der by.  It is al fan dat ik hiel lyts wie dat ik by de klup hearde. Ja, mei swarte viltstift stie de bandnamme op myn bargelearen skoaltas. Noch grutter skreaun as Dire Straits.  Bepaalde lokale selsbeneamde keatsleafhawwende 'muzykkenners' miene it oeuvre fan de Britske band Status Quo steefêst altyd mei 'rjocht op en del geande stampers' lyts meitsje te kinnen. It seit mear oer harren as oer de tiidleaze rock 'n roll dy't sûnt de mids jierren 60 troch de hearen Rossi, Lancaster, Coghlan en Parfitt makke is. It orzjineel is hast net te coverjen, simpelwei omdat de sound unyk is. De band hat fansels wizigingen yn gearstalling trochmakke, mar snein 23-3-2014 wiene de Frantic Four yn Swol te sjen. De mannen

Quo time

Afbeelding
Hjoed dochs wol in dei foar jeugdsentimint. Moarn grif in ferslach, dit is de LINK

Live streams, ja of nee?

Afbeelding
De diskusje is helder. Soarget in live stream derfoar dat der minder minsken nei it stadion komme. Nee, net nei it fuotbaljen, mar nei in relatyf ûnbekende sport, it iishockey (fan no ôf neam ik it hockey, sa as it heart). Wat is der loos? Dit seisoen binne in pear befleine minsken begûn mei it fersoargjen fan in live stream om it hockey wer better op de kaart te setten. De wedstriden fan de Unis Flyers út It Feen wienen foarsafier mooglik út en thús op it ynternet te sjen. Mei beskieden middels slagge it sportsbroadcasting.nl om in live ferslach te bringen, geandewei it jier mei kommintaar en gadgets lykas de klok yn byld en sa mear. In prestaasje fan formaat om dat klear te spyljen. It doel wie om ek de finale fan de play-offs tusken Den Haag en Tilburg foar eltsenien tagonklik te meitsjen. No is dat yn Tilburg in probleem, dêr ha se gjin goede ynternetferbining. Yn Den Haag wol, mar no docht it probleem him foar. De eigner fan de klup dêr, is bang dat de minder mins

Bloch fan hjoed

It bloch fan hjoed stiet  HJIR

Woeste ferkiezingskampanje

Afbeelding
No, moarn is it safier. Jim meie it sizze. Hjir en dêr ha ik al stimadvizen sjoen, mar dêr lûke wy ús fansels neat fan oan. It wie oars in woeste kampanje hjir yn de Wâlden. Sjoch, wy binne tige polityk ûnderlein en ha ús foarkarren. Ien dêrfan is in lokale partij mei in tige aardige foaroanman. Dy kinne wy al in pear regearperioades, sis mar. Wy dogge ek oan reklame. Dat wol sizze dat der by ús op it hiem in boerd stiet, gewoan om oare stimmers te ergerjen. Jo hoege der neat foar te dwaan, mar it gefoel is hearlik. Noch in stap fierder is rûnbringen fan flyers, dat is finansjeel foar opgroeiende bern tige nijsgjirrich, wat de gedachte derefter is makket neat út, jo kinne der in nije lippestift of twa fan keapje. Treflik. De gemeente Smellingerlân, sis mar net Drachten, mar dêr kom ik daliks op, hat oan de westkant in in grut gebied mei in bytsje minsken. De Veenhoop en noch mear rjochting it âlde Boarnsterhim leit Goaiïngahuzen. Dy doarpkes ha wy mei de auto befoldere. Neffen

The Shithouse Bluesband in concert

Afbeelding
It wie tige gesellich juster yn It Bynt, it doarpshûs fan Boarnburgum. Der kaam aardich folk op it Spikerfestival ôf, in inisjatyf fan in stel muzykfreonen hjir út de doarpen wei. It wie foar my ek noch in primeur, ik mocht backstage. Dêr wêr't de wylde saken barre, nuveraardige froulju en spegels fol mei cocain en sa... No, dat foel in slach ta, hear. Mar it wie der net minder aardich om. Trije bands, Gekwurdende Hinnen, Opskildere Gesichten en Hielmasters stienen op de buhne. Wy ha it hjir op Stikelstekker goed mei it Frysk foar, dus meie jim it sels yn it Ingelsk oersette.  De iepening fan de jûn wie al sa'n apart barren, op in grif tige dranksuchtich momint hat immen (wa is net rjocht helder te krijen) betocht dat der wol in ferrassingsoptreden plakfine koe. Fiif man trapen dêr yn. Jim kinne, mochten jim dêr behoefte oan ha, hjirûnder beharkje hoe't it earste nûmer klonk. De kwaliteit fan de opname is striemin, mar dochs is it moai dat der wat foar de ieuwen bewarre