Posts

Posts uit oktober, 2013 tonen

Stoarmskea

It is alwer in dei as wat lyn dat ik hjir wat skreaun ha. Soks is net sa dreech út te lizzen: Drokte. En dan foaral nei de stoarm fan in dei as wat lyn. De moarns hie ik in rûntsje dien en like alles aardich rêstich te ferrinnen, mar doe't om in oere as âlve de wynkraan iepen gie, wie it nei oardel oere in hiel oar ferhaal.  Tsjin tolven stie ik efkes bûtendoar, de wyn helle mar oan en nochris en nochris, dan sjogge jo mar wer ris dat wy lytse popkes binne dy't as de natuer him oppenearret hielendal neat yn te bringen ha. Dan kinne jo de Libor rinte nei jo hân sette, as het nypt en wedernypt waaie jo fan de sokken. Middeis, doe't de wyn him wat deljoech, ha ik my letterlik rjochting Drachten seage. In oantal beammen hong oer de dyk en allinnich troch der wat tûken ôf te heljen koe ik wer fierder. Lokkich wienen der gjin beammen op stiennen fallen, dat wie op oare plakken wol oars. Mar wat in troep ha je dan. De ôfrûne dagen ha ik oars net dien as opromje. En ek noch ferg

Gifgas

Soms is it efkes better om net te sizzen wat je fine. In tal foarbylden: Wy ha it nije Fries Museum besjoen.  Dêr sil ik neat oer sizze. Alteast, no noch net. Der komt grif in momint dat ik it oer it swurd... Nee, ik sil neat sizze. Bûtendoar waait it wat. Net dat de blêden no fan de beammen falle, mar dochs bewege de tûken. Sil ik ek neat oer sizze. Net oer koade... Nee, lit mar. Stilte. In wurd dêr't je ek wat oer sizze kinne soenen, mar dat doch ik net. Silst no ek wat sizze, dan? Okee. Ut Noard Koreaanske testen docht bliken dat as jo in gesin fan in heit, mem en in pear bern yn in glêzen koai sette en dy koai fol rinne litte mei gifgas, dy famylje oars reagearret as wannear't jo der fjouwer folsleine frjemden yn sette. It docht bliken dat de heit en de mem by de bern bliuwe en net tsjinsteande it feit dat se koarje yn harren deastriid dochs besykje de bern mei beademjen yn it libben te hâlden. Frjemden krûpe yn in hoekje. In noflike dei fierder. 

Ferwizing

It bloch fan hjoed stiet hjir en hjir . Beide mei in moaie foto der by!

Oude neger doet gokpaleizen de das om

Afbeelding
Vrijdag 24-10-2013 Leeuwarder Courant Gokstad in ban van dicriminatieschandaal Shutdown Las Vegas Van onze buitenlandredactie LAS VEGAS-   De casino’s in gokparadijs Las Vegas hebben op last van de VN gisteravond hun deuren gesloten. Dit naar aanleiding van de geruchtmakende zaak die Familieleden van Black Jack verlaten de rechtszaal door een negroïde Amerikaanse man is aangespannen. De man, die claimt 102 jaar oud te zijn, staat in zijn thuisstaat Mississippi bekend als Black Jack. Hij wist niet dat zijn naam aan een gokspel was gekoppeld. De zwaar gelovige man riep in de rechtszaal meermalen dat de allerhoogste hem opdracht had gegeven zijn naam te zuiveren. ‘Op geen enkele manier mag mijn naam in verband worden gebracht met heidense spelen, waarbij mensen zich in het ongeluk storten,’ verklaarde de tandeloze, maar overigens nog opmerkelijk fitte veteraan. De regering in Washington zit met de zaak in zijn maag, de VN ontpopt zich steeds meer als waakhond als

Immen oer de kop koarje

Hjoed goed fjouwer oeren yn de auto sitten en totaal generaal in foech oere yn in rige stien. Wy ha ús fan de útrinners fan de Fryske Wâlden nei it mondaine Wassenaar ferpleatst, krekt as in pear tûzen oaren dy't frijkaarten foar Duinrell wûn hienen. Koart ferslach: Wy waarden troch Tomtom jonges en famkes kreas nei in parkearplak dirigearre. De iene seach noch soerder as de oare, it sil wol net al te goed betelle wurde. Doe't wy troch de hikke wienen, seach ik daliks in freeslike atraksje, wêrfan't ik it fermoeden krige dat ik dêr wolris yn bedarje koe. Junior is dryst en ik wol my (noch) net kenne litte. It wie frijwat om fan yn de broek te skiten, in karke dêr't acht minsken yn pasten, dy't, as se te plak sieten, mei hydraulyske dwangbuizen fêst yn de kuipstuoltsjes parse waarden. En mar laitsjen bliuwe, want jo binne no ienris net foar ien gat te fangen. Doe de beul op in knopke drukte kaam it ding yn beweging. Foar ús doemde in fertikaal part fan de toch

Sinteklaas

De droechlizzing fan Amerika wie de oanlieding om moonshine te meitsjen. Illegale drank. Cowboys en oar woest folk, djip yn de bosken in stokerij. Gie in macht jild yn om. It ferbieden wurke net, sterker, der kaam in opmars oan krimineel gedrach om dochs in slokje krije te kinnen. Ik bin der histoarysk besjoen ek flak foar om dat achterlike Sinteklaasfeest no mar ris te ferbieden. De keardel bestiet net iens echt, wat is dat no foar grapmakkerij om dy lytse bern it ligen al te learen as se der noch mar krekt binne?  Aanst klimme se op in wyt hynder en jeie it oer de kling omdat it dier it ferhipt om in dak op te riden. Sjoch, jo ha hardliners dy't net akseptearje sille dat de Sint net mear komt. En pas dan wurdt it wer aardich en spannend. Giet de doarpstamtam dat der earne yn in skuorre in Sinteklaas ferskine sil. As in goeroe. Al dy bern mei bekken as skearmessen wurde wer ris echt kjel: 'Mar hy bestie dochs net? De VN hat it dochs ferbean? Dat sei juffer...' 'Ja

Ljouwert yn de brân

No, no, wat in drokte yn Ljouwert dit wykein. In fûle brân dêr't ien  by om it libben kaam is, dat is net sa bêst. Net foar de neibesteanden en ek net foar de minsken dy't flak foar de tragyske dea noch mei it slachtoffer sprutsen ha. Tink jo dat ris yn, hoe soenen jo de nacht dêrop sliepe? Freeslik. Gjin ferskil fan miening hjiroer, folslein net. Dan hoechst der ek net oer te skriuwen, De Jong. Ho, wachtsje efkes, ik bin noch net klear. Want wêr't ik wol klear mei bin: Al dy lju dy't harren oppenearje as der wat slims oan de hân is. Dy lju, dy't gewoanwei de noas ophelje foar alles dat mei Frysk te krijen hat, de Omrop yn it bysûnder. Neat moatte se fan dy boerske taal ha. En de Omrop is net in turf heech yn harren eagen. Oant it momint dat der in brân is. Dan skeakelje al dy lju samar oer nei de Omrop. En komme der efter dat se dêr ferdomme noch altyd dat domme Frysk prate! Wylst sy, de lju, dochs op de Omrop ôfstimme. It moat net mâlder, sy wolle daliks dat

Facebook en twitter

Foar alle minsken dy't net op sosjale media sitte: Jim misse meastal net al tefolle, mar soms ek wol. By twitter is it frij simpel, jo twitterje der mar op los, njoggen fan de tsien kear giet it nearne oer. Alle minsken dy't twitter brûke as iepen deiboek, ha it net begrepen. Jo kinne ek in privee berjocht stjoere, dat is wat diskreter. Kin ek serieus wêze. Wolle jo in soad minsken berikke is twitter in machtich medium. In soadsje retweets en jo bloch wurdt drok besocht.  Facebook is oare koeke. Plaatsjeboek, fotoboek, ûnsinboek, hoe't je it ek neame wolle. Sjoch, dêr ha jo plak om te chatten. In jeuzelblokje yn it kwadraat, sil ik mar sizze. Ik meitsje my der ek skuldich oan. Juster ha ik foar it earst sa freeslik lake dat de triennen my by de wangen del glierden. Allegearre troch in konfersaasje op Facebook. Nee, ik sil net fertelle wêr't it om gie. Dat wit allinnich de NSA, mar ik wol net leauwe dat dy yn Fryske chatrooms meilêze. Foar de rest: De sinne hat it

Sutelje? Wêrom?

Afbeelding
It sil in soad fan jim net ûntgien wêze dat der wat te rêden is yn de Fryske skriuwerij. Myn namme komt geregeld foarby. Om foar te wêzen dat saken ferkeard útlein wurde it folgjende: De aksje dy't op priemmen stiet moat foaral opbouwend besjoen wurde. Minsken dy't my better kenne witte dat. Ik ha noed oer it tebekrinnen fan de omset fan Fryske boeken. Net iens om it jild, mar om de edukaasje. Biblioteken slute, op ynternet lêze jo (hast) gjin Frysk boek. Om boeken sichtber te meitsjen kinne jo fan alles betinke. Mar nei in soad petearen mei kollega skriuwers en eigen ûnderfinings docht wol bliken dat je boeken by minsken oan de doar ta bringe moatte. Of op lokaasje by optredens wol it ek noch wol. Mar Frysk wurk yn winkels is grieme yn de marzje, se ha se net iens op foarried. Mei alle respekt foar alle ynspannings, mar om omset te generearjen moatte jo neffens my en in soad oaren by de doarren del. It is net de bedoeling om minsken oan te fallen of skea ta te bringen, l

Aksje, blinder!!!

Afbeelding
Schrijvers reanimeren Sutelaksje Pleatst op 14 oktober 2013 Friese schrijvers en vrijwilligers proberen de in 2009 afgeschafte Sútelaksje nieuw leven in te blazen. Het begon als een wilde actie op Facebook. Schrijvers, lezers en anderen discussieerden over de vraag hoe anno 2013 Friestalige boeken en boeken over Fryslân nog aan de man kunnen worden gebracht. Romanschrijver Ferdinand de Jong uit Boornbergum gooide de knuppel zondag in het virtuele hoenderhok: “Lit se dêr yn Ljouwert marris mei it wetter foar de dokter komme en tajaan dat de sutelaksje ôfskaffe net it meast handige beslút west hat. Sutelje is noch altyd de meast effektive wize om boeken oan de man/frou te krijen.” De Jong kreeg al snel bijval van auteurs als Hilda Talsma (Warten), Rommert Tjeerdsma (Marrum) en Auck Peanstra (Bitgummole). In de dorpen Bitgum en Bitgummole willen zij bewijzen dat de Sútelaksje nog steeds nut kan hebben. Als voorlopige datum prikten de auteurs zat

Maurits Hendriks snapt it net

Afbeelding
Dit is mytysk 'Ik begrijp als echte Nederlander dat dit een mythische race is en dat een schaatser ambitie heeft.' Oan it wurd is Maurits Hendriks, de sjef fan NOCNSF. De man dy't tegearre mei Arie Koops fia in matrix en oare drege konstruksjes de bêste reedriders nei Sotsji stjoere moat. No liket my dat net sa dreech, Sven en Jorrit steane foar fjouwer medailles op de lange ôfstannen, as se de poat net brutsen ha. Klear. Mar dêr giet it net om. It giet oer de BAM ploech, Jillert Anema hat sein dat mocht der iis yn de Bonkefeart lizze, sy as in spear werom nei Fryslân geane. Olympyske spullen of net. En dat fine dy Hendriks en Koops mar neat. Hendriks besocht it mei boppesteande útspraak noch wol, mar hy snapt der gjin miter fan. 'Als Echte Nederlander?' Nee, Maurits. As dit iis der komt, leit it yn Fryslân. Net yn de Vinkeveense plassen of sa. Dan kinne jo easken stelle as NOCNSF. Dit iis? Dêr kin gjin korrupt baantsje yn Sotsji tsjinoan. Dit giet oer

Fryske BF'ers yn de bleate kont

Afbeelding
Mei tank oan Hilda Talsma giet dizze bloch oer minsken sûnder klean oan. Guon neame dat neaken. Bleat. Hilda strúnt it internet ôf en set prachtige posts op facebook. Hjoed wie wer in topper. Ik hie it net fûn, mar dizze tige wichtige ûntjouwing yn TV-lân fertsjinnet rom omtinken. Wat is it gefal? It is krisis. Ek yn TV-lân, de Omrop wit der alles fan. Mar ek by de kommersjele omroppen moat de broeksriem in gatsje nauwer. Wat is dan makliker en doch it hiele ding mar út, ha je der ek gjin lêst mear fan. Sa betochten de format-jonges fan RTL it folgjende: Jo ha in tropysk eilân (kin ek neimakke wêze en earne yn de polder yn in loads tahâlde) en sette dêr saneamde singles op. Saai. Is al sa faak dien. Jo soargje foar moai waar (CV op 25 as it yn de polder is) en sizze tsjin de (moaie) jonges en famkes: 'Om de sjochsifers wat omheech te krijen, soenen wy it op priis stelle dat jimme it baaien himd mar út dogge. Hoe liket dat?' Dan ha je dus in stik as wat wiebeljende boa

Kollum fan juster

Shirt Poeh, dêr hie ik samar in stikje histoarje yn hannen. Freed wie de earste thúswedstriid fan de Flyers en sa as alle taskôgers sjen koenen, hie maskotte Frizzly the Eagle net it nije shirt fan de Unis Flyers oan, mar in collectors item fan de boppeste planke. In shirt út de romrofte Feenstra Flyers perioade. In klup moat altyd foarút sjen, mar nea syn histoarje ferjitte. En de Flyers ha in histoarje dy’t der net om liicht. Yn dat ramt is it ek in prachtich inisjatyf om fan dy moaie banieren yn de hal op te hingjen mei ôfbyldings fan alle ikoanen dy’t by de klup spile ha. Dat se by de Flyers harren toppers van toen net ferjitten binne, die wol bliken doe’t Jack de Heer en Gordon McDonald mei foarsitter Henk Hoekstra it iis op stapten om de offisjele face off fan it seizoen 2013/2014 te ferrjochtsjen. In steande ovaasje foar de beide mannen, prachtich om te sjen. Yn de kommende tiid sille der grif mear fan dy moaie flaggen yn Thialf ferskine. De ambysje is dit jier he

Seks yn Sotsji

Afbeelding
Yn de oanrin nei de olympyske spullen yn Sotsji stie der hjoed wer ris nijs yn de krante. De BAM formaasje fan Jillert Anema bliuwt lekker dwers en giet fansels werom nei it heitelân as de Bonkefeart beriden wurde kin. Wat oars hienen wy ek net ferwachte. Der is mar ien Tocht. Sven kin der noch wolris spyt fan krije as er in frijwat anonime gouden plak wint op de fiif kilometer en Jorrit Bergsma sit by Pauw en Witteman om syn winnende Tocht te beskriuwen. Hein Vergeer syn ferhaal is bekend, Evert van Benthem wie en is de man. Vergeer mei wrâld- en Europeesk kampioen wurden wêze, dat seit nimmen wat. Sels in olympyske titel sil yn it neat falle mocht de Tocht ferriden wurde.  Sotsji wie ek noch op in oare wize yn it nijs. De muorren krije earen yn it mondaine subtropyske Russyske plak. It soe my net ferwûnderje as it net allinnich by ôflústerjen bliuwt. Foar olympyske opbloeiende leafdes ûnder atleten soe ik foar lekken soargje as der wat fierder gien wurdt as hân yn hân rinne. Of jo

Toon Gerbrands fleant út de bocht

Afbeelding
As je klaustrofobysk binne, sa as ik in bytsje bin, fine jo dit antwurd fan Toon Gerbrands wol wat koart troch de bocht. Ik fyn fuotbal moai. Mar sit ticht by it gongpaad en gean efkes earder fuort, omdat ik it oars benaud krij. Gerbrands fyn ik in tige kundich bestjoerder, hy lit him hjir helaas wat populistysk út. Jammer. Sorry dat ik bestean, Toon. Ik ha mysels net makke. Tijdens de wedstrijd tussen AZ en Go Ahead Eagles heb ik me weer behoorlijk geërgerd aan het publiek dat nog voor het laatste fluitsignaal de tribunes verliet om naar huis te gaan. Doordat ik moest opstaan, heb ik het doelpunt van Viktor Elm gemist. Wat vindt u van het vroeger vertrekken van zogenoemde fans? (Wouter Bieshaven, Den Helder) Toon Gerbrands: “Net als een groot deel van onze achterban deel ik deze irritatie met meneer Bieshaven. Ik vind het onbegrijpelijk dat sommigen nog voor het laatste fluitsignaal de tribune verlaten. Niet alleen doe je jezelf er tekort mee, ook levert het veel overlast op

Joe Bonamassa yn Martini Plaza

Afbeelding
 It falt my op dat der in soad minsken binne dy't noch nea fan Joe Bonamassa heard ha. Dochs wie it Martini Plaza juster oan de lêste stoel ta fol. Okee, je moatte soms efkes de grins oer om yn Grins út te kommen, mar foar in kear is dat wol te dwaan. En dan krije je ek wat. Foar de minsken dy't echt gjin idee ha wêr ik no wer oer skriuw: Joe Bonamassa (8-5-1977, New Hartford, New York) is in gitarist en sjonger. Dat docht er sûnt er fiif jier jong wie. Hy is no 36, dus 30 jier oefene. Dat kinne jo hearre. Hy kin der wat fan. Joe Bonamassa spilet blues en rock en dat wie oan de gemiddelde leeftyd fan de taskôgers te sjen, it komt net faak mear foar dat ik tocht ien fan de jongerein te wêzen. Juster al, mar dat makket neat út. It begjin fan de show wie akoestysk, dêrnei kaam de iene nei de oare Gibson Les Paul foar it ljocht. In hearlik konsert fan rom twa oeren. Minpuntsje: In pear kear stie de boel krekt wat te hurd, mar dat duorre net lang.  Pluspuntsjes: Tefolle o
Afbeelding

Ingenieursbureau Oranjewoud wurdt Antea Group. Wat sei..?

Afbeelding
Je ha fan dy nammen dy't byelkoar hearre. As ik Koga sis, tinke jim der Miyata efteroan. Itselde jildt foar Douwe en Egberts, Javaanse en Jongens en sa kin ik wol efkes trochgean. Sterke merken dy't troch histoarje en reklame sa yn jo holle sitte dat se der mar min út te krijen binne. Dat is ek net slim, alteast as jo net te meitsjen krije mei nijerwetsk tinkende managers en amtners dy't miene dat soks oars moat. Sa binne se hjir yn de gemeente Smellingerlân al jierren dwaande om ús de namme Drachten der yn te slaan, omdat dat yn Den Haach better bekje soe. No ha we al mar minder mei Den Haach en mear mei Brussel te krijen, en dêr ha se alle útbuorren fan Europa dus kin de gemeente likegoed Smellingerlân hjitten bliuwe. Fryske bedriuwen mei wrâldwide namsbekendheid moatte it faak ûntjilde as se oernaam wurde troch 'bûtenlanners'.  Dan is in suksesnamme sa as Friesland net goed genôch mear. Lit mar, tink ik dan, jim komme der wol efter wat in namme dwaan kin.

Rinskuon

De bern kinne wol tinke dat ik gek bin. Ik ha nije skuon. Dat is op himsels net sa frjemd, mar ik hie ek al nije skuon. En no ha ik krekt it tredde pear nije skuon. Dus frege junior juster oft ik hjoed wer om nije skuon gean soe. Mei wurden: de âldman is it paad bjuster. Dat is net sa, alles is út te lizzen. It sit sa, ik hie rinskuon. Skuon om op te rinnen. Dat is dochs it doel fan alle skuon, hear ik jim sizzen. Ja, mar as je in ein om geane, binne bygelyks hege hakken net sa maklik. Net dat ik hege hakken ha, mar om in foarbyld te jaan. Rinskuon dus. En dy slite as jo der op rinne. Of mei rinne, of yn rinne, ik wit it allegearre ek net mear. Hoe dan ek, se slite. Soks is jammer, want jo wenne oan jo eigen rinskuon. Mar oan alles komt in ein, ek oan it libben fan in pear rinskuon. Tafal woe dat de rinskuon fan de frou ek fersliten wienen. Tagelyk. Dus wy tegearre om nije. Beide yn ien loop slagge, dan giet it dus foar wûnder. Daliks mar in eintsje om op de nije rinskuon. Dat mo

Eddy Dijkstra en Auke Zeldenrust. In Bourgeois en de leafde foar in parkyt

Afbeelding
Kofje yn it skoft De kop is der ôf. Neidat de tsjerke fan Koartehimmen oergien is nei de Stichting Alde Fryske Tsjerken fungearret de pleatslike kommisje as deistich bestjoer en is frij om aktiviteiten te organisearjen. Soks is net samar klear, mar juster wie de earste jûn. As ik hear dat op guon plakken 9 minsken op in program ôfkomme, wienen de 44 minsken yn de tsjerke fan De Himmen sa min noch net. Dyselden dy't thús bleaun binne ha in nijsgjirrich programma mist. Eddy Dijkstra song en spile, Auke Zeldenrust fertelde wiidweidich oer syn nije boek Dorp achter tralies, in sfearbyld fan it libben yn finzenis de Marwei. Draaidoarkriminelen, de leafde fan in Turk foar syn parkyt en tattoos meitsje mei in elektryske toskeboarstel en in E-snaar fan in gitaar. Wy ha it allegearre hearre kinnen. Dit alles op in plak dat ta de ferbylding sprekt, want sa tsjuster as it by de tsjerke fan Koartehimmen is, komme jo net faak tsjin. Wy sille besykje om mear fan ditsoarte jûnen te organ

Boekemerk en de Gysbert, bier en bitterballen

Myn útjouwer belle my op. Wat ik 12 oktober fan doel bin. Dy datum stiet al in skoft yn myn digitale bûsboekje, want dan is de tradysjonele boekemerk yn Drachten. Treffe jo aardige minsken en klinke jo yn kafee Marktzicht op de minne ferkeap en de goede kontakten. Al mei al in dei om net te missen. Dy boekemerk is mei oprjochte troch in gewisse R. van der Velde. Hee, dy namme ha ik wolris faker heard, sille guon fan jim sizze. Ja, dy skreau ek wolris wat. Hat er sels in kear in priis foar krigen. De Gysbert. Hee, de Gysbert? Wurdt dy dit jier ek net... Ja, ferdomd as 't net wier is, dy is dit jier ek wer oan bar. Efkes op de side fan Tresoar sjen. Utrikking Gysbert 2013 yn Boalsert op: 12 oktober. No leit it foar de hân dat ik hjir in tirade fan inkele alinea's oer de folsleine miskleun fan de jonges en famkes fan Tresoar op papier sette sil. Mar dat doch ik net. Ik ha it ek net oer it folslein respektleas ôfservearjen fan minsken dy't sûnt de oprjochting fan dy boeke

DKV

Afbeelding
Dit berjocht stiet hjoed yn de LC. Mar it doocht net rjocht. It e-mail adres dat der ûnder stiet is fan de sekretaris fan de pleatselike Kommisje Kleastertsjerke Koartehimmen, koartwei KKK. Dy organisearje moarn in jûn yn de tsjerke fan Koartehimmen. Yndie, mei Auke en Eddy. Mar Snits leit hjir sawat DKV, om it mar ris yn derby bewurdingen te sizzen. Dus: Rechtgezet. En ja, der is noch plak, dus kom mar nei Koartehimmen foar in moaie jûn.