Ljouwert yn de brân

No, no, wat in drokte yn Ljouwert dit wykein. In fûle brân dêr't ien  by om it libben kaam is, dat is net sa bêst. Net foar de neibesteanden en ek net foar de minsken dy't flak foar de tragyske dea noch mei it slachtoffer sprutsen ha. Tink jo dat ris yn, hoe soenen jo de nacht dêrop sliepe? Freeslik.

Gjin ferskil fan miening hjiroer, folslein net.

Dan hoechst der ek net oer te skriuwen, De Jong. Ho, wachtsje efkes, ik bin noch net klear. Want wêr't ik wol klear mei bin: Al dy lju dy't harren oppenearje as der wat slims oan de hân is. Dy lju, dy't gewoanwei de noas ophelje foar alles dat mei Frysk te krijen hat, de Omrop yn it bysûnder. Neat moatte se fan dy boerske taal ha. En de Omrop is net in turf heech yn harren eagen.

Oant it momint dat der in brân is. Dan skeakelje al dy lju samar oer nei de Omrop. En komme der efter dat se dêr ferdomme noch altyd dat domme Frysk prate! Wylst sy, de lju, dochs op de Omrop ôfstimme. It moat net mâlder, sy wolle daliks dat de Omrop oerskeakelet nei in taal dy't se wol ferstean kinne, want dat hat der by it Frysk wol oan, wylst se hjir wenje en mei oare wurden net it fatsoen yn de bealch ha om te soargjen dat se de ynboarlingen hjir ferstean kinne. Nee, sy ha gelyk. Op alle media rache se alles dat mei it Frysk te krijen hat de hûd fol. Unfatsoenlike domme Friezen, hoe doarre jim jim eigen taal te paten op in stjoerder dêr't wy al jierren net mear nei harke ha sûnt de grutte brân yn Drachten?  

Sy, de lju, ha net goed harke. De Omrop hat syn taak as rampestjoerder kreas útfierd en sa no en dan in Nederlânske gearfetting jûn fan wat der foar slims oan de hân wie. As it sa is, mei it ek sein wurde.

De folslein yntolerante, opruiende, mispleatste en mislikmeitsjende reaksjes oer it brûken fan in taal? Dy lju moatte harren deaskamje en neitinke oer wat werklik wichtich wie. Der is immen libben ferbaarnd. Sterkte oan de neibesteanden en de helpferlieners. 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen