Posts

Posts uit januari, 2012 tonen

Ajax

It mei bekend wêze dat ik gjin leafhawwer fan de AFC Ajax bin. Hast alles oan dy klup stiet my tsjin. En dat te krijen mei de arrogânsje dy't se dêr útstriele. Nea sille se tajaan dat in oar better wie, nee, wij hebben dit en wij hebben dat. Babbel, babbel, haadsponsor Jack van Gelder en syn maten lulle der eltse snein in oere mei fol. Hjoed soe it ek wer los. Mickey Sulejmani hat in tikje op de ankel krigen yn de kânsleas ferlerne wedstriid tsjin Feyenoord. 'Halen we toch die rechtsbuiten van Heerenveen nog even?' Sa komt it oer. Lokkich ha dy mantsjes fan It Feen it sa heech yn de bol dat se oan in heale dei net genôch ha om alles yn de lytse letterkes op papier te krijen, dus it liket derop dat it oer gean sil. Mar it is noch gjin tolve oere, dat ik bin benijd. Wat se dêr no sa oanlûkt yn Amsterdam? Ik soe it net witte. Der hinget neffens my in aaklige sfear. Foar straf tsjin de tribunes opklune en sa mear. No, leuk hear. En in topklup is it al lang net mear, allinnich

Krisis

Eins woe ik hjoed in bloch skriuwe oer boerka's. En oer kâld waar, wêrtroch't de sjaal sa heech om de holle knope wurdt dat it gesicht hast hielendal bedutsen is. En dat je dus de lytste helte fan it publyk by in kommende âlvestêdetocht daliks oppakke moatte.  Mar dat doch ik mar net. Nee, it each foel my op in rekken. As direkteur, grut oandielhâlder, Chief Ex en foaral belestingbeteller fan myn eigen Zelfstandige Zonder Pensioen bedriuwke, moat ik ynskreaun stean by de Keamer fan keaphannel. Yn de Hoofdplaats. No, dat wie samar klear. Ien ritsje, en hupsakee. Neitiid ha'k nea wer wat fan dy lju fernaam, behalve dat se my ien kear yn it jier in rekken stjoere. Wêrom is my folslein net helder. Sa no en dan falt der ek noch in krantsje op de matte. Mar faaks sit dêr plestik omhinne, en dêr ha'k wol sa'n grouwelich hekel oan. Myn grutste ergenis is lykwols it bedrach. € 41.03, te uwen laste. Hoe betinke jo it? Wat no as ik € 41.00 oermeitsje. Soe dêr aksje op komm

Needmaatregels

Dat it krekt wat ûnder nul is, leveret al wat swierrichheden op. De briedmasine stiet oars altyd yn it hok, mar dêr ha wy gjin kachel. Fannemoarn hearske der lichte panyk, doe't er oanjoech mar 35 graden te wêzen. Soks komt net goed. No stiet er njonken my te dinderjen. Nei oardel wike sil it hjir wol net mear te bankjen wêze, want sa'n ding stjonkt as de sykte. Foar no liket de krisis ûnder kontrôle. 37.1 graad. Oer in wike mear nijs. Oer trochljochtsjen, spinnen en sa mear. Dan sil bliken dwaan oft myn frijwat sleauwe hoannen dogge dêr't ik se foar ha. Dy mei de lamme poat knapt aardich op.

De ûnsin regearret

Van onze verslaggever. De heer Afgrijzen, advocaat van de stichting Voedsel voor Kerkuil, Buizerd, Sperwer en Velduil heeft kenbaar gemaakt dat hij samen met mevrouw Sniks, vertegenwoordigster van werkgroep De VerWildersde Kat, het waterschap Friesland voor de rechter zal dagen. Beide zijn van mening dat er genocide heeft plaatsgevonden onder de veldmuizen tijdens de watersnoodramp van januari 2012. Afgrijzen verklaarde bij het aanbieden van vijfhonderd muizenpootjes aan dijkgraaf Ergernis dat het niet meer van deze tijd is om zomaar een polder blank te zetten. 'Temeer omdat we met een zeer zachte winter te maken hebben. De eerste zuigelingen waren al gesignaleerd. Onze leden waren verbijsterd toen ze aan het begin van een lange nacht jagen een watervlakte aantroffen, in plaats van een gedekte tafel.'  Mevrouw Sniks voegde hier aan toe dat er grote onvrede heerst onder de toch al met watervrees kampende verWildersde katten. Dijkgraaf Ergernis gaf aan dat hij binnen de door h

Posityf tinke, minsken!!!

Och, och, wat bin ik dochs wer yn in positive bui. Sjoch, alles hat in kearside, en dêr kinne je soms jo foardiel mei dwaan. Dat bygelyks de LC gjin Frysk mear publisearret? No, en? Oer in skoft lûkt myn bloch likefolle lêzers as dat der noch eksimplaren fan de krante printe wurde. Moai, net? Posityf tinke. Dat de supermerkfoarsitter fan SC Hearrefean neat mear mei de Omrop te meitsjen ha wol? No, en? Dat besparret ús in moai oantal klisjeefragen fan de romrofte en briljante sportsjoernalisten, en de klisjee-antwurden derop ta. Moai, net? Posityf tinke. Dat der aanst gjin skriuwer mear Frysk publisearret? No, en? Bin ik lekker de iennichste! Moai, net? Posityf tinke. Dat se yn Dokkum oer fiif jier gjin sikehûs mear ha? No, en? Se ha dan wol de grutste dokterswacht fan it lân. Moai, net? Posityf tinke. Nee, dat komt hielendal goed. Neffens my is 2012 no al folle better as 2011. Want sis no sels, witte jimme noch wat der doe barde? Nee dochs? No, en? Foarút mei gieltsje, ik bin der wis

Ark

Afbeelding

Fan in bline Bouvier en in Rottweiler

Justerjûn bedarre ik fia twitter yn in petear oer putsamers. Tige nijsgjirrige matearje. Doe skeat my in ferhaal yn it sin. Us leave Hear hat frjemde kostgongers, en sa is it mar krekt. Sa wenne der by ús in eintsje de dyk del in direkteur fan in bank. Hy wie ek oprjochter. Letter is er opfretten troch de Frieslandbank as it my net mist. Docht ek net ta de saak. Dizze yn myn jongeseagen frijwat nuvere apostel hie de gewoante om tagelyk de hûn út te litten en te krantelêzen. No steane der yn It Wâld frijwat beammen, dat as er djip yn in artikel siet, rûn er geregeld lêzendewei tsjin in beam oan. Stjerrende wier, lige mei net. Neist ús wenne buorfrou. Soks komt faker foar. Doe't buorfrou it hûs ferliet, waard it kocht troch alwer in direkteur. Ja, foarname buert, dat Brongergea. Der wenne ek in straaljagerpiloat, in stikmannich boeren, in pear pikeurs, Sven Kramer syn heit is der berne en sa kin ik wol trochgean. Dizze nije buorlju blykte aardich folk te wêzen, sels foar Hollanne

Bobby McFerrin - Don't Worry Be Happy

Afbeelding
To all those who are...

Stront en jarre op de Omrop

Grut nijs hjoed! Earne yn de provinsje is in boer, dy't it ljocht sjoen hat. De Omrop wie ek al ter plaatse. Wat is it gefal: Dy boer hat kij. En dy skite en mige. Dat dogge kij. Molke jaan ek, mar dat die no net ta de saak. Dizze boer wol de dong skiede. Mei in draaimûne. De omropper op kop en earen derby, fansels. It stonk wol bot, mar jo binne op lokaasje. De fêste fraksje wol de boer oan de blombolboeren ferkeapje, en it tinne oerskot oer it lân. Samar fiif minuten hot news op de betide moarn. Foar de jonge lêzerkes en folgers efkes in flashback. Dat is werom yn de tiid yn nij Frysk. Doe't de kij noch op in Fryske, Hollânske of swaaide Hollânske stâl stienen, wie dit ultra-moderne fenomeen al sa gewoan as driuwdong no is. Wy hienen in mjukserij fan de CAF. As it frear moasten we earst nei bûten om de meinimmers in klap te jaan, oars knapte it ketting, want dong befriest sa hurd as beton. Dy meinimmers namen de dong mei nei bûten, en dy foel dan op de dongwein. De jarre

Wurdearring?

Stel: In net neier te neamen Fryske skriuwer soe syn 40 jierrige jubileum fiere. Boppedat kaam op deselde jûn syn nije ferhalebondel út. Dizze Fryske matador, bekend by eltsenien, trochdat er jierrenlang op de radio in kollum útspruts, en ek ien kear yn de wike yn it haadblêd fan de provinsje syn ljocht oer in beskaat oan saken skine lit, organisearret in jûn om dit bysûndere feit te betinken. In bûtensteander soe dan fan tinken wêze kinne dat dêr wol wat oandacht foar komme soe. In net neier te neamen toanielspiler hoecht mar in skeet dwers foar it gat te hawwen, en de media springe der boppe-op. En mei reden, gjin ferkeard wurd dêroer. Mar dizze Stellingwerver skriuwer dan? Gjin kameraploech, gjin skreaune media mei in artikel yn de haadkrante fan de oare dei. It is dochs in kollega, hearen sjoernalisten. En hy lûkt folle sealen, net allinnich yn Fryslân, mar ek yn Drinte, Oerisel, Noard Hollân en Grins. Krekt as dy toanielspiler, dy sjonger, dat talint en al de minsken dêr't j

Seks en deade Fryske skriuwers

Foar dyselden dy't der juster net wienen... Utsprutsen by de presintaasje fan it nije boek fan Johan Veenstra, yn in bomfolle seal yn Nijeholtpea. Foarôf in koarte ynlieding: Dit ferhaal is skreaun en wurdt fertelt yn it Frysk. Mocht der neitiid behoefte wêze oan in oersetting yn it Nederlânsk, ferwiis ik jimme nei de Friese Pers Boekerij yn Ljouwert. Dy wolle jimme fêst wol te wurd stean. Foar guon dy’t net wachtsje kinne en daliks witte wolle wat ik sein ha, is der yn it skoft gelegenheid om my dêroer te befreegjen. Wy Friezen binne dêryn de beroerdsten net, sterker, de nasjonale hobby fan de Friezen is om harren te ferbrekken, en oer te gean yn it Nederlânsk, Ingelsk as Dútsk, sels as se mei oare Friezen prate. Wy binne dus it fatsoenlikste folk op de wrâld, allinnich jammer dat der sa aanst gjin minske mear is dy’t Frysk prate, lêze of skriuwe kin, mar dat is ús eigen skuld.  Achte oanwêzigen, bêste Johan. Doe’t ik op 14 novimber 2011 in mail krige fan de ferneamde Ste

Feestje!!!

Moarn, om 20.00 yn MFC De Ni’je Stienze in Ni’jhooltpae. Presintaasje fan de nije ferhalebondel fan 40 jier skriuwer: Johan Veenstra, Mit et waeter veur de dokter. De Drintske skriuwer Jan Germs en ik sei de gek sille yn blokjes fan twa kear tsien minuten wat fertelle. En der is ek noch in Grinzer band by. As dat mar goed komt...

Gysbert seal

Juster sieten der in man, frou as fjirtich yn de Gysbert seal fan Tresoar. Lêzing oer skriuwe yn in minderheidstaal. Tige nijsgjirrich. Mar om no de hiele jûn nei de sprekker te sjen is foar my dreech, ik dwaal wolris ôf. Yn dy seal hingje de portretten fan alle winners fan de Gysbert. En ik sil it mar daliks sizze, de helte koe ik net thúsbringe. No ha 'k yn it skoft in betûft kenner fan de literatuer frege oft dy de rige efkes foar my opneame woe, mar aldergelokst kaam dy der ek net út. Dan fiele jo al wat minder sjêne. It foel my op dat guon winners skildere binne, mei wikseljend resultaat, en dat der guon op de foto steane. Ien portret liket op in bosk biezemriis, en ik bin wol benijd wa't dat útbyldzje moat. Ik sil de skilder wol wer freeslik tekoart dwaan frees ik, mar ik koe der gjin gesicht yn fine. Miskien kinne se by Tresoar ûnder alle portretten in namme op in kaartsje sette, sadat it foar omkoalen sa as my ek helder is wa't der efter dy bjirketûken ferskûle sit

Boarremiich

Fraai. Sille je mei goede bedoelings efter de kompjûter, ha je dat wer. Earst de bisten mar wat te fretten jaan, dan ha je de de tiid oan josels. Sit ik goed en wol te plak, stiigt my der in lucht op, net te hurdzjen. Wat blykt? Ek de katten harren biologyske klok rint ferkeard mei sa'n waardeloaze winter. It sil nachts wol in kommen en gean fan boarren wêze, want it hea dat de geiten krije is ferjûn fan boarremiich. En it is amper nijjier west. Dit komt wer op de kop ferkeard, jonge katten yn de foarjiersmoanne, ynstee fan maartske katten. Ik ha no fjouwer kear hânwosken, en skjinne klean oandien. It stjonkt noch. Muskus. Jasses.