Krisis

Eins woe ik hjoed in bloch skriuwe oer boerka's. En oer kâld waar, wêrtroch't de sjaal sa heech om de holle knope wurdt dat it gesicht hast hielendal bedutsen is. En dat je dus de lytste helte fan it publyk by in kommende âlvestêdetocht daliks oppakke moatte. 
Mar dat doch ik mar net.
Nee, it each foel my op in rekken. As direkteur, grut oandielhâlder, Chief Ex en foaral belestingbeteller fan myn eigen Zelfstandige Zonder Pensioen bedriuwke, moat ik ynskreaun stean by de Keamer fan keaphannel. Yn de Hoofdplaats. No, dat wie samar klear. Ien ritsje, en hupsakee. Neitiid ha'k nea wer wat fan dy lju fernaam, behalve dat se my ien kear yn it jier in rekken stjoere. Wêrom is my folslein net helder. Sa no en dan falt der ek noch in krantsje op de matte. Mar faaks sit dêr plestik omhinne, en dêr ha'k wol sa'n grouwelich hekel oan.

Myn grutste ergenis is lykwols it bedrach. € 41.03, te uwen laste. Hoe betinke jo it? Wat no as ik € 41.00 oermeitsje. Soe dêr aksje op komme? In keapman rûnet ôf. Docht it ferskil troch de helte, dangelet in skoft om en jout dan gelok, of net. Mar dy trije sinten? Automatisearring is prachtich, mar ditsoarte dingen soe ik nochris troch libbene minsken mei keapmansgeast besjen litte.
En dan graach op in rûn bedrach útkomme. Litte we sizze € 40.00. As it dan sa nedich moat. It is foar ús ek krisis, no?

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen