Posts

Posts uit augustus, 2012 tonen

Ut de rige kassettebandsjes: Swervedriver

Afbeelding
Okee, noch ien dan. Swervedriver. Alternitive rock út de 80er jierren. Letter wer in kear as wat byelkoar kaam. Oan de reaksjes op Facebook en Twitter te sjen is de Ut de rige kassettebandsjes foar in soad minsken jeugdsentimint. Moai. 

Marco van Basten oer de lieding fan SC Hearrenfean

Afbeelding
Poeh, dêr siet gjin wurd Spaansk by. De trener fan de Sportclub Hearrenfean liet efkes witte wat er fan de lieding fan de klup fynt. Op in rêstige wize, net oerdreaun. Mar je koenen sjen dat de stoom him hast út de earen kaam. Wy wienen der juster by, en it ferskil wie grut. Jonkjes tsjin Noarske keardels. It hûshâldboekje op oarder en fuotbalje djip yn it rjochter rychje. Is dat in basis dêr't de 26000 minsken dy't om de fjirtjin dagen nei it Abe Lenstra Stadion komme bliid mei binne? Tuskenbeide is ek romte, soe ik sizze. Se laitsje harren yn Ingelân en Spanje slop om klups as It Feen. De braafste fan de klasse is mar komselden in winner. Dan moatte jo yn bepaalde opsichten in rotsak wêze. As jim it noch net sjoen ha: Hjir it petear mei Marco van Basten fan juster.

Ut de rige kassettebandsjes: Asia

Afbeelding
In superband, foarme troch in oantal kopstikken út oare bands. http://en.wikipedia.org/wiki/Asia_%28band%29

Bandsjes yn de kliko

Afbeelding
Hjoed ha ik ôfskie naam fan in stik skiednis. Al myn cassettebandsjes yn de kliko smiten. It waar siet yn de de kaartsjes en ik ha yn de bus net iens mear in radio dêr't ik tape draaie kin. No wienen wy oan it opromjen, en dat fyn ik moai wurk, dus is der aardich wat rommel sneuvele dy't je wol ha mar neat mei dogge. Mar dy bandsjes sit wol in pear jier wurk yn. Finger op de pauzeknop, de âldere jongeren sille it grif snappe. No wie ik dêr nochal ekstreem yn, en hie njonken dat ik alle nammen op it kaartje sette ek noch in kaartebak mei alles dat op dy bandsjes stie. En dy nammen ha 'k bewarre. Gewoan om jim sa no en dan in nûmer fan in folslein ûnbekende groep hearre te litten. Soks hoecht net op alfabet, ik pak der gewoan in kaartsje út. En der stiet nuver guod tusken, dat sil ik jim sizze. Om te begjinnen: The Ozark Mountain Daredevils. In stel hippies mei lange ZZ-Top burden. Hear mar ris nei Chicken Train.

Penne en gat, past as Pyt yn Gryt

Afbeelding
Soa, twa dagen blochstilte. De earste tillefoantsjes kamen al binnen. Bist siik? Nee, net siik. Teminsten, as je de SGP bûten beskôging litte. Mar dêr wol ik it net oer ha. Der binne in oantal materialen dêr't ik graach mei wurkje. Hout en izer. De ôfrûne dagen krigen de De Jongkjes it briljante idee dat de boekekast te lyts wie. Soks wie te bewizen, njonken de kast lei in steapel, der wie hjir of dêr noch in doazefol. En doe bliek dat de Bouwmax stegerplanken yn de oanbieding hie. Tjsa, doe wie ik de bear, fansels. Net dat ik it slim fûn, want ik sla fierstente min yn it hok om. No hie ik de kâns. En dat dogge jo earlik. Dêr bedoel ik mei dat ik in kast makke ha sûnderdat ik ek mar ien skroef brûkt ha. Alles mei penne en gat ferbinings. Prachtich âlderwetsk bankwurk. Master Suurd út Jobbegea soe wol nuver opsjen as er wist dat ik noch altyd mei deselde winkelheak, beitels en houten hammer wurkje as dy't ik op de legere lânbouskoalle fan him krigen ha. Poerbêst guod. Go

Johnny Cash Hurt

Afbeelding
Fafa Eltse kear as ik dit nûmer hear, kin ik de pine dy't Cash hjir yn leit, fiele. Wat my oanbelanget in monumint yn de muzykskiednis. Let foaral op hoe't er op de ein leafdefol de klep fan de piano ticht docht en in aai jout, as wie it de lêste kear dat er dat prachtige ynstrumint bespile. Pikefel, alle kearen wer. Net besykje nei te dwaan, aub. 

Neil Armstrong en it CDA

It giet hartstikkene goed mei it CDA. Der sit wer humor yn, de byldfoarming doocht. In oantal foarbylden. In wethâldster dy't yn lounche-hâlding fertelt hoe drok se oan it wurk is, en en passant de wrâld noch efkes sjen lit dat se in swarte bústehâlder oan hat. Plaatsjeboek op de leuning fan de ergonomysk ferantwurde lisstoel. Prachtich. Ik mien dat ik earne lêzen ha dat se yn it strategysk berie fan de partij sit, dus it wachtsjen is op Siebrand Buma dy't yn in tanga en in kek himdsje yn it folgjende listlûkersdebat oanskood.  En dan ha we noch sa'n lokale topper. In eks deputearre. No wer werom nei syn roots, fergaderboer. Dy bêste man stiet foar alle humor dy't in partij brûke moat. Sitte jim yn in dip? Folgje him op twitter, u scheurt u de buisen uit. Foarbyld: Juster ferstoar Neil Armstrong. Ien fan de echte BA'ers. Bekende Amearikanen.  De man stie as earste op de moanne. Hoe en wat? Docht der net ta. Hy die it, en hy hat der in soad oan hân, mar hat der

Thús

Hinnereis 4 oeren, werom dik 3. En dan ha wy ek noch in eintsje omriden, omdat se mei de dyken oan it kloaien wienen. Mail troch west, in reaksje op De Lêste Trúk, in konsept fraachpetear en in bult spam. Mei oare wurden: de Moanne fan it Fryske boek is kommendewei. En de winter ek, dat is in grutte treast.

Domburg

Hy seach nei my as seach er wetter baarnen. Ik hie al lang Fryske wurden ferstien, mar dat wie it dan ek. 'Heit, wat sjocht dy jonge nei dy!' sei junior. 'Sil wol komme omdat er Frysk heart,' sei ik. Domburg, hjoed. 'Eh... Ferdinand?' frege de heit fan de soan dy't sa nei my seach. 'Ja...' 'De Lêste Trúk! Ik ha it krekt út, en no is hy der yn dwaande.' 'Aha, ik tocht al...' 'Moai boek. Wol trochgean hear!' Apart.

Yn de byb fan Middelburg

Afbeelding
Ha jim dat wolris? Je sitte yn de auto en der komt in nûmer op de radio op dat je wol kenne, mar je witte yn de goedichheid net mear fan wa't it is. Gjin probleem, dat sizze yn 'e regel neitiid wol. No, nee dus. Gjin ôftiteling, mar reklame. As my dat oerkomt flean ik tsjin de muorren op. Hjoed wie it wer safier, Omroep Seelân fûn it wichtiger om de safolste listlûker oan te kundigjen. Van der Staay, ús eigen Halbe, dy't  neffens my gjin listlûker is, mar hawar, dy jonge fan Buma, fansels de foaroanman fan de Christen Unie, se drave hjir allegearre op. Yn de byb fan Middelburg. Mar dat sil my in soarch wêze, ik woe witte fan wa't dat  nûmer is!!! Lokkich wie de leptop gau op de hichte. Dit wie it. 

PvdA en CDA

No, je soenen der hast fan efteroer slaan. Einliks ha se by de PvdA en it CDA troch dat se elkoar better net nei it libben stean kinne, mar dat se troch mei elkoar op te arbeidzjen besykje kinne dat de ekstemisten te lofter en rjochter side it hjir net wer foar it sizzen krije. Oft soks kâns fan slagjen hat falt te besjen, mar dat it in basis wêze kin foar in aardich stabilere regearing as dy't we no hân ha? It is te hoopjen. No noch sjen de minsken der fan te oertsjûgjen. Dat sil de grutste hobbel wurde. Hoe kinne de beide partijen no samar dizze kar meitsje? Soe de Fryske konneksje tusken de foaroanmannen fan de PvdA en it CDA der wat mei te krijen ha?

De Pronte Joffer

Afbeelding
Dizze gevelstien kaam ik hjoed tsjin yn Middelburg. De Pronte Joffer stiet der op. No kinne je dêr fan alles by betinke. Op ynternet kom ik net folle fierder, is der immen dy't wit wêr't it foar stiet en wêrom't er hjir yn in muorre mitsele sit?

Emerson, Lake & Palmer - Lucky Man

Afbeelding

Baantsjes swimme

Yngreven ûndersyk hat opsmiten dat fan healwei tsienen oant âlve oere yn it swimbad allinnich baantsjes swom wurde meie. Dan komme de âldelju yn aksje dy't in hekel ha oan bern, wetterspatten en lawaai. Niis binne wy der efkes del fytst, en se liken wakker op 't skik mei harren sels. Einliks rêst foar de âlde bonken en de lâpen spek. Neat gjin gerop en geraas fan jongerein, dwaze âlders fan rûn de 40 en yn de broek skitende beukers. Sa heart it libben te wêzen. Baantsjes swimme mei gelikensen fan gedachte en geast. Fier ferheven boppe alles dat noch wurkje moat foar de kost, of gjin wurk hat. It moaiste oardel oerke fan de dei, miskien wol fan de wike. As ik dit skriuw is it 10.51. Wy hingje yn de startblokken. Oer seis minuten steane wy as hymjende hûnen op de râne fan de tobbe, en easkje op hege toan dat de glydsbaan iepen moat. Opsokkebalje nei jim soer fertsjinne chalet of sleurhut. No is it tiid foar de generaasje dy't it daliks allegearre foar jim betelje moat. En n

Bløf - Mooie Dag

Afbeelding

Finlân

Afbeelding
No sitte dy Finnen wol in grut part fan it jier yn it tsjuster, mar om no te sizzen dat se kollektyf spikergek binne, giet my wat te fier. Dus, in lân mei in AAA-rating jout oan dat de euro in katastrôfe is. Dat kinne je njonken jo dellizze ûnder it mom fan: 'Wy witte alles better,' mar miskien is it wizer om ris mei elkoar om tafel. In AAA-rating krije jo net samar, it binne gjin sukkels dêr yn Finlân. Binne it briljante strategen of dolle se harren eigen grêf? It gros fan de polityk yn Nederlân sil grif it lêste sizze. Wilders sil syn gelyk helje wolle. En ik? Ik soe graach witte wolle wat de konsekwinsjes fan in Finsk úttreden binne. Gewoan, foar it gefal it net al te skealik is, no? Jo witte it mar nea. 

Moai berjocht út Drachten!!!

Afbeelding
  Tusken alle drek dy't we oer ús hinne krije oangeande hoefolle ekstra jild we aanst wer kwyt binne oan Den Haag en Brussel, stie der yn de LC fan hjoed in nijsgjirrich berjocht. In hoopfol berjocht. Wat is it gefal: De biblioteek fan Drachten, de beleefbiblioteek, jo kinne dêr fan alles belibje, sa as kollega Douwe Kootstra altyd seit, sil op snein iepen. Op 't heden wurdt er opknapt en opnij ynrjochte. Dat mei dochs wol opmerklik neamd wurde. Koartsichtige gemeentebestjoerders slute massaal de doarren fan de bybs. Komt neat gjin goeds fan, stel dat al dat folk wat fan dy boeken opstekke soe, God ferbiede it. Ticht mei dy brot. Kin moai ûnder de nûmer fan jildpine. Ik oerdriuw wat, mar it is foar my net te begripen dat in kâns op edukaasje fuortnaam wurdt, wylst der oerstallige wettertappunten oanlein wurde. Foar 2500 euro it stik. Soks raast oan de protters. Mar yn Drachten docht de byb it prima, sa't it skynt. No sil er dus op sneintemiddei ek iepen. Wat in rev

Ekstremistysk wetter

O, o, wat giet it min yn Nederlân. De resesje slacht ta, en it belied fan de PVV liket ta útering te kommen yn it ûndersteande berjocht. Eigen water eerst! Dekadinsje yn optima forma. Lit se dy 2500 euro per tappunt mar oermeitsje nei minsken dy't lekwetter fan in ôffalstoart drinke moatte, omdat sy gjin wettertappunt ha. Ek gjin kraan yn hûs. En ek gjin wetter. Mar dat is bysaak, no? Eigen wetter earst. Nim yn de goedichheid gewoan in fleske mei fan hûs. 2500 euro kear in pear tûzen. It is werklik net te leauwen.    Watertappunten door heel Nederland Update: woensdag 15 aug 2012, 15:21 In alle dorpen en steden en langs wandel- en fietsroutes komen gratis watertappunten. Vewin, de Vereniging van Waterbedrijven in Nederland, werkt in samenwerking met waterbedrijven en gemeenten aan een landelijk dekkend netwerk. Nu zijn er al tappunten in veel steden en er komen er duizenden bij. Vewin zegt dat het hele project jaren in beslag zal nemen. De vereninging let erop d

Boek ferkeapje yn 'e Wâlden

In petearke earne yn de bosk fan De Himmen. 'Ja sjoch, wy binne hjir 50 jier lyn wei gien.' 'Aha. Wêr hinne? 'Harns. Om den brode, it is hiel wat oars as hjir.' 'Dat liket my ek. Iepen flakte.' 'Mar no't ik út it wurk bin skuor ik de caravan hinne dêr't ik wol, dus sadwaande binne we hjir no efkes.' 'Krekt. Ha jim wol wat te lêzen meinaam?' (ferheard gesicht) 'Hoedatsa?' (greep yn de auto)  'Dan ha ik wol wat foar jim.' (sjocht nei it omkaft) 'De Jong... nea fan heard. Wa is dat?' 'Sjoch mar nei de oare kant fan it boek.' 'Och heden, mar... dat binne jo!' 'Ja.' 'Wat moat it opbringe? Dit is aardich, dy nimme wy mei.' 'Moai sa. Wolle jo der ek in krabbel yn ha?' 'Jawis! Ik ha net ien boek dat troch de skriuwer tekene is.' 'No, mar in goede fakânsje dan.' 'Komt wol klear. Lit it no mar tongerje, haha!' And that is how we do that..

Lekke klompe

Afbeelding
  Myn rjochter klompe lek. In gat sa grut as in daalder. Gjin probleem, efkes nei Nij Beets om in pear nije. Ja, dank je de koekoek. Foar de goede oarder: ik ha swarte VV klompen. Maat 45-46, dat komt troch de geitewollen sokken, oars hie it mei 45 wol ophâlde kinnen. Gjin swarte klompen yn dy maat. Wat blykt? Se wolle de heale maten der út ha by VV. En swart is ek dreech, want se ferkeapje hast allinnich mar giele. Fraai. No ha 'k dus giele klompen meinaam, mar eins is my dat net nei't sin. Skerjon klompen kin ik net op rinne, dus dan moat ik mar oan de hoeremerken. Dy binne fan waaibeammehout, mar se wolle net oars dêr by VV. Oar jier mar nei de Skoattermerke en trije pear meinimme. Maat 45-46. As jimme noch in oare oplossing witte, hear ik it graach.

Fleurich nijs...!

Wat in feest. Plaatsjes smite mear op as skreaun Frysk. Soks is net sa dreech út te lizzen, wy libje yn in wrâld dêr't minsken leaver nei plaatsjes sjogge dan dat se in stik lêze. Dizze is foar insiders. Ik neam it ferearming, mar dat hoecht net ien mei my iens te wêzen, hear. Goed, it is wer ris moandei. De NOS sportzomer is einliks oan syn ein kaam. No de sporters noch op de boerewein troch it doarp toarkje, en klear is it wer. Juster oardel oere mei in droege bek yn it Abe Lenstra stadion sitten, omdat ús ultra gefaarlike fleske wetter net troch de ballotaazje kaam. Wol ik ek net in wurd mear oan smoarch meitsje. It is tiid foar fleurich nijs. De prommen binne hast ryp, de tomaten út de kas binne treflik fan smaak, de komkommers dito. De disel en benzine is noch nea sa djoer west as no. Yn Athene ha se in bûtenlanner om hals brocht. O jee, ik soe fleurich nijs bringe... Hienen jim der ek al oerhinne lêzen? It rekket je amper mear. De kranten skriuwe der in stikje oer, it s

Gary Moore - Still Got The Blues (Live) (HQ)

Afbeelding

De USA waakt over uw in- en uitgang. Amen.

It stie al op teletekst, Politie doodt man op Times Square, mar lokkich wienen yn it journaal de live bylden ek te sjen.  http://www.youtube.com/watch?v=wecf3GLzhHc Wer in moai foarbyld fan it gastfrije lân dat de USA is. Wat wie der loos? In man siet in joint te smoken, en dat mei net yn Amearika. Doe't in leger oan plysjemannnen him te foet as in âlderwetske posse sûnder hynders efterfolgen, luts de man in gefaarlik wapen. In slachtersmes. Dat stiet fansels yn gjin ferhâlding mei de oermacht oan fjoerwapens, mar sa tinke se yn New York dus net. Doe't de man, ûnder ynfloed fan drugs dus, úthelle nei ien fan de plysjes, skeakelen se him út. Net mei in foarsichtich skot yn de foet, sa as dat hjir dan besocht wurde soe, nee, hy waard gewoan eksekutearre. Jim hearre in salvo dat seis oaljefanten om hals bringe kin. Minsken mei in beheining de deastraf oplizze, ûnder de eagen fan in pear hûndert New Yorkers in ûnder ynfloed ferkearjende man omlizze, se draaie de hân der net foa

Hypokrite westerske hûnebaaskes

Afbeelding
  Der is op ynternet nochal wat argewaasje oer de Koreaanske gewoante om hûnen op te iten. De 'aaibaarheidsfaktor' fan de trouwe fjouwerpoat is foar westerske baaskes reden om de Koreaanske naasje foar ferotte fisk út te meitsjen. Is soks terjochte? Wy ite hjir ek fleis. Idi Amin iet ek fleis. De koppesnellers ite of iten ek fleis. Eskimo's ite ek fleis. Yn dy folchoarder komt dat del op: Kofleis, minskefleis, nochris minskefleis en lytse leave seehûntsjesfleis. Wa sil hjir yn dit lân no sizze dat in ko of in seehûn minder leaf is as in hûn? No, ik woe se net graach de kost jaan. Mar it is fansels sa hypokryt as de pest. As boeresoan sil ik jim sizze dat ik it net aardich fûn as de ko dêr't ik it measte mei hie, nei de slachter moast. Doe't myn âld geit Sytske dea gie, fûn ik dat net leuk. Mar sa giet it no ienris. Yn Korea witte se net better as dat der hûn op it menu stiet. Ik ha it hjoed al earder sein, ik tink dat se dêr net snappe dat wy hjir ljipaaien

Foar guon dy't de Ljouwerter net lêze

Afbeelding