Lekke klompe


 

Myn rjochter klompe lek. In gat sa grut as in daalder.

Gjin probleem, efkes nei Nij Beets om in pear nije. Ja, dank je de koekoek. Foar de goede oarder: ik ha swarte VV klompen. Maat 45-46, dat komt troch de geitewollen sokken, oars hie it mei 45 wol ophâlde kinnen.

Gjin swarte klompen yn dy maat. Wat blykt? Se wolle de heale maten der út ha by VV. En swart is ek dreech, want se ferkeapje hast allinnich mar giele. Fraai. No ha 'k dus giele klompen meinaam, mar eins is my dat net nei't sin. Skerjon klompen kin ik net op rinne, dus dan moat ik mar oan de hoeremerken. Dy binne fan waaibeammehout, mar se wolle net oars dêr by VV.

Oar jier mar nei de Skoattermerke en trije pear meinimme. Maat 45-46. As jimme noch in oare oplossing witte, hear ik it graach.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen