Posts

Posts uit maart, 2023 tonen

'Ze lachen weer'

Afbeelding
Wy ha twa hinnen en dy moasten nij foer ha. Der is gjin aai sa lekker as dy fan jo eigen hin, want dy krije ek alle grien en bôle dat wy oer ha. Lekkere donkere djerren, dus. Omdat in hinneboer wol wit dat dy bisten net goed oer feroarings kinne, helje ik harren iten altyd by deselde winkel. In winkel dêr’t wy yn corona-tiid gewoan hinne koenen en der gjin deastraf op stie as je gjin kapke foar de snút hienen. In winkel mei gewoane minsken foar gewoane minsken. (Ik wit dat der no al guon tige dogende lêzers razend lilk wurde, mar dat kin my lekker neat ferhippe 😊 )   Goed, hinnefoer.   De dame achter de baly tikke de skea yn op de kompjûter en ik betelle. It is it soarte winkel dêr’t je sels de sek mei biks út it magazyn helje, gewoan omdat jo achten wurde dat je meinimme dêr’t jo foar betelje en net mear. Ik wie nei oanlieding fan de ferkiezings eins wol benijd en frege oan de dame oft se ek ferskil by de klanten fernimme koe tusken no en in wike lyn. Wy rekken yn petear, sy