'Ze lachen weer'


Wy ha twa hinnen en dy moasten nij foer ha. Der is gjin aai sa lekker as dy fan jo eigen hin, want dy krije ek alle grien en bôle dat wy oer ha. Lekkere donkere djerren, dus. Omdat in hinneboer wol wit dat dy bisten net goed oer feroarings kinne, helje ik harren iten altyd by deselde winkel. In winkel dêr’t wy yn corona-tiid gewoan hinne koenen en der gjin deastraf op stie as je gjin kapke foar de snút hienen. In winkel mei gewoane minsken foar gewoane minsken. (Ik wit dat der no al guon tige dogende lêzers razend lilk wurde, mar dat kin my lekker neat ferhippe
😊)

 

Goed, hinnefoer.

 

De dame achter de baly tikke de skea yn op de kompjûter en ik betelle. It is it soarte winkel dêr’t je sels de sek mei biks út it magazyn helje, gewoan omdat jo achten wurde dat je meinimme dêr’t jo foar betelje en net mear. Ik wie nei oanlieding fan de ferkiezings eins wol benijd en frege oan de dame oft se ek ferskil by de klanten fernimme koe tusken no en in wike lyn. Wy rekken yn petear, sy yn it Nederlânsk, ik yn it Frysk. It bliek dat se út Ljouwert kaam. Hawar, se fertelde dat der nacht en dei ferskil is tusken de stimming ûnder de klanten fan dizze wike en dy fan ferline wike, wylst it deselde klanten binne.

 

‘Ze lachen weer,’ sei de dame. En doe moast ik even slokke. Dy trije wurden sloegen by my yn as in bom. Ik ken de ferhalen fan boeren dy’t sa yn de nederklits sieten dat se der in ein oan makke ha, de einleaze petearen oan de keukentafels en de moedige wize wêrop’t agraryske coaches besykje de koppen fan dy hurde wrotters wer yn de goede rjochting te krijen.

 

Soenen ministers Van der Wal en Adema en dy oare ferantwurdliken wol beseffe wat se oanrjochtsje? As se der op oansprutsen wurde yn de 2e Keamer dogge se as sjogge se wetter baarnen en freegje de foarsitter om stipe tsjin ditsoarte opmerkings, dy’t se dan ek noch krije. Se soenen ris in sek hinnefoer helje moatte by in winkel fan en foar gewoane minsken. Miskien dat se dan... Nee. Dat is idele hoop, inkel ferkiezings stekt harren bubbel lek. Ik kin net wachtsje oant we wer stekke meie.

 

‘Ze lachen weer.’  Yes!    

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen