Baantsjes swimme

Yngreven ûndersyk hat opsmiten dat fan healwei tsienen oant âlve oere yn it swimbad allinnich baantsjes swom wurde meie. Dan komme de âldelju yn aksje dy't in hekel ha oan bern, wetterspatten en lawaai. Niis binne wy der efkes del fytst, en se liken wakker op 't skik mei harren sels. Einliks rêst foar de âlde bonken en de lâpen spek. Neat gjin gerop en geraas fan jongerein, dwaze âlders fan rûn de 40 en yn de broek skitende beukers. Sa heart it libben te wêzen. Baantsjes swimme mei gelikensen fan gedachte en geast. Fier ferheven boppe alles dat noch wurkje moat foar de kost, of gjin wurk hat. It moaiste oardel oerke fan de dei, miskien wol fan de wike.

As ik dit skriuw is it 10.51. Wy hingje yn de startblokken. Oer seis minuten steane wy as hymjende hûnen op de râne fan de tobbe, en easkje op hege toan dat de glydsbaan iepen moat. Opsokkebalje nei jim soer fertsjinne chalet of sleurhut. No is it tiid foar de generaasje dy't it daliks allegearre foar jim betelje moat. En nee, heit sit net noflik op it terras, sa as yn dy reklame foar de tobbe yn Stiens, mar heit docht in âlderwetske boereplons. Op in plak dêr't er noch krekt in soadsje fan dy baantsjeswimmers wietspatte kin. Hoppaaaa!!!  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen