Penne en gat, past as Pyt yn Gryt

Soa, twa dagen blochstilte. De earste tillefoantsjes kamen al binnen. Bist siik? Nee, net siik. Teminsten, as je de SGP bûten beskôging litte. Mar dêr wol ik it net oer ha.

Der binne in oantal materialen dêr't ik graach mei wurkje. Hout en izer. De ôfrûne dagen krigen de De Jongkjes it briljante idee dat de boekekast te lyts wie. Soks wie te bewizen, njonken de kast lei in steapel, der wie hjir of dêr noch in doazefol.

En doe bliek dat de Bouwmax stegerplanken yn de oanbieding hie. Tjsa, doe wie ik de bear, fansels. Net dat ik it slim fûn, want ik sla fierstente min yn it hok om. No hie ik de kâns. En dat dogge jo earlik. Dêr bedoel ik mei dat ik in kast makke ha sûnderdat ik ek mar ien skroef brûkt ha. Alles mei penne en gat ferbinings. Prachtich âlderwetsk bankwurk. Master Suurd út Jobbegea soe wol nuver opsjen as er wist dat ik noch altyd mei deselde winkelheak, beitels en houten hammer wurkje as dy't ik op de legere lânbouskoalle fan him krigen ha. Poerbêst guod. Goed, dit wie it wer efkes. Sit mar net oer my yn, ûndersteande foto's litte sjen hokker metamorfoaze ús keamer trochmakke hat. Penne en gat ferbinings, past as Pyt yn Gryt, sis mar.

En as der no guon op besite komme dy't dizze bloch net lêze, sis ik gewoan dat wy sa'n ultra djoere designkast kocht ha. Makke fan hout dat noch yn de Lutine sitten hat. Leauwe se daliks. O, ja, de âlde kast stiet op marktplaats. Pracht ding. Jo kinne my ek maile.
Foar

Tuskenyn
Nei. Nij, dus.


Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen