De USA waakt over uw in- en uitgang. Amen.

It stie al op teletekst, Politie doodt man op Times Square, mar lokkich wienen yn it journaal de live bylden ek te sjen. http://www.youtube.com/watch?v=wecf3GLzhHc

Wer in moai foarbyld fan it gastfrije lân dat de USA is. Wat wie der loos? In man siet in joint te smoken, en dat mei net yn Amearika. Doe't in leger oan plysjemannnen him te foet as in âlderwetske posse sûnder hynders efterfolgen, luts de man in gefaarlik wapen. In slachtersmes. Dat stiet fansels yn gjin ferhâlding mei de oermacht oan fjoerwapens, mar sa tinke se yn New York dus net. Doe't de man, ûnder ynfloed fan drugs dus, úthelle nei ien fan de plysjes, skeakelen se him út. Net mei in foarsichtich skot yn de foet, sa as dat hjir dan besocht wurde soe, nee, hy waard gewoan eksekutearre. Jim hearre in salvo dat seis oaljefanten om hals bringe kin.

Minsken mei in beheining de deastraf oplizze, ûnder de eagen fan in pear hûndert New Yorkers in ûnder ynfloed ferkearjende man omlizze, se draaie de hân der net foar om. Lang libje de USA. En lang libje de veramearikanisearing fan Nederlân. Dizze standert moat hjir ek daliks mar gewoan wurde, fine jim ek net? Sûpkeet net leech nei in kear as wat warskôgjen? Retteketet mei in automatysk gewear. Binne je der daliks ôf.

Lokkich foar de USA winne de lange swarte mannen hjoed de Olympyske finale fan it basketbal, dan is elts dit 'lytse ynsidint' wer ferjitten. En mar wer lekker koese jûn, de USA waakt over uw in- en uitgang. Amen.   

Reacties

  1. en dan te bedinken dat 't gros fan de Amerikanen ok nag leeft fanút de overtuging:
    "with God on our side" en dat 'n sosjalistische maatskappijfisy 'n form fan misdaad is...

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Denk maar zo, het zijn toch de afvallige Europeanen die daar zijn gaan huisvesten. Met hun vooroordelen. Kijk naar Columbus, man was zeker ook stoned, zocht India, vindt Amerika, en noemt de inwoners Indianen, ben je toch al aardig de weg kwijt lijkt mij. Ze noemen zich een smeltkroes van culturen, maar zelfs met sport moeten ze het hebben van import. Leuk stuk Stikelstekker!

    Alex Baan

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen