PvdA en CDA

No, je soenen der hast fan efteroer slaan. Einliks ha se by de PvdA en it CDA troch dat se elkoar better net nei it libben stean kinne, mar dat se troch mei elkoar op te arbeidzjen besykje kinne dat de ekstemisten te lofter en rjochter side it hjir net wer foar it sizzen krije. Oft soks kâns fan slagjen hat falt te besjen, mar dat it in basis wêze kin foar in aardich stabilere regearing as dy't we no hân ha? It is te hoopjen. No noch sjen de minsken der fan te oertsjûgjen. Dat sil de grutste hobbel wurde.

Hoe kinne de beide partijen no samar dizze kar meitsje? Soe de Fryske konneksje tusken de foaroanmannen fan de PvdA en it CDA der wat mei te krijen ha?

Reacties

  1. Ik ha wat mist leau'k. Dat oer dy Fryske konneksje. Dy fan it CDA begryp ik, mar Samson? Of bedoelst Jacobi dy't dêr ek sit? Ik hoopje dat har ynfloed der ek w&eze mei..... Froukje R.

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen