Bandsjes yn de kliko

Hjoed ha ik ôfskie naam fan in stik skiednis. Al myn cassettebandsjes yn de kliko smiten. It waar siet yn de de kaartsjes en ik ha yn de bus net iens mear in radio dêr't ik tape draaie kin. No wienen wy oan it opromjen, en dat fyn ik moai wurk, dus is der aardich wat rommel sneuvele dy't je wol ha mar neat mei dogge.

Mar dy bandsjes sit wol in pear jier wurk yn. Finger op de pauzeknop, de âldere jongeren sille it grif snappe. No wie ik dêr nochal ekstreem yn, en hie njonken dat ik alle nammen op it kaartje sette ek noch in kaartebak mei alles dat op dy bandsjes stie. En dy nammen ha 'k bewarre. Gewoan om jim sa no en dan in nûmer fan in folslein ûnbekende groep hearre te litten. Soks hoecht net op alfabet, ik pak der gewoan in kaartsje út. En der stiet nuver guod tusken, dat sil ik jim sizze.

Om te begjinnen: The Ozark Mountain Daredevils. In stel hippies mei lange ZZ-Top burden. Hear mar ris nei Chicken Train.


Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen