Boek ferkeapje yn 'e Wâlden

In petearke earne yn de bosk fan De Himmen.

'Ja sjoch, wy binne hjir 50 jier lyn wei gien.'
'Aha. Wêr hinne?
'Harns. Om den brode, it is hiel wat oars as hjir.'
'Dat liket my ek. Iepen flakte.'
'Mar no't ik út it wurk bin skuor ik de caravan hinne dêr't ik wol, dus sadwaande binne we hjir no efkes.'
'Krekt. Ha jim wol wat te lêzen meinaam?'
(ferheard gesicht) 'Hoedatsa?'
(greep yn de auto)  'Dan ha ik wol wat foar jim.'
(sjocht nei it omkaft) 'De Jong... nea fan heard. Wa is dat?'
'Sjoch mar nei de oare kant fan it boek.'
'Och heden, mar... dat binne jo!'
'Ja.'
'Wat moat it opbringe? Dit is aardich, dy nimme wy mei.'
'Moai sa. Wolle jo der ek in krabbel yn ha?'
'Jawis! Ik ha net ien boek dat troch de skriuwer tekene is.'
'No, mar in goede fakânsje dan.'
'Komt wol klear. Lit it no mar tongerje, haha!'

And that is how we do that...

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen