Finlân

No sitte dy Finnen wol in grut part fan it jier yn it tsjuster, mar om no te sizzen dat se kollektyf spikergek binne, giet my wat te fier. Dus, in lân mei in AAA-rating jout oan dat de euro in katastrôfe is. Dat kinne je njonken jo dellizze ûnder it mom fan: 'Wy witte alles better,' mar miskien is it wizer om ris mei elkoar om tafel. In AAA-rating krije jo net samar, it binne gjin sukkels dêr yn Finlân. Binne it briljante strategen of dolle se harren eigen grêf? It gros fan de polityk yn Nederlân sil grif it lêste sizze. Wilders sil syn gelyk helje wolle. En ik? Ik soe graach witte wolle wat de konsekwinsjes fan in Finsk úttreden binne. Gewoan, foar it gefal it net al te skealik is, no? Jo witte it mar nea. 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen