Hypokrite westerske hûnebaaskes

 

Der is op ynternet nochal wat argewaasje oer de Koreaanske gewoante om hûnen op te iten. De 'aaibaarheidsfaktor' fan de trouwe fjouwerpoat is foar westerske baaskes reden om de Koreaanske naasje foar ferotte fisk út te meitsjen. Is soks terjochte?

Wy ite hjir ek fleis. Idi Amin iet ek fleis. De koppesnellers ite of iten ek fleis. Eskimo's ite ek fleis. Yn dy folchoarder komt dat del op: Kofleis, minskefleis, nochris minskefleis en lytse leave seehûntsjesfleis.

Wa sil hjir yn dit lân no sizze dat in ko of in seehûn minder leaf is as in hûn? No, ik woe se net graach de kost jaan. Mar it is fansels sa hypokryt as de pest. As boeresoan sil ik jim sizze dat ik it net aardich fûn as de ko dêr't ik it measte mei hie, nei de slachter moast. Doe't myn âld geit Sytske dea gie, fûn ik dat net leuk. Mar sa giet it no ienris.

Yn Korea witte se net better as dat der hûn op it menu stiet. Ik ha it hjoed al earder sein, ik tink dat se dêr net snappe dat wy hjir ljipaaien sykje. Dus dat rachen mei oandwaanlike foto fan hûntsjeleaf op de eftergrûn dy't miskien syn of har lêste stront skiten hat?

Je kinne hjir yn Nederlân prachtige fotoreportaazjes meitsje fan kij, skiep, geiten en bargen, in pear tellen foardat se it genedeskot krije. De kâns bestiet dat dy leave kij, skiep, geiten en bargen ferwurke wurde ta lekkere hapkes foar de ta yn de grûn bedoarne westerske hûntsjes. Tink dêr ris oer nei, en skel net in lân ferrot dat net better wit. Selektive lilkens is sa 1980...

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen