Neil Armstrong en it CDA

It giet hartstikkene goed mei it CDA. Der sit wer humor yn, de byldfoarming doocht. In oantal foarbylden.

In wethâldster dy't yn lounche-hâlding fertelt hoe drok se oan it wurk is, en en passant de wrâld noch efkes sjen lit dat se in swarte bústehâlder oan hat. Plaatsjeboek op de leuning fan de ergonomysk ferantwurde lisstoel. Prachtich. Ik mien dat ik earne lêzen ha dat se yn it strategysk berie fan de partij sit, dus it wachtsjen is op Siebrand Buma dy't yn in tanga en in kek himdsje yn it folgjende listlûkersdebat oanskood. 

En dan ha we noch sa'n lokale topper. In eks deputearre. No wer werom nei syn roots, fergaderboer. Dy bêste man stiet foar alle humor dy't in partij brûke moat. Sitte jim yn in dip? Folgje him op twitter, u scheurt u de buisen uit. Foarbyld: Juster ferstoar Neil Armstrong. Ien fan de echte BA'ers. Bekende Amearikanen. 
De man stie as earste op de moanne. Hoe en wat? Docht der net ta. Hy die it, en hy hat der in soad oan hân, mar hat der ek in soad foar litte moatten. No kamen der al gau reaksjes op twitter oer it weireitsjen fan dizze ikoan fan de romtefeart. Ik nim jim mei nei de belibbingswrâld fan in eks deputearre fan de moaiste provinsje fan Nederlân. In man mei humor. 

Dit wie de reaksje: Een waardig opvolger van Neil Armstrong, Oane Galama fierljept 20,63 meter verrrr 

Ik leau dat ik mar thús bliuw op 12 septimber. 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen