Marco van Basten oer de lieding fan SC Hearrenfean

Poeh, dêr siet gjin wurd Spaansk by. De trener fan de Sportclub Hearrenfean liet efkes witte wat er fan de lieding fan de klup fynt. Op in rêstige wize, net oerdreaun. Mar je koenen sjen dat de stoom him hast út de earen kaam. Wy wienen der juster by, en it ferskil wie grut. Jonkjes tsjin Noarske keardels.

It hûshâldboekje op oarder en fuotbalje djip yn it rjochter rychje. Is dat in basis dêr't de 26000 minsken dy't om de fjirtjin dagen nei it Abe Lenstra Stadion komme bliid mei binne? Tuskenbeide is ek romte, soe ik sizze. Se laitsje harren yn Ingelân en Spanje slop om klups as It Feen. De braafste fan de klasse is mar komselden in winner. Dan moatte jo yn bepaalde opsichten in rotsak wêze.

As jim it noch net sjoen ha: Hjir it petear mei Marco van Basten fan juster.


Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen