Moai berjocht út Drachten!!!

 


Tusken alle drek dy't we oer ús hinne krije oangeande hoefolle ekstra jild we aanst wer kwyt binne oan Den Haag en Brussel, stie der yn de LC fan hjoed in nijsgjirrich berjocht. In hoopfol berjocht.

Wat is it gefal: De biblioteek fan Drachten, de beleefbiblioteek, jo kinne dêr fan alles belibje, sa as kollega Douwe Kootstra altyd seit, sil op snein iepen. Op 't heden wurdt er opknapt en opnij ynrjochte. Dat mei dochs wol opmerklik neamd wurde.

Koartsichtige gemeentebestjoerders slute massaal de doarren fan de bybs. Komt neat gjin goeds fan, stel dat al dat folk wat fan dy boeken opstekke soe, God ferbiede it. Ticht mei dy brot. Kin moai ûnder de nûmer fan jildpine. Ik oerdriuw wat, mar it is foar my net te begripen dat in kâns op edukaasje fuortnaam wurdt, wylst der oerstallige wettertappunten oanlein wurde. Foar 2500 euro it stik. Soks raast oan de protters.

Mar yn Drachten docht de byb it prima, sa't it skynt. No sil er dus op sneintemiddei ek iepen. Wat in revolúsje! Ik hoopje dat de minsken yn 'e rige stean, al wie it mar om sjen te litten dat al dy oare bybs net ticht moatten hienen. Goed nijs út Drachten. As it der is, moat it ek sein wurde.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen