Fleurich nijs...!

Wat in feest. Plaatsjes smite mear op as skreaun Frysk. Soks is net sa dreech út te lizzen, wy libje yn in wrâld dêr't minsken leaver nei plaatsjes sjogge dan dat se in stik lêze. Dizze is foar insiders. Ik neam it ferearming, mar dat hoecht net ien mei my iens te wêzen, hear.

Goed, it is wer ris moandei. De NOS sportzomer is einliks oan syn ein kaam. No de sporters noch op de boerewein troch it doarp toarkje, en klear is it wer.

Juster oardel oere mei in droege bek yn it Abe Lenstra stadion sitten, omdat ús ultra gefaarlike fleske wetter net troch de ballotaazje kaam. Wol ik ek net in wurd mear oan smoarch meitsje.

It is tiid foar fleurich nijs. De prommen binne hast ryp, de tomaten út de kas binne treflik fan smaak, de komkommers dito. De disel en benzine is noch nea sa djoer west as no. Yn Athene ha se in bûtenlanner om hals brocht. O jee, ik soe fleurich nijs bringe... Hienen jim der ek al oerhinne lêzen? It rekket je amper mear. De kranten skriuwe der in stikje oer, it stiet in heale dei op teletekst en dat wie it dan wer. Alle dagen wurde de oantallen deaden yn Syrie op twitter setten. Op in gegeven momint wurdt it hast hilarysk, wylst it fansels freeslik is. 'Vandaag 180 doden in Syrie.' Was getekend, Harald Doornbos. No, ju. De tabak is 40% djoerder wurden, meast troch hegere accijnsen. Ik ha in kreupele geit en de hinnen ha luzen. In ûnkrûd waakst as in idioat, it gers ek. Der komme tongerbuien en ferkiezings. Moat ik noch mear... O, wacht efkes. Yn septimber begjint de moanne fan it Fryske boek. En oer in skoft is it 2013. Ein. Kwak.

Reacties

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen