Ajax

It mei bekend wêze dat ik gjin leafhawwer fan de AFC Ajax bin. Hast alles oan dy klup stiet my tsjin. En dat te krijen mei de arrogânsje dy't se dêr útstriele. Nea sille se tajaan dat in oar better wie, nee, wij hebben dit en wij hebben dat. Babbel, babbel, haadsponsor Jack van Gelder en syn maten lulle der eltse snein in oere mei fol. Hjoed soe it ek wer los. Mickey Sulejmani hat in tikje op de ankel krigen yn de kânsleas ferlerne wedstriid tsjin Feyenoord. 'Halen we toch die rechtsbuiten van Heerenveen nog even?' Sa komt it oer. Lokkich ha dy mantsjes fan It Feen it sa heech yn de bol dat se oan in heale dei net genôch ha om alles yn de lytse letterkes op papier te krijen, dus it liket derop dat it oer gean sil. Mar it is noch gjin tolve oere, dat ik bin benijd.
Wat se dêr no sa oanlûkt yn Amsterdam? Ik soe it net witte. Der hinget neffens my in aaklige sfear. Foar straf tsjin de tribunes opklune en sa mear. No, leuk hear. En in topklup is it al lang net mear, allinnich noch yn namme. It sil om jild gean. Mar sportyf hoege jo dêr net te wêzen. As, en dit is gjin grutspraak, as It Feen noch in kear as seis, sân efterelkoar har potsje wint, dogge se like goed mei om de titel as Ajax. PSV sil it wol winne, mar dat is dan mar sa.
Skande dat der allinnich noch mar leafde foar jild bestiet, en gjin klupleafde. Ho, der binne noch wol in pear. Dy jonges fan ADO, de Verhoekjes. Sa ûnwennich as in kat doe't ien fan beiden nei Forest koe, en op knibbels werom. Sandor van der Heide wie ek leaver yn Snits dan yn Dútslân.
Hawar, wy sjogge moarn wol wat der noch oan bakken mei jild oer en wer smiten is. Wat soe it moai wêze as It Feen oant de lêste wedstriden meidwaan soe. In ôfskiedskado foar Jans, de trener dy't (ferstannich) oan de ein fan it jier fuortgiet. Lit him al syn fenyn en fakmanskip mar brûke en sjen litte yn dy lêste moannen. Kin er oar jier de klups útsykje.

Updeet: Hear niis dat Wesley Verhoek nei Twente sil. Haha, dat is noch te befytsen! 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen