Fryske BF'ers yn de bleate kont

Mei tank oan Hilda Talsma giet dizze bloch oer minsken sûnder klean oan. Guon neame dat neaken. Bleat.
Hilda strúnt it internet ôf en set prachtige posts op facebook. Hjoed wie wer in topper. Ik hie it net fûn, mar dizze tige wichtige ûntjouwing yn TV-lân fertsjinnet rom omtinken. Wat is it gefal?

It is krisis. Ek yn TV-lân, de Omrop wit der alles fan. Mar ek by de kommersjele omroppen moat de broeksriem in gatsje nauwer. Wat is dan makliker en doch it hiele ding mar út, ha je der ek gjin lêst mear fan. Sa betochten de format-jonges fan RTL it folgjende: Jo ha in tropysk eilân (kin ek neimakke wêze en earne yn de polder yn in loads tahâlde) en sette dêr saneamde singles op.

Saai. Is al sa faak dien.

Jo soargje foar moai waar (CV op 25 as it yn de polder is) en sizze tsjin de (moaie) jonges en famkes: 'Om de sjochsifers wat omheech te krijen, soenen wy it op priis stelle dat jimme it baaien himd mar út dogge. Hoe liket dat?'
Dan ha je dus in stik as wat wiebeljende boarsten en slingerjende wjirmfoarmige oanhingsels op TV. Sjoch hjir mar. Prachtig moai, net?

Lekker naturel.

No hienen Hilda en ik daliks deselde gedachte. Lytse selsstannigen tinke gelyk, sa mei it wol wêze. Wy tochten oan in Fryske fariant. Moat wol mei tige knap waar barre, oars bliuwt der net folle fan it soadsje oer en it each wol ek wat, mar soks moat te regeljen wêze, Oars in professionele opkideler der by om de boel wat yn de pronk te hâlden?

Rottumerplaat liket my in moaie lokaasje. It moaiste soe wêze dat der ek wat bekende Friezen by binne, dat lûkt ekstra sjoggers en dêr dogge wy it foar.

Sjoch, dat nije programma fan de Omrop is leuk en aardich, mar Bynt kin daliks wol wer ophâlde as dit fan de grûn komt.

Jim sile wol sizze, gean do mar yn de bleate kont op TV. Sorry, ik ha it net oan tiid. Krisis, no?

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen