Facebook en twitter

Foar alle minsken dy't net op sosjale media sitte: Jim misse meastal net al tefolle, mar soms ek wol.

By twitter is it frij simpel, jo twitterje der mar op los, njoggen fan de tsien kear giet it nearne oer. Alle minsken dy't twitter brûke as iepen deiboek, ha it net begrepen. Jo kinne ek in privee berjocht stjoere, dat is wat diskreter. Kin ek serieus wêze.
Wolle jo in soad minsken berikke is twitter in machtich medium. In soadsje retweets en jo bloch wurdt drok besocht. 

Facebook is oare koeke. Plaatsjeboek, fotoboek, ûnsinboek, hoe't je it ek neame wolle. Sjoch, dêr ha jo plak om te chatten. In jeuzelblokje yn it kwadraat, sil ik mar sizze. Ik meitsje my der ek skuldich oan. Juster ha ik foar it earst sa freeslik lake dat de triennen my by de wangen del glierden. Allegearre troch in konfersaasje op Facebook. Nee, ik sil net fertelle wêr't it om gie. Dat wit allinnich de NSA, mar ik wol net leauwe dat dy yn Fryske chatrooms meilêze.

Foar de rest: De sinne hat it noch altyd dreech, neffens de waarman fan de Omrop. Ik bliuw it der net mei iens. De sinne is sa sûn as in fisk.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen