Ingenieursbureau Oranjewoud wurdt Antea Group. Wat sei..?



Je ha fan dy nammen dy't byelkoar hearre. As ik Koga sis, tinke jim der Miyata efteroan. Itselde jildt foar Douwe en Egberts, Javaanse en Jongens en sa kin ik wol efkes trochgean.
Sterke merken dy't troch histoarje en reklame sa yn jo holle sitte dat se der mar min út te krijen binne. Dat is ek net slim, alteast as jo net te meitsjen krije mei nijerwetsk tinkende managers en amtners dy't miene dat soks oars moat. Sa binne se hjir yn de gemeente Smellingerlân al jierren dwaande om ús de namme Drachten der yn te slaan, omdat dat yn Den Haach better bekje soe. No ha we al mar minder mei Den Haach en mear mei Brussel te krijen, en dêr ha se alle útbuorren fan Europa dus kin de gemeente likegoed Smellingerlân hjitten bliuwe.

Fryske bedriuwen mei wrâldwide namsbekendheid moatte it faak ûntjilde as se oernaam wurde troch 'bûtenlanners'.  Dan is in suksesnamme sa as Friesland net goed genôch mear. Lit mar, tink ik dan, jim komme der wol efter wat in namme dwaan kin.

Hjoed wer in foarbyld. Stel ik sis Ingenieursbureau... Grutte kâns dat jimme der Oranjewoud efteroan sizze. Dat is nei 62 jier ynkoarten oer en út. De safolste neatsizzende namme Antea Group nimt it plak fan in histoarysk moai keazen namme yn. 'Omdat als we een kaartje bij Coca Cola neerleggen, we een kwartier verder zijn voordat er zaken kunnen worden gedaan.'

No, dan ha jo se al by de strôt, tink ik dan. As jo oan de hân fan dy namme op in aardige wize útlizze hoe'n deeglik, âld en betrouber bedriuw jo binne, ha je se al heal yn 'e bûse. Antea seit my neat. Spam. As ik mail fan Antea en fan Ingenieursbureau Oranjewoud krije soe, wist ik wol hokker ik as earste lêze soe.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen