Rinskuon

De bern kinne wol tinke dat ik gek bin. Ik ha nije skuon. Dat is op himsels net sa frjemd, mar ik hie ek al nije skuon. En no ha ik krekt it tredde pear nije skuon. Dus frege junior juster oft ik hjoed wer om nije skuon gean soe. Mei wurden: de âldman is it paad bjuster. Dat is net sa, alles is út te lizzen.

It sit sa, ik hie rinskuon. Skuon om op te rinnen. Dat is dochs it doel fan alle skuon, hear ik jim sizzen. Ja, mar as je in ein om geane, binne bygelyks hege hakken net sa maklik. Net dat ik hege hakken ha, mar om in foarbyld te jaan.
Rinskuon dus. En dy slite as jo der op rinne. Of mei rinne, of yn rinne, ik wit it allegearre ek net mear. Hoe dan ek, se slite. Soks is jammer, want jo wenne oan jo eigen rinskuon. Mar oan alles komt in ein, ek oan it libben fan in pear rinskuon.
Tafal woe dat de rinskuon fan de frou ek fersliten wienen. Tagelyk. Dus wy tegearre om nije. Beide yn ien loop slagge, dan giet it dus foar wûnder.

Daliks mar in eintsje om op de nije rinskuon. Dat moat wenne, boppe-op it krop die it wat sear. Dat soe de oare kear wol better wurde, want jo foet moat efkes oan de nije situaasje wenne. Dy nije situaasje hat hast in moanne duorre, dizze wike barste de bom.

Wylst myn frou as in ljip op har nije rinskuon de kilometers opfriet, hie ik mei de dei mear lêst fan dy aaklige nije rotskuon. Dus doe't wy in dei as wat lyn in foech kilometer fan hûs wienen, bin ik foar it earst yn myn libben yn staking gien. Myn rjochter foet joech dêrta opdracht. De izeren luskes dêr't de fiter troch moat, stienen my hast oan de bonken ta yn it fel. Der wie wat mis mei dy skuon dat der net út rinne woe.

Ik it smoar yn. Daliks wer nei Drachten om oare rinskuon. De frou mei. Lilk as ik wie, (de bon net fine kinne en de doaze mei de âlde, stikkene skuon al fuort smiten, mei oare wurden gjin kâns op ruiljen) nei in oare winkel. Wer nije rinskuon. Ik ha wol tsien kear om de stelling hinne rûn, it folk seach my op 't lêst al sa mâl oan. Mar dat koe my neat ferhippe, net wer seare fuotten, dat wie it hegere doel. Oare skuon oan en de pine fuort.

Ein fan it ferhaal? Nee, junior komt nochris del.

'Heit hat nije skuon,' sei de frou tsjin har.
Sy lûkt myn âlde, nije, aaklige rinskuon oan en set in pear stappen. Nettsjinsteande it feit dat se fierstente grut wienen sei se: 'Dy skuon dogge sear.'

Doe't bliek dat meardere fuotten op deselde wize reagearren op dy skuon, ha wy belle. Fansels wie de bon der noch wol, de frou bewarret soks altyd kreas en ik ha gjin geduld as ik om nije skuon gean. De doaze wie al fuort, dat hie ik dus sels dien, mar dat wie dan mar sa.

Om in lang ferhaal koart te meitsjen: ik mocht nije skuon útsykje. It tredde pear yn in pear dagen. Is 't net in wûnder? De oare kear gean ik dus wer nei de earste winkel omdat se dêr in goede service ha, mar dat sil noch wol in jier as wat duorje, want ik sit rom yn de nije skuon op 't stuit.    

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen