Seks yn Sotsji

Yn de oanrin nei de olympyske spullen yn Sotsji stie der hjoed wer ris nijs yn de krante. De BAM formaasje fan Jillert Anema bliuwt lekker dwers en giet fansels werom nei it heitelân as de Bonkefeart beriden wurde kin. Wat oars hienen wy ek net ferwachte. Der is mar ien Tocht. Sven kin der noch wolris spyt fan krije as er in frijwat anonime gouden plak wint op de fiif kilometer en Jorrit Bergsma sit by Pauw en Witteman om syn winnende Tocht te beskriuwen. Hein Vergeer syn ferhaal is bekend, Evert van Benthem wie en is de man. Vergeer mei wrâld- en Europeesk kampioen wurden wêze, dat seit nimmen wat. Sels in olympyske titel sil yn it neat falle mocht de Tocht ferriden wurde. 
Sotsji wie ek noch op in oare wize yn it nijs. De muorren krije earen yn it mondaine subtropyske Russyske plak. It soe my net ferwûnderje as it net allinnich by ôflústerjen bliuwt. Foar olympyske opbloeiende leafdes ûnder atleten soe ik foar lekken soargje as der wat fierder gien wurdt as hân yn hân rinne. Of jo moatte it idee spannend fine dat in stik as wat lju fan de Russyske geheime tsjinst live nei jo gimmestykoefeningen sjogge. Se bewarje alles dêr, dus mochten jo in evaluaasje en in trajekt fan ferbetteringen yngean wolle as it om it lizzende wurk giet, kinnne jo miskien wol wat regelje.
Olympyske spullen lykje in gedrocht te wurden dat allinnich noch mar organisearre wurde kin troch lannen dy't net al te krekt op minsken, regels en jild sjogge.         

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen