Eddy Dijkstra en Auke Zeldenrust. In Bourgeois en de leafde foar in parkyt

Kofje yn it skoft
De kop is der ôf. Neidat de tsjerke fan Koartehimmen oergien is nei de Stichting Alde Fryske Tsjerken fungearret de pleatslike kommisje as deistich bestjoer en is frij om aktiviteiten te organisearjen.
Soks is net samar klear, mar juster wie de earste jûn. As ik hear dat op guon plakken 9 minsken op in program ôfkomme, wienen de 44 minsken yn de tsjerke fan De Himmen sa min noch net. Dyselden dy't thús bleaun binne ha in nijsgjirrich programma mist. Eddy Dijkstra song en spile, Auke Zeldenrust fertelde wiidweidich oer syn nije boek Dorp achter tralies, in sfearbyld fan it libben yn finzenis de Marwei.

Draaidoarkriminelen, de leafde fan in Turk foar syn parkyt en tattoos meitsje mei in elektryske toskeboarstel en in E-snaar fan in gitaar. Wy ha it allegearre hearre kinnen.

Dit alles op in plak dat ta de ferbylding sprekt, want sa tsjuster as it by de tsjerke fan Koartehimmen is, komme jo net faak tsjin. Wy sille besykje om mear fan ditsoarte jûnen te organisearjen. Tips binne wolkom.  




Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen