Joe Bonamassa yn Martini Plaza


 It falt my op dat der in soad minsken binne dy't noch nea fan Joe Bonamassa heard ha. Dochs wie it Martini Plaza juster oan de lêste stoel ta fol.
Okee, je moatte soms efkes de grins oer om yn Grins út te kommen, mar foar in kear is dat wol te dwaan. En dan krije je ek wat. Foar de minsken dy't echt gjin idee ha wêr ik no wer oer skriuw: Joe Bonamassa (8-5-1977, New Hartford, New York) is in gitarist en sjonger. Dat docht er sûnt er fiif jier jong wie. Hy is no 36, dus 30 jier oefene. Dat kinne jo hearre. Hy kin der wat fan.

Joe Bonamassa spilet blues en rock en dat wie oan de gemiddelde leeftyd fan de taskôgers te sjen, it komt net faak mear foar dat ik tocht ien fan de jongerein te wêzen. Juster al, mar dat makket neat út.
It begjin fan de show wie akoestysk, dêrnei kaam de iene nei de oare Gibson Les Paul foar it ljocht. In hearlik konsert fan rom twa oeren.

Minpuntsje: In pear kear stie de boel krekt wat te hurd, mar dat duorre net lang. 

Pluspuntsjes: Tefolle om op te neamen. Foar my persoanlik siet it hichtepunt fan de show al hielendal yn it begjin, mei de akoestyske gitaren. Ik bin dan ek in hardcore Bad Company fannaat. De cover fan Seagull troch Bonamassa mei der wêze.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen