Sutelje? Wêrom?

It sil in soad fan jim net ûntgien wêze dat der wat te rêden is yn de Fryske skriuwerij. Myn namme komt geregeld foarby. Om foar te wêzen dat saken ferkeard útlein wurde it folgjende:

De aksje dy't op priemmen stiet moat foaral opbouwend besjoen wurde. Minsken dy't my better kenne witte dat. Ik ha noed oer it tebekrinnen fan de omset fan Fryske boeken. Net iens om it jild, mar om de edukaasje. Biblioteken slute, op ynternet lêze jo (hast) gjin Frysk boek.
Om boeken sichtber te meitsjen kinne jo fan alles betinke. Mar nei in soad petearen mei kollega skriuwers en eigen ûnderfinings docht wol bliken dat je boeken by minsken oan de doar ta bringe moatte. Of op lokaasje by optredens wol it ek noch wol. Mar Frysk wurk yn winkels is grieme yn de marzje, se ha se net iens op foarried. Mei alle respekt foar alle ynspannings, mar om omset te generearjen moatte jo neffens my en in soad oaren by de doarren del.
It is net de bedoeling om minsken oan te fallen of skea ta te bringen, lit dat helder wêze. Sa bin ik net, it giet om de taal en it feit dat ik graach wol dat minsken Frysk lêzen bliuwe, of dêr mei begjinne.
Wy wolle graach sjen litte dat minsken de stap om in Frysk boek te keapjen wol nimme as it harren op in moaie âlderwetske wize oanbean wurdt. Want net alles dat earder barde, wie ferkeard. De ploech dy't him hjir efter sammele hat, hopet 9 novimber op in prachtige dei yn Bitgum en Bitgummole.





Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen