Sibe van Aangium en Kazachstan

Der is immen yn Kazachstan dy't myn bloch folget. No ha ik dêr by myn witten gjin kunde. Ik wit wol ien en oar oer Kazachstan. Yn Rusland voor gevorderden, ien fan de prachtige reisboeken fan Jelle Brandt Corstius, skriuwt er een haadstik oer dit ûnherberchsume oarde. Oer de iiskâlde wyn dy't oer steppe jaget, de korrupsje en oer 'gewoane' minsken. Prachtich, foar elts in oanrieder. Kleine landjes, it boek dat er dêrnei skreau, wie sa goed net, mar noch altyd de muoite wurdich.
Immen dy't in foarleafde foar Ruslân hat, is in stekje oan los, sa seit er. No, dat wit ik dan ek wer. Altyd al tocht dat ik net hielendal fris yn de holle wie. Komt troch dy aaklige Russen, dus.
Hoe reitsje je sa yn de besnijing fan sa'n lân? As ik myn (beheinde) geheugen der op neifreegje komt de namme Sibe van Aangium boppedriuwen. Ik tink dat hy it op syn gewisse hat. Seit jimme wol wat? Van Aangium? Skriuwer fan geweldige jeugdboeken, en foar my wiene De smokkelaars van de Schans de oanset om wat mei Ruslân te krijen. Napoleon soe dy Kozakken wol efkes lytsman meitsje en rekrutearre in leger dat jammerlik ferlear troch de triomf fan it net oanfallen troch de lepe Russen. Honger en te min klean soargen foar freeslike ferliezen. Ik wit noch dat ik doe foar it earst bylden seach by wat ik lies. En soks bliuwt je by.
Dus, foar dy folger út Kazachstan: Nastrovja! It wie hjoed dik 30 graden yn Astana, dat kin hinnebruie.    

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen