Portretfoto
Ha, dit is wer wat nijs! Niis waard ik belle troch in dame dy't fotograaf blykte te wêzen. It is wat. Wolle se myn kreaze kopke net op in portretfoto ha? Foar it argyf fan Tresoar. No, dat komt klear, as se him mar goed fier fuortstopje dan. De reden derfoar sjogge jim hjirûnder. En hjir hie ik in knappe dei, dus bergje jimme mar as it sin wat minder is. Lokaasje wurdt de Feanhoop, datum jou ik net wei. Ik stel foar dat se de omjouwing mar op de print set...
Reacties
Een reactie posten