Verwerpelijke houding

Bêste minsken, ha jimme dit berjocht juster yn de krante stean sjoen?


Net bêst. En it wurdt noch slimmer. Evert de Jong kin him mar tariede op noch in klap yn it gesicht. Wêrom? Hjoed hat in dame út Jobbegea my op de foto set. Dêr hie ik it al earder oer: http://stikelstekker.blogspot.com/2011/07/portretfoto.html

Leuke dame by the way, se smookte, en fûn krekt as ik dat je dan hast in paria binne. Hawar, it barren wie op de Feanhoop. Ja, OP de Feanhoop, frou S. En ik bin der yn in freeslike pose opkaam. Boppe-op in picknicktafel. Mei Sweedske klompen oan. Sa op it itersplak fan minsken dy't net witte dat ik dêr mei it gat sitten ha. Der wurde dêr gâns hûnen útlitten, mei wat pech hie ik ek noch in skamper stront oan de klompen. Dat ik wit net hoe't dit komme sil mei Evert en my. Koe wolris op in rjochtsaak útdraaie. Lokkich foarseit John Paulusma in soad wetter dit wykein, kin dy tafel moai skjinreine. It resultaat is 16 septimber te sjen by de iepening fan de moanne fan it Fryske boek, yn Tresoar. Komt allen, Evert mei om my wol yn Nijehoarne bliuwe. Miger.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen