Droege bannen

Sa leare je dus eltse dei wer wat.
Oanlieding foar al dy omfallende fytsers yn de Tour? De tuben binne net droech genôch. Droege woarst is my net gau te droech, mar tuben? Neffens it duo Michel Wuyts & José De Cauwer waarden eartiids de bannen fan de wichtige fytsers in jier as wat bewarre neidat se produsearre wienen. Dan koenen se droegje. Pas dan wienen se sa te montearjen dat it perfekt te plak siet. Hjoed-de-dei is dêr gjin tiid mear foar en dat is de hearen in gruwel. Der is noch earne in kelder yn België, (dêr krij ik dan wer nuvere assosjaasjes by) en yn dy kelder lizze noch moaie, ripe en goed te brûken bannen.
Kulferhaal of echt wier? Eartiids wie alles better, dat ik twivelje. Soene der bylden fan dy kelder wêze?

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen