First things first: morellen

Hoogerland.
Cash.
Nije wethâlders sykje yn komkommertiden.
Springkessens dellizze foar in gek dy't graach op in skoarstien sitte mei. (stumper brekt de heup ek noch troch al dy ôflieding)
De PVV wol fiskje.
In pony op 'e rin.
Foppe op 'e rin? (niis efkes sjoen, 28 graden yn it skaad, en gjin wolkje oan de loft yn de Pacific. Mmm)
Miss Fryslân gjin miss Nederlân, no, it is wat.

It is dus simmer. Echt nijs is der net, hoewol, lit ik in wichtige meidieling dwaan: de morellen binne ryp. En dat is betiid, hear. Se binne by it pearse ôf. En dan binne se wol te iten. As se noch read binne, lûkt de bek dy byelkoar, sa ferhipte soer kinne se wêze, mar no? Prima. De hiemklyster hat it ek troch, en we ha útwreiding, in houtekster komt ek in kear as wat yn de fiif minuten skeanoer. Drok op it hiem, dus.
Wol is der noch in probleemke: de Frieslander earpels binne troch it net hinne waakst, en as ik dat no losskuor, wit ik net hoe't it komt. Dêr woe ik my de kommende dagen  mar oer bûge. De stoofparren en de prûmebeammen sitte grôtfol. Ik tink dat der in kâlde winter oankomt. En Klaas Jansma hâldt der ek al mei op. Ik sil ophâlde, aanst reitsje jim yn in simmerdip, en dat mei net. De simmer is ferplicht leuk, no?


 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen