Nei de H loere

Sa. Tiid foar in dreech stikje literêr kommentaar, want dêr is driuwend ferlet fan as ik de ferhalen op ynternet leauwe mei. Of nee, sorry, hjoed mar efkes net. Ha it nochal drok hân. Net mei skriuwen, saai, gewoan mei it wurk. Dus tiid foar eat dat better ferkeapet as alle Fryske boeken yn in kroade.

Ja, bêste minsken, we moatte it der dochs mar oer ha, it Frysk nasjonalistyske orgasme komt der wer oan. Trije wiken lang, en it begjint yn ús Grou. Snik. Sjoch, dat se yn Frentsjer mei in baltsje hinne-en-wer slaan is ús hjir wol goed. Want wy ha Klaas. En dy sit yn de Woeste Pibe. Mei Sippy. En in net neier te neamen stjoerman. By dizze in oprop, doch dy man net langer tekoart, neam syn namme, wy wolle soks witte! Alles wolle we witte. Fan lummels, kloaten, knikken yn skoaten en starte fan de wâl. Fan boskjes, droechten, baren en stikkenfearne helmhouten.

En ik? Myn beleving is nochal iensidich. Ik sjoch wêr't de H is. En as er net foaroan fart, ha ik de smoar yn. Want sjoch, alles goed en wol, it sil ús Feensters net barre dat dy Snekers, Drachtsters of Grousters ús de loef ôfstekke.
Poëzy op it wetter. Dêr kom ik de simmer krekt mei troch. Hup H! 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen