Flaanderen

It hat foardielen, Flaanderen by Nederlân. De literêre prizen bliuwe yn eigen lân, we winne it Grut diktee wer in kear, de top trije fan it balskoppen wurdt samar top 6, mei Standard, Club Brugge en Anderlecht der by. Se kinne ús leare hoe't we klassikers op de fyts winne moatte, en it skynt dat se better itensiede kinne. Allegearre foardielen. Allinnich jammer dat it net barre sil. Se sille noch earder op harsels bliuwe. Se ha in hekel oan de grutte bekken fan de Nederlanners. Hoe't soks mei Friezen sit wit ik net. Wy hienen thús eartiids Bêd en Brochje, en dêr kamen ek wol Belgen op ôf. Neat mis mei, se fytsten en fûnen Fryslân wol wat op Flaanderen lykjen.
Dat se hast troch it bêd hinne kakten wie ta dêr oan ta, mar it geëamel oer de patat, dat wie my neat. By ús yn de buert siet in knappe snack, dy koe goed patat bakke. Mar yn har eagen wie it neat. Dy tsjokke sloppe Flaamske brot, dat wie pas patat. No, lit se dêr dan mar bliuwe. Der binne hjir al genôch minsken dêr't ik in puntsek fan krij.  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen