SC Hearrenfean? Falske bestjoerders!

Koart krieme: ik bin net bliid mei de nije seisoenskaart fan de SC-Hearrenfean. 'Frysk bloed tsjoch op' stiet ûnder it klubembleem. Dat hie net moatten. De SC is de lêste jierren allinnich yn namme noch de folksklup dy't it wie doe't Riemer, Tjisse, Foppe, Henk en mear fan datsoarte minsken de septer swaaiden.
As der eartiids wat wie, bellen je efkes nei de dame efter de baly en klear kaam it. Mar no liket it ferdacht folle op in bedriuw wêryn't de bestjoerders harren efter tsjokke doarren yn ergonomysk ferantwurde stuollen deljouwe, en gjin boadskip mear ha foar de minsken dy't dizze klup grut makke ha: it folk dat yn waar en wyn op de tribune sit.

As Feanfan yn ieren en sinen wie ik fan doel om de presintaasje fan myn twadde boek, It dak fan de wrâld, yn it Abe Lenstrastadion te hâlden. Like my aardich. Mear as 20 jier in seisoenskaart, dat skept in bân. Boppedat woe de SC har yn it ferline graach as Fryske fuotbalferiening profilearje.
Fotootsje yn de krante, fêste klant skriuwt boek, presintaasje yn it stadion. Sokssawat. No, nee dus. Nei oeverleas hinne-en-wer belje en maile woe de direkteur him der wol ta ferleegje om it kladsje oan te pakken. Dêr kaam it op del. No hie ik net sein dat hy it krije soe, dêr hie ik al lang in oar foar yn gedachten. Lokkich mar, dy wie der wol bliid mei.
Alles yn it stadion wie regele op it trochjaan fan de datum nei. Ik wachtsje noch op in tillefoantsje fan: 'Hoe komt it no?' Hoesa bining mei de supporters? It liket op fleanen.

En no skermje mei de earste rigel fan it folksliet om de domme massa wer te paaien? Dat slagget by my net. O, ja, ik sit der wol wer. En hooplik neist senior, as it slagje mei, mar it gefoel is al in jier as wat oars. Net mear de pest yn ha as der ferlern wurdt bygelyks. Faai teken.
Nee, it komt net omdat ik âlder wurdt, dat hat hjir neat mei te krijen. SC-Hearrenfean sil yntern feroarje moatte wol it wer wurde wat it wie. De supermerkmanagers in skop ûnder it gat en yn rap tempo klupminsken oanstelle, lykas Hansma.

Ik ha mei swarte filtstift besocht om dy kaart te kleurjen, mar dat slagge net. Dy kaart is krekt sa glêd as de bestjoerders fan SC-Hearrenfean, gjin fet op te krijen.      

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen