De airco jonges en famkes fan de Omrop

'No, Pyt, ik soe sizze: einliks waarmte!'

Ergernis! Dy hittepetitten en manlike seurpotten fan de Omrop dy't ferplicht in 'petear' mei de waarman oanknoopje moatte omdat it foaral 'leuk' wêze moat. En dat giet dan fansels oer it útbliuwen fan waarmte wêrfan't 90% fan de minsken hopet dat it net boppe de 30 graden wurde sil. Wat in dom gejeuzel. Se soenen in dei bûtendoar oan it wurk moatte. En dan bedoel ik ek oan it wurk, net mei in longdrink op it terras.

Want it is om mislik fan te wurden. Moarns ride se mei har aircoautookes nei Ljouwert, ferdwine yn in aircostudiootsje en ride 8 oerkes letter mei datselde aircoautootsje wer nei hûs en ferwachtsje dan dat it noch 30 graden yn it skaad fan har mega parasol wêze moat. Omdat we dêr safierhinne dochs wol in bytsje rjocht op ha, no? Gjin idee fan wat gewoane minsken oerdei dogge, seker?
Wylst it prachtich waar is, hast de hiele simmer al. Hjoed ek. En mar eamelje dat we de minsken graach wat moaier waar ta ha wolle. Wy sitte dei oan dei bûtendoar, it is hearlik waar!

Betink ris wat nijs om Pyt oan te kundigjen, of oars: swije is goud.

 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen