Buurtbarbeknoeie

No, we ha it wer hân. De romrofte buurtbarbekjû.

Ik wit dat dit bloch lêzen wurdt troch in oantal buorlju, mei dat in reden wêze om minder kritysk te skriuwen? Nee dus. Net dat der in soad wie om jins galle oer kwyt te moatten, hear. Sterker, in wie mar wat tam juster.
Ik persoanlik siet noch mei de Prednison yn de bealch, dus al te folle sop ha ik net ta my naam. Dat hat in oantal foardielen. Se hoege je net út de hage te fiskjen, en it liket oft je wat beskôgjender nei sa'n jûn sjen kinne. Hat dy wesp dochs noch wat goeds dien, it loeder.
Hawar, op de sigerige wyn en de oerdoasis karaoke nei, wie it net sa min. It iten wie goed, mar de barbekjû ferhipte it om fatsoenlik te baarnen. En dat is no al in jier as wat sa.
Sjoch, op it lêst is der gjin hin mear dy't sjocht oft de baarch no wol of net gear is. Rau fleis sakket ek maklik troch de hals, kôgje hoecht net.

Dus oar jier graach de garânsje dat it kring goed waarm is, ik gean der fan út dat ik dan sûnder medisinen oan it aventoer begjinne kin. Waarvan akte.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen