De Fryske Facebook Revolúsje

Ja, der is wat geande minsken.
Nei yngreven analisearjen fan in stikmannich opinystikken skreaun troch de crème de la crème fan de Fryske skriuwerij, bin ik om. Facebook is it nije biedwurd. Kranten en omroppen dogge te min oan reklame meitsjen, tiidskriften steane ûnder druk, dus dan sels mar los. Merkundersyk hat opsmiten dat je earst in soad freonen ha moatte, dit om it oaljeplak grutter te meitsjen.

No hie ik in stik as 5000 minsken útnoege, mar doe sei Feestboek dat ik fan it net ôfmitere wurde soe as ik ek noch mar ien doarde oan te klikken. Dus pas op de plaats. Mar it begjin is der, en ik ha der grutte ferwachtings fan. Mei nei oanlieding fan al dy troch matsjedoaren opstelde stikken, fansels. Tank dêrfoar.

De kommende tiid sil dizze foto dus geregeld te sjen wêze. Oer fierdere statezjy bin ik yn oerlis mei de meast snelle jonges dy't in pear miljard yn it jier omsette. De iene hjit B. Gates. Dat stie op syn kaartsje. Koe de man net, mar nei in bakje kofje mei in stik sûkerlatte foel er my net ôf. 

Ik hâld jim op de hichte!


 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen