Earste boek

Yn it ramt fan de moanne fan it Fryske boek 2011 kaam it fersyk om in stikje te skriuwen oer it earste Fryske boek dat ik lêzen ha. Klear, dogge we.
Mar doe tocht ik, it earste wie net it moaiste. Net yn it Frysk, en net yn it Nederlânsk. As lytse jonge wie ik wei fan Arendsoog en Witte Veder. (it hynder hjitte Lightfeet?) P. Nowee, jim sille it wol witte. Pinkeltje, Kameleonboeken, De smokkelaars van de Schans, de scheepsjongens van de Bontekoe en Pietje Bell. Machtich.
Mar doe krige ik it earste part fan de trilogy fan Thea Beckman yn hannen. Geef me de ruimte! Ik sloech hast efteroer, sa prachtich fûn ik it. Earst wist ik net dat it in rige fan trije wie, mar doe't ik dêr efterkaam wie de hikke fan de daam.Triomf van de verschroeide aarde as twadde part en Het rad van fortuin as tredde. Dizze boeken ha ik lêzen, wer lêzen en doe noch in kear as wat. Tsjokke boeken, foar ien fan acht, njoggen jier. Mar foar my de moaiste jeugdboeken ea skreaun. En it moaiste Fryske boek? Dêr moat ik nochris goed oer neitinke.   

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen