Literatainment

In roman yn in tweet. Ien fan de ûnderwerpen út DWDD fan it ôfrûne jier. Miskien ha jimme it sjoen. De presintator frege him yn alle earnst ôf, oft je yn ien tweet in roman ferpakke koenen. En nei eltse bydrage fan oer it generaal jonge minsken, dy’t bliid wienen dat se ek efkes har moment of glory ha mochten, in daverjend applaus. En Jan Mulder mar knikke.
De diskusje oer de literatuer moat ditsoarte ûntwikkelings net negearje. De tiid nimme om in stik te lêzen, en der dan ek noch wat fan fine, no, ik wit it net. Der sille altyd guon bliuwe dy’t dy ynteresse ha, mar de wrâld leit der wol wat oars hinne as foar it ynternet. Doe wienen kranten en boeken net wei te tinken, no leit dat wat oars.
As ik sa om my hinne sjoch, binne der mear hûzen dêr’t de krantejonge oan foarbyfytst, dan dat er der in krante yn de bus smyt. De kompjûter stiet prominint yn de keamer, en is de hiele dei oan. Krekt as de TV. Bylden kinne hurder ferwurke wurde as teksten. It is makliker. Junior hat mar ien hân dy’t se brûke kin. De oare hâldt in mobyl fêst.
E-books, ynternet en Ipads. Sa lang der stroom is, sil de jongerein dêr har ynfo op sykje. In pear útsûnderingen binne der altyd, mar ik ha it oer it gros. Dus is it net sa dreech, dêr sil de (Fryske) taal mear oanwêzich wêze moatte, wolle wy him yn stân hâlde.
En lekker flot, net dom stampwurk, want dat wolle se net mear. Literatainment.

Dit is fansels in gruwel yn de eagen fan de measte puristen. It is in kar dy’t je meitsje. Je kinne ek gewoan trochgean mei it skriuwen fan de meast heechsteande literêre wurken, en stikem hoopje ik dat der ek sokke skriuwers bliuwe sille. Fêst wol. Dy sille der dan wol rekken mei hâlde moatte dat de ferkeap yn in omkaft on demand wurde sil. En dat de omset lyts is. Dat is gjin skande, mar wol in gegeven. De minsken wolle fermakke wurde, hap-snap.
Tusken de Linda en pak em beet De maagd Marino sit in soad romte, dus plak genôch om te boartsjen.

By skriuwers moat de kachel ek baarne. Dat is yn de sabeare wrâld fan it WWW wol in noedlike saak. Delhelje nei in iDeal transaksje? Der is ek in wrâld fergees te krijen.
En dan noch it Frysk, och heden, it Frysk. Dêr is al sa’n soad oer sein. Der binne mar twa minsken op dizze wrâld dy’t it Frysk rêde kinne. Heit en mem. En miskien juffer en master, mar dy sizze hjir de tiidwurden ek al ferkeardom.            

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen