Waarm

It hat in pear oerkes duorre, mar ik bin wer aardich op temperatuer. Meastal is in bak patat op it fuotbalfjild foldwaande, hjoed net. It wie stjerrende kâld yn Burgum. Hurde wyn en rein, it hat in kop sop en in pear gehaktballen koste om my wer by te waskjen.
Der waard ek noch balskopt. Troch in stik as âlve eilânbewenners út Spanje. Tiktiktik, en frij foar de keeper. Leau net wat der yn de kranten komt. Se spilen op heale krêft, en dat wie rom tarikkend. Ik wie der al bang foar, it liket op it ôfrûne jier. Foppe en Riemer wienen der ek, ik wol net leauwe dat de mannen in leuke jûn hân ha. Sels de foarsitter wie der. Yn in kolbêrjaske. Dy sil no noch wol yn in hite tobbe sitte om te ferwurkjen wat er sjoen hat. Ik sil gjin nammen neame, mar it lofter rychje? Dat wurdt in hiele toer, sa is it al. En oan de manlju om my hinne te hearren bin ik net de iennichste dy't der sa oer tinkt. Leukste opmerking fan de jûn: De hear De Haan út Nes kaam foarby, ien fan de omstanners spruts de folsin: 'Sjoch, dêr ha we de nije trêner!' Benijd oft er gelyk hat.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen